
Jûn oer stavering en standertwurdlist, 28 juny 2013
It wie in rûzige, reinige jûn yn midsimmer dat Provinsje en Fryske Akademy in iepenbiere diskusje belein hiene yn It Aljemint. De boppeseal fan de Akademytsjerke like hast twatredde fol te sitten mei belangstellenden foar de staveringsferoaring en skriuwtaalstanderdisearring. Meastepart frisisten en frisiasten, tastreamd yn de hope op ferljochting oer dizze kwestje dy’t no al twa moannen safolle tongen, pinnen en kompjûterkaaibuorden losmakke hie. Wat skriuwers, in stikmannich studinten. En ek in nustje Steateleden, sij it net fan alle partijen (bywêzich wiene wurdfierders fan PvdA, FNP, CDA, VVD, CU en GL).
Oer dizze staverstriid is kontra en pro ûnderwilens in dossier opinystikken folskreaun mei de omfang fan in foech âld boereroman. Jo kinne de artikels neilêze yn dit troch Henk Wolf sammele online-argyf.
Omropman Gerard van der Veer wie troch it provinsjebewâld ynhierd as oaninoarprater. Provinsje-amtner Harmen Akerboom iepene de jûn mei in oersjoch fan it beslútfoarmingsproses oant no ta. Op 24 april lêstlyn is in foarriedich beslút nommen oer stavering en wurdlist, die er witten, noch gjin definityf beslút. Ut de stikken soe misbegryp ûntstien wêze: neffens Akerboom kriget de standertwurdlist gjin ferplichtsjend karakter, en regionale farianten wurde net ferbean. De stavering, hoe’t se úteinlik troch Provinsjale Steaten (ein ’13, begjin ’14) oannommen wurdt, sil ferplichte wêze, mar de standertwurdlist dus net. Dat soarge foar wat fernuvering by de dossierkenners yn de seal: wie no ynienen ien fan de twa hite hingizers út de wei? It like derop dat de wankende skriuwtaalferplichting foar oerheid en ûnderwiis fuort wie – alteast yn de amtlike ynterpretaasje fan de opdracht fan de Provinsje oan de Akademy. In nije ûntwikkeling dêr’t ek in oanwêzich Steatelid mylde fernuvering oer útspruts neitiid.
Anne Dykstra fan de Fryske Akademy begûn syn praatsje mei de persoanlike noat yn mineur dat 3 april ll. (steatekommisjegearkomste oer it FA-advys) foar him in tryste dei wie: gjinien wie kommen om yn te sprekken oer de oansteande staveringsferoaring. Koe it Frysk de lju sa min skele? Dykstra gie fierder mei in ferdigening fan it standerdisearjende karakter fan de wurdlist, wêrby’t er fleurich dialekt-Frysk prate by sheets yn skriuwtaal-Frysk. It Standertfrysk is yn de lêste ieu, fan Waling Dykstra syn wurdboek (klear yn 1911) oant it Frysk Hânwurdboek fan 2008, hieltyd stranger wurden. Doe yn 2008 wie der gjin reboelje oer de folle strangere standert, wêrom dan no fiif jier letter, retoarysk frege Anne Dykstra. De nije staveringshifker wurdt hiel moai (in lytse demonstraasje troch Dykstra): hy hâldt rekken mei standert- en njonkenfoarm, en hy kin – unyk yn de wrâld! – Hollânske ynslûpsels detektearje. En, o ja, de stavering sieten ek noch wat fouten yn, en dy hawwe wy mei ús advys oplost en it Frysk wurdt dêr better fan, fytste Dykstra oan ’e ein fan syn presintaasje noch gau even trochhinne.
