Skermer

Fier fuort

logo.ensafh

Wûnderlik, ik fiel my hiel fier fuort. Ik sit wol yn myn keamer, achter myn kompjûter, mar ik bin der net.
De wierheid is neffens my, dat ik fierder fan ’e ierde ôf bin as Neptunus.
Dêr ha ik dan mear as tolve jier oer dien.
It is fassinearjend wat him yn jins holle foardocht.
Ik ha fansels ferlet fan stilte en leechte.
Dat wat bin ik bliid dat ik dy ôfgryslik grutte Neptunus mei al syn moannen en ringen foarby bin.
Myn grimelgrammelpineholle ebbet no wei.

Om’t ik dit opskreaun ha.
Om’t ik it sinnestelsel ferlitten ha, al is it ek mei pine yn it hert.

No lês ik it noch in kear:

‘Fryslân kulturele haadstêd. Bliuwt dat by in dream? Net as wy allegear mei-inoar de skouders derûnder sette … – presintaasje fan de koers dy’