Beart Oosterhaven

Stiennen mei kraskes

logo.ensafh

‘Drank, drugs, seks, leafde, froulju, freonskip, oerhoer en leafdespine: der is net in band dy’t de rock ’n’ roll better libbe, belibbe, skreaun, beskreaun en op wûnderbaarlike wize oerlibbe hat as de Rolling Stones.’
Dat skriuwt oersetter Hein Jaap Hilarides op ’e earste side fan it boekje dat heart by de cd Stones yn it Frysk fan The Hangouts, dy’t op 20 april lêstlyn presintearre waard yn Poadium Asteriks te Ljouwert.

Tredde cd

Nettsjinsteande alle krektneamde, foar de ‘gewoane man’ faaks funeste yngrediïnten om in minskelibben ta in útdragen ein te bringen, bestiet de Britske band The Rolling Stones noch altyd. Yn jannewaris fan dit jier wie it fyftich jier lyn dat de groep oprjochte waard! Reden foar de Ljouwerter groep The Hangouts, dy’t wat harren sound oanbelanget altyd al yn ferbân brocht waard mei de Stones, om in album te meitsjen mei Frysktalige wjergaders fan nûmers fan harren Britske helden.
Stones yn it Frysk is de tredde cd fan The Hangouts, nei Blow The Dust Off (2007) en Paris Shoes (2010). De band bestiet út: Einte Bijlsma (sang), Roelof Reineman (gitaren, dobro en mandoline), Martijn Smilde (gitaren), Gilian de Wit (basgitaar) en Hendrik Elings (drums, perkusje en sang). Foar ûnderskate nûmers op harren jongste cd krigen se stipe fan gastmuzikanten, nammentlik fan oersetter Hein Jaap Hilarides sels (piano), Anne-Arjen Blanksma (bluesharpe), Jan de Vries (akkordeon), Kees Romers (saksofoan), Jan Huitenga (fioele), Frank Bergkamp (oargel), Jurgen Schotanus (trompet) en ’e sjongeressen Gerda Okkema, Carin Seegers en Elly May.

Bekende nûmers
Op Stones yn it Frysk steane 12 nûmers. Lykas sein, binne alle teksten fan ’e hân fan Hein Jaap Hilarides, dy’t fan-hûs-út Biltsktalich is, mar te Amsterdam Frysk studearre hat. Hilarides krige ‘tekstadvys’ fan Gysbert Japixpriiswinner en Stones-leafhawwer Piter Boersma fan Wiuwert.
De allergrutste hits fan ’e Stones, lykas ‘It’s All Over Now’, ‘(I Can’t Get No) Satisfaction’, ‘As Tears Go By’, ‘Paint It Black’, ‘Jumpin’ Jack Flash’, ‘Honky Tonk Woman en ‘Angie’, sil men om ’e nocht op ’e cd sykje. Dat wol net sizze, dat op Stones yn it Frysk gjin bekende nûmers fan dy band te hearren binne. De Fryske ferzjes fan ‘Brown Sugar’, ‘Tumblin’ Dice’, ‘Gimme Shelter’, ‘Wild Horses’ en ‘Dead Flowers’ sille by gâns harkers skillen oan it rinkeljen sette. Mar The Hangouts en Hein Jaap Hilarides hawwe ek minder bekende Stones-nûmers ûnder hannen nommen, lykas ‘No Expectations’ en ‘Factory Girl’ fan it album Beggars Banguet (1968), ‘All Down The Line’ fan Exile On Main St. (1972), ‘Crazy Mama’ fan Black And Blue (1976) en ‘Sad Sad Sad’ fan Steel Wheels (1989). De measte nûmers dy’t útkeazen binne, komme út ’e perioade 1968-1972. It album Sticky Fingers (1971) is mei trije stikken de hofleveransier.

‘Op de wize fan’
Fan Sticky Fingers ôfkomstich is ek it iepeningsnûmer fan Stones yn it Frysk: ‘Blond famke’. Dat is de Fryske ferzje fan it niiskrekt al neamde ‘Brown Sugar’. Doe’t ik Hein Jaap Hilarides syn tekst yn it cd-boekje neilies (want dy is fan ’e cd sels ôf amper te ferstean; ik kom dêr dalik op), waard ik kjel. ‘Blond famke’ is ommers perfoarst gjin oersetting fan ‘Brown Sugar’! En wat tinkt jimme, as lêzers, fan ’e tredde strofe fan dat nûmer? Dy giet by Mick Jagger/Keith Richards fan ’e Stones sa:

I bet your mamma was a tent show queen
And all her boyfriends were sweet sixteen
I’m no schoolboy but I know what I like
You shoulda heard me just around midnight

Mar Hein Jaap Hilarides hat dêr ditte fan makke:

Ik wedzje, mem wie krekt sa fûl
En at it der op oan kaam like koel
Ik bin gjin keatser, mar ik wit dat it sa is
Rekkest de ballen at in oar se mist

Hilarides hat dus it frij nommen en meitsje fan it ûnderwerp út ‘Brown Sugar’ in ‘Blond’ (net ‘Ljocht’, dat gever Frysk west hie, B.O.), keatsend, ‘famke’. It iepeningsnûmer fan Stones yn it Frysk is, mei oare wurden, in nûmer ‘op de wize fan’, sa’t foar brulloften en partijen ek gauris besteande wizen brûkt wurde om ynhâldlik hiel wat oars op nei foaren te bringen. Te uzes hat Melvin van Eldik soks alris fertoand op syn album Un held út de Meenthe (2005), dat fol stiet mei ‘Liwwadder teksten op melodietsjes fan hits út de jaren ’60, ’70 en ’80’. Ik mei út noch yn net oer sa’n wize fan ‘hertalen’, om’t dy alhielendal gjin rjocht docht oan ’e (auteur fan ’e) grûntekst. It is as makkest fan in bibelboek in Suske en Wiske-oersetting.