Dêrnei Henk Wolf, út namme fan de tsjinstanners fan staveringsferoaring en standertwurdlist. Neffens him helpe dy maatregels it Frysk net foarút. In standerdisearring fan boppe-ôf soe te’n ûnrjochte regaad meitsje mei libbene en algemien akseptearre Fryske wurdfarianten. By eintsjebeslút soe bygelyks in ferplichte kar foar ‘brâne’ boppe ‘baarne’ (soks stiet no yn it FA-útstel) minsken júst fan de Fryske skriuwtaal ferfrjemdzje. It feroarjen fan de stavering soe hiel neidielich wêze omdat it skea bringt oan it wurdbyld dat Fryskskriuwers troch de tiid opboud hawwe, en om’t alle earder skreaune boeken dêrtroch ‘fout’ wurde. It stânpunt fan de tsjinstanners fette Wolf gear as: 1. de Fryske Akademy skriuwt moaie wurdboeken en moat dêrmei trochgean, 2. in Grien Boekje foar it Frysk as list foarbylden fan de besteande stavering is in poerbêst plan, 3. in nije staveringshifker krekt allyksa, 4. der moat gjin staveringsferoaring komme en gjin fan boppe-ôf opleine fierdere standerdisearring fan de skriuwtaal.
Nei it kofjeskoft in foarumdiskusje mei fragen út de seal. By Dykstra en Wolf oan tafel skoden Goffe Jensma (prefester) en Koen Eekma (Afûk-direkteur) oan. Fraach ien: moat der in staveringshifker komme, dy’t yn safolle mooglik programma’s, ynklusyf de sosjale media, brûkt wurde kin? Ja, fansels, elkenien it oer iens.
Dêrnei bruts it striidpraten echt los. Foar- en tsjinstanders fan de standerdisearring oppenearren har. It wie by de diskusje eins as hie Akerboom foar it skoft nét sein dat in standertwurdlist net ferplichtsjend wurde soe. Fan Afûk-direkteur Eekma foel op dat er net bot foarstanner bliek fan in standerdisearring dy’t net droegen wurdt troch de taalbrûkers sels. Der waard omraak dit fûn en dat fûn fan wat it Griene Boekje wêze moast (allinnich de standert! nee, mei safolle mooglik farianten!). Net elkenien hie foar it each dat dat Boekje allinnich digitaal wêze soe. Guon foarstanners fan de strange standert, lykas Willem Visser en Fedde Dykstra, besochten it sa foar te stellen as soene de tsjinstanners fan de standertwurdlist tsjinstanners fan de besteande Fryske standerttaal wêze. En de tsjinstanners sprutsen mar delbûgjend oer de kwaliteit fan it Fryske ûnderwiis, mienden guon. Mear yn it lichtere sjenre pasten de optredens fan âld-steatelid Bareld de Vries, dy’t entûsjast herinnerings ophelle oan 1976, en wol wollen hie dat se doedestiids al sokke moaie staveringshifkers meitsje koene. Steatelid Ingrid Wagenaar frege har ôf oft jo de hifker ek ynstelle kinne soene op ‘Wâldfrysk’. Skriuwer Ferdinand de Jong en oaren woene hawwe dat der in soarte fan ‘tydlike’ hifker kaam, op basis fan in wurdlist yn ‘âlde’ stavering.
De jûn wie al hast ferrûn, doe’t de stavering sels noch op it aljemint komme moast. In protte tiid wie dêr net foar oer bleaun, dêr’t it ynhâldlike al wat fan te lijen hie. Fedde Dykstra priizge de “lytse feroarings” as in “grutte ferbettering”. Oersetter Klaas Bruinsma pleite derfoar en kom op foar de belangen fan de Fryske basisskoallebern: perfoarst gjin feroarings yn de stavering. (It spiet de skriuwer fan dit ferslach nei ôfrin dat er, flak foar de ein, net frege hie oft elkenien dy’t gjin doel seach yn in staveringsferoaring de hân even opstekke woe…)
Deputearre Jannewietske de Vries sluet de jûn ôf. It hie “net in stikeme proseduere” west om ta in stavering en standert te kommen, ferdigene hja. It is in saak fan “mei-inoar fierder” om foarút te gean mei it Frysk. Der kin in foarriedige staveringshifker komme foardat der in Grien Boekje is. De oanpassing fan de stavering is “in saak foar taalkundigen”, dat dêr soe se no fierder neat oer sizze, mar it ûnderwiis “moat hjir in stim yn ha”. Oer de stavering moat der in “breed droegen” advys oan Provinsjale Steaten komme.