
It fersyk om in protestbrief te ûnderskriuwen wie op in meeladres terjochte kaam dat ik hast nea brûk, sadwaande reagearje ik wat let op in oprop oan Provinsjale Steaten tsjin de nije staveringsfoarstellen. Hawar!
Yn it algemien haw ik neat tsjin ferbettering fan de stavering fan in taal. Mar hiel faak is der gjin sprake fan ferbettering, wurde nije regels net konsekwint tapast en ûntsteane hieltyd wer oare útsûnderingen. Wat in ferbettering wurde moast blykt in nije tizeboel op te smiten. Sjoch wat in rommeltsje se der yn it Nederlânsk fan makke hawwe mei dy n fan ‘panne[n]koek’!
In libbene taal is net in kreas betocht spultsje. Taal is bytiden bryk, krûm, ferrassend, ûnbegryplik, plat, lyrysk ensfh. Dêr falt neat oan te dwaan. De minsken geane dochs wer op ’e rin mei de taal, de taal is net fan saakkundigen, mar fan de brûkers. Moai ynkonsekwint is bygelyks it tele/tille-ferskynsel. Guon wurden krij allinne tele, oaren allinne tille en dan is der noch in kategory dy’t tele & tille beide foarop sette mei. Dat soe wol wat ienfâldiger kinne, mar wat kin ’t skele, de ien wol dit, de oar dat. wêrom soene wy ús fêstlizze yn griene boekjes, yn wurdboeken yn stiennen tafels leafst. Soe it Frysk brûkt wurde foar de kommunikaasje tusken fleantúch en ferkearstoer of yn de operaasjekeamer, dan soe men wat rjochtliniger wêze moatte. No is der neat op tsjin en jou de minsken de frijheid om te praten en te skriuwen sa’t se mar wolle.
Wat makket it út oft immen tillevyzje of tillefyzje skriuwt? Of kemper foar camper, meel foar mail, ks foar kompakt skiif/cd of reels foar rails. En is it net aardich as der ris hiel gewoane wurden brûkt wurde, mar dy’t jin net begripe? Doe’t wy yn Aldwald te wenjen kamen kaam der in skarrelder oan ’e doar. Oft ik ek weinrodden [syn dees klonken hast as tees] hie. Ik sei nee, mar wist net wat it mantsje bedoelde. Ik hold it mar foar Wâldpiketaal. Krekt as De Westereen en in stikje bole. Yn myn wurdboeken kin ik weinrodden net fine.
Trinus Riemersma brûkte foar de Reade Bwarre in hiel eigen, tige ôfwikende stavering. Dochs is it boek útroppen ta it bêste dat de Fryske literatuer fuortbrocht hat. As dat kin wêrom soene gewoane lju dan net de frijheid hawwe sels te besluten oer de tillefyzje/tillevyzje-kwestje en oare staveringsstikken?
De iennige oplossing om wyldgroei, dûbelsinnichheden, ynkonsekwinsjes, yn de stavering tsjin te gean is alhiel op ’e nij begjinne. Lear Esperanto of in oare keunsttaal. Dan stiet it hoe en wat fan it begjin ôf oan fêst. Dochs doar ik te wedzjen dat it gjin hundert jier duorret en der ûntsteane dochs wer nuvere útsûnderingen, ynkonsekwinsjes yn de stavering. Dat is it moaie fan taal! Och, eins binne dy staveringspetearen neat mear as nifelwurk, it hat net folle om ’e hakken.
It wurdt pas echt ynteressant as de yngreep wat djipper dolt, lykas dat snoade jonkje docht yn in ferhaal fan Gust Gils. Hy moat neibliuwe op skoalle om’t er syn spraakkeunstoefening net klear hat. Hy seit: ‘Ik vragen mij af waarom het moeilijk moeten als het eenvoudig ook kunnen, ik vinden dus dat die hele vervoeging overbodig zijn.’ Hy freget master oft dy it mei him iens is, is syn idee ûnreedlik? ‘Neen, dat vinden ik niet, zeggen meester, al geven ik toe dat ik het nog nooit zo bekijken hebben. Gij hebben gelijk, daar vallen heel veel voor te zeggen.’ Mar as master de ymplikaasjes yn him omgean lit mompelet er: ‘Ik zullen wel gek wezen. Als men de vervoeging afschaffen zitten ik zonder werk.’