Fakman-oersetter
‘Blond famke’ is aldergelokst net eksimplarysk foar de oare oersettings fan Stones yn it Frysk. Dy folgje nammentlik oer ’t generaal wól moai krekt de teksten fan Jagger/Richards. En Hein Jaap Hilarides lit yn dy oersettings ek geregeld sjen, dat er in leafhawwer is fan stylblomkes. In pear foarbylden: ‘… fan dit minne liljen begjinne myn fuotten te triljen.’ (út: ‘Rôljende stien’/‘Tumblin’ Dice’); ‘Kriich, berntsjes, is mar / in skot hjirwei.’ (‘Jou my smoute’/‘Gimme Shelter’); ‘Fuort is ’t fertrouwen, / gûld wurdt der moarn. / Litte wy libje, / de leafde is stoarn.’ (‘Wylde hynders’/ ‘Wild Horses’); ‘In lyk donder’t út de kast wei / en tjirr’t him wakker op dy út. / Ik sjoch der nei út bêd wei, / dyn triennen driuwe my dêr út.’ (‘Min, min, min’/‘Sad Sad Sad’). As men sokke rigels lêst, wit men, dat men mei in fakman-oersetter te krijen hat.

Min te ferstean
Mei opsetsin skreau ik yn ’e rigel hjirfoar ‘lêst’. In grut beswier fan/tsjin Stones yn it Frysk is nammentlik, dat de nûmers 1 oant en mei 4 en nûmer 12 striemin te ferstean binne. My tinkt, dat komt, om’t sjonger Einte Bijlsma net in native speaker fan it Frysk is. Dat is er fansels ek net fan it Ingelsk, mar by de hjirboppe al neamde eardere albums fan The Hangouts falt soks minder op. Op Stones yn it Frysk sprekt Bijlsma bygelyks de ‘a’ yn wurden as ‘fan’, ‘al’ en ‘ballen’ steefêst út mei de ‘a’ fan ‘appel’ en net, sa’t it heart, mei de ‘o’ fan ‘top’. Soks hie yn ’e studio noch rjochtset wurde kinnen, as de producer wól in fan-hûs-út Frysktaligen-ien west hie. Mar dat wie, yn ’e persoan fan David Sherman, net it gefal. Om’t Sherman him benammen op ’e muzyk konsintrearre hat, is de sang fan Bijlsma ek tefolle efter yn ’e mix bedarre, mei as gefolch de oanjûne minne fersteanberens.

Écht moai
Muzikaal doocht it allegear wol by The Hangouts. De leden fan ’e band binne stik foar stik betûfte muzikanten, dy’t harren mei harren gastmuzikanten op in plezierige, ynformele wize troch it erfgoed fan ’e Rolling Stones hinne wurkje. Op it stuit dat de elektryske gitaren foar in part ynruile wurde foar elektro-akoestyske eksimplaren, te begjinnen mei nûmer 5 ‘Wylde hynders’ (dêr’t ek in pracht fan in oargelpartij fan Frank Bergkamp yn sit), en fierder yn ‘Gjin fidúsje’/’No Expectations’, ‘Deade blommen’, ‘Arbeidersfaam’/’Factory Girl’ en ‘Skarreltsje’/‘Backstreet Girl’, wurde de nûmers fan Stones yn it Frysk sels écht moai! Yn dy stikken is wat Bijlsma sjongt ynienen ek goed nei te kommen.

Cover-cd’s yn it Frysk
Brel, in Fries (1989) fan Douwe Heeringa wie in knappe iepener fan ’e al mar langer wurdende rige cover-cd’s yn it Frysk. Dylan yn it Frysk (2004, 2005 en 2011) fan Ernst Langhout/Johan Keus en oaren, mei foaral oersettings fan Harmen Wind, wie hartstikke goed; Cohen yn it Frysk (2008) fan ûnderskate tekstleveransiers en artysten, mocht der wêze; Vreeswijk yn it Frysk (2006 en 2010) fan Piter Wilkens, wie poerbêst; Cash yn it Frysk (2011) fan allerhanne oersetters en útfierders, wie foar de helte goed en Status Quo yn it Frysk (2012), troch in goed ynspile gelegenheidsformaasje en mei teksten fan Wiebe van der Mei, smakke ‘mearich’.
Hoewol’t op guon tuskenlizzende ‘stiennen’ yn it pearelsnoer dat The Hangouts en Hein Jaap Hilarides no reaun hawwe mei Stones yn it Frysk, sa’t hjirboppe fêststeld is, in pear kraskes sitte, is it jongste album fan dy Ljouwerter band in skoandere oanfolling op ’e krektneamde rige.

The Hangouts: Stones yn it Frysk (cd); Marista; Dronryp 2013. ( www.hangouts.nl )

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *