
De Bres, Ljouwert, 10 septimber 20:00
Ein maaie hat de advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis de shortlist mei sân dichtbondels publisearre. Op it boekefeest yn Tresoar op 13 septimber wurdt de priiswinner bekendmakke; de priisútrikking sels is op sneontemiddei 12 oktober yn de Martini yn Boalsert, tagonklik foar elk (wol graach oanmelde by Tresoar).
Yn De Bres yn Ljouwert is op 10 septimber in literêre jûn oer de Gysbertnominaasjes.
* It wurk fan alle sân nominearren komt oer it fuotljocht. In oantal dichters presintearje sels har wurk, by oaren komt in leafhawwer oan it wurd, en dêrnêst wurdt gebrûk makke fan argyfopnames, sawol lûd as byld.
* De sjuery fan de oersetwedstriid makket de priiswinner(s) bekend en de oersetter lêst foar.
* Presintaasje fan nominearre dichtwurk yn de Ingelske oersetting fan Anthony Paul.
* Jelle van der Meulen (‘Friese literatuurpagina’) en Piter Boersma (Ensafh) jouwe har oardiel oer de nominaasjes en meitsje dúdlik wa’t neffens har de priis ha moat.
* Mear details folgje nei de simmerfakânsje.
De Bres, Schoolstraat 4, 8911 BH Ljouwert
058 – 289 39 66
Start programma 20:30 oere, ynrin 20:00.
Yntree: € 5,–
Organisaasje: Tresoar