Daam de Vries

Plasse

logo.ensafh

Neat mis mei de titel, soene jo sa sizze. In plasse, yn guon kontreien ek wol puozze neamt. Soks mei. Noch. Al sille beide wol bestean bliuwe, de klaaiske fariant kin moai foar ‘ferstân’ reservearre wurde. Hat elk wat. Of elk krijt wat him takomt, dat soe ek kinne. Mar wy moatte gjin spul ha fansels.

It ferskaat rekket der dan al justjes krekt in bytsje út. Guon achtsje dat yn it ramt fan de goede saak net sa’n probleem mar der is folle mear mei dy plasse anneks. It is net allinnich in ferearming mar in streekrjochte devaluaasje fan it taaleigen en last but not least in oanslach op de eigenwearde.

It folk dat dit tastiet ferbiedt mar dit en mar dat. ‘Wiif’ meie wy winliken ek al net mear brûke. ‘Moai wyfke’ kin noch krekt, mar binne jo it ris net mei de frou iens dan kinne jo net mear sizze ‘Slaande deilis mei it wiif’.

‘Dat is in geil wiif’ kin noch hinnebruie oan rûne tafels op beskate plakken, mar oars hat ‘wiif’ mar wat in negative betsjutting krigen. ‘Frommis’ liket deselde kant wat út te gean. It lytsere ‘frommiske’ dêrfoaroer is freonlik. It duorret noch krekt efkes dan docht it Fryske ‘frou’ it rûnom och sa goed en ‘mefrou’ noch folle better. Allegearre tuskenfoarmen foar ‘vrouw’. Om’t ‘wiif’ ferbeane kost is.

Wat is der yn de leave frede mis mei ‘wiif’? En wêrom hat nimmen it mear oer in ‘knyft’? It Hollânsk oankrûpe? It liket wol huorkerij. En alles dat net yn dy heimlike leafde (?) past ûnbeskoft.

Ik slach op ’t heden in soad yn de hynders om. Sa’n sin soene jo jo hast skuldich oer fiele want Fryskpraters hawwe it hjir al oer ‘dat is in leaf paard’. Soks wurd ik sa allemachtich kûgelsk fan dat ik fan de weromstuit it ‘hoars’ weryntrodusearre ha. Sjogge se jo earst al ris op en del oan mar it went wol. It is mei dat hynstefolk krekt as moatte jo in soarte fan hôftaal brûke. Dêr binne se sels ek aardich mei oan want it hoars hat no ynienen ‘voeten’ om’t ‘poaten’ net mei en se blykber noch nea fan ‘skonken’ heard hawwe. De holle fan it bist neame se hjir in ‘hoofd’ wat my dan wer praat út in hynstekop liket.

Hoe’t sok folk it op termyn mei de siswizen hawwe sil, sil my nij dwaan. Jo kinne de saken eins hielendal net mear beskriuwe sa’t jo wol wolle soene. Stel, jo hawwe in net al te snoad wiif, dan moatte jo dus sizze: ‘dom paard’. Of jo sitte oanklaud mei immen dy’t nearne om jout: ‘blyn paard’. Ik wit net hoe’t it jo oankomt mar ik reitsje wat fan ’t hynder mei al dat paard-gedoch.

Wy binne der lykwols noch net. Want wat dogge alle ‘paarden’, dom, blyn of noch wat oars? Ja krekt, se mige. Soks hat yn myn belibbing benammen te krijen mei de kwantiteit, oars koene jo it ek wol pisjen neame. Ha jo ris goed oan de drank sitten dan moatte jo ek mige. Sit Piet der op in oars moaie dei mei sinneskynwaar finaal neist dan miicht it der samar hinne. Dat is de natoer, neat negatyfs oan.

Hjir is dat oars. Komme de ‘paarden’ op stâl, stiet it folk der nei te sjen. ‘Sjoch, dat is altyd sa, dat paard moat earst plasse’.

Domme wiven, hoe krije se it yn de plasse!
O ja, ear’t ik it ferjit: As Piet it mis hat, wurde jo dan oan de sek ta troch wiet? Of moat dat ek wat mei in plasser wurde? As it safier komt dan wol ik graach in plasse bôle. Mei hynsteljirre.

Oarsom komt ek foar. Ut de tiid rekke wurden komme foar it ljocht en dêr binne lju oer gear dy’t mear as sljochtweihinne leard ha oer gear. Hjir te uzes – al wolle se ha dat it by Berltsum is – ha wy in kassegebiet krigen. It hoarslân (en nee, dat is net troch my weryntrodusearre mar bestie echt) is de lokaasje en de dyk dêrtroch hinne hjitte de Hoarslânsdyk. Dêr is noch mar in lyts stikje fan oer bleaun.

De nije dyk dy’t der leit ha se De Bodde neamd. Dat komt fansels fan ‘bodzje’. Ik ha in soad yn it hoarslân omslein, sawat fan myn tolfte oant myn tweintichste. Yn de hiele omkriten hjir is nearne sok licht lân te finen as krekt dêre.

En dêr wurdt no bodde? It wurdboek seit dit der oer: ‘mei muoite oer de kluten rinne’ en ‘dan strûpt de grûn foar it boerd op, wurdt net ôffierd’. Wêrom tinke de heechlearde dames en hearen eins dat de dyk dy’t by it gebiet lâns rint ‘Sânwei’ hjit?

Soks kinne jo allinnich krije as bodzjen devaluearre is ta kantoarwurk, jo in wiif allinnich noch op de Weaze fine, arbeiders gjin knyft mear yn de bûse hawwe meie, jo yn de sek naaid wurde troch Bûterhoeketaalnifelders en de masters en juffers bern net mear fersteane as se freegje oft se wol efkes pisje meie om’t harren troch heit en mem bybrocht is dat se noch net oan de drank meie.

Wis, ik bin flak foar Europa. Hjir by ús kinne de poaters lykwols wol om de trije jier op itselde stik. Om’t wy hjir yn in wiete rite plassen ha dy’t op wâld- en sângrûnen sa net foarkomme. Dat is net goed foar it gewaaks mar ik wol graach dat dat sa bliuwt. Dat se moatte dêr yn Brussel as de bliksem sjen dat se dy taalterroristen opromje. Dy poaters rêde wy wol mei.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *