Ferdinand de Jong

Fakânsje

logo.ensafh

Wy bedarje stadichoan wer yn de foar de measte minsken moaiste dagen fan it jier. De fakânsje. Al moannen binne der ferhalen oer wêr, hoe en hoe lang te hearren.

Om it daliks mar te sizzen: Ik fyn it de meast dramatyske tiid fan it jier. De tarieding is in ramp. It is no amper tsien oere moarns en ik ha de airco al neisjen litten, it lampke fan de airbag knipperet net mear en ik ha al in ôfspraak oer in dakkoffer makke. Dat wie ek al wer stress, want yn myn ûnskuld tocht ik dat soks noch wol koe, in pear dagen foardat it feest begjint. ‘Jou dy mar efkes del, dan komt de teloarstelling net sa hurd oan,’ sei de man dêr’t ik ferline jier nei folle tefredenheid sa’n aërodynamysk gedrocht fan hierde. Lokkich bin ik ZZP-er, dy kinne yn ’e regel mar in wike fuort, dus wie der noch in koffer foar my. De frou des huizes beheart it spul, de kombinaasje fan myn moaie krollen en myn leave blauwe eagen hat grif de trochslach jûn. Yn gedachten seach ik my al troch Noard-Nederlân fleanen om hjir of dêr sa’n ding op de kop te tikjen, mar dat is no net oan de oarder.

Goed. De auto sil efkes neisjoen wurde moatte op de needsaaklike floeistoffen, sûnder dat wol sa’n ding net. Allegearre ekstra wurk, as je it net dogge en earne healwei stiet it ding stil, komme der ferwiten. ‘Hiest dêr wol nei sjoen?’ Jim snappe it wol.
Dan is der noch it gewoane wurk. Dat stelle jo sa lang mooglik út, want de wike dy’t folget dogge de kabouters gjin loop mei de gersmeaner. Dus de lêste dagen foardat jo fuort geane, wurkje jo josels in slach yn de rûnte, om dan nei in net al te bêste nacht (Ha ik dit wol dien, ha ik dêr wol om tocht…) fleurich yn de auto te stappen. Wat in feest. Fansels ferjitte jo ien totaal ûnbelangryk dinkje, dat wurdt de rest fan de dagen dan útfergrutte oant it grutter as in blauwe walfisk is. De rest is folslein net wichtich, dat iene domme ding hie mei moatten. En dêr hie heit om tinke moatten.

Jo komme oan op it plak fan bestimming, wolle efkes kalm op ferhaal komme, dan begjint de stress past echt. Want der sil al iten wurde moatte. Leafst op de gewoane tiden, oars wurdt de famylje De Jong wrantelich. Tiid is tiid, no? Dus komt it der op del dat neidat jo de bek ferbaarnd ha oan in te fluch opdronken bakje (minne) kofje, de amper ôfkuolle auto wer opstarten wurdt om nei de supermerk te gean. Dêr leit it guod net op it plak sa as dat thús is, dus ferjitte jo ek hjir ien folslein oerstallich lyts kloatedinkje, mar dat wie no krekt it wichtichste dat yn it jûnsmiel brûkt wurde moast. Mei oare wurden, de dei kin om jo net gau genôch om wêze. Nei in pûde sjips en in glês as wat reade wyn jouwe jo de moed op en gean op bêd. Nei fiif minuten ha jo wol troch dat jo better de ruten net iepen sette kinnen hienen, de keet fol mei gnob dat jo narje wol troch jo bloed te drinken. Treflik. Mear dea as libben wurde jo de oare moarns wekker en spiele de ellinde fan jo ôf. De dûs is ek net wat it thús is.

Wolle jim noch witte hoe’t de rest fan de wike ferrinne sil?

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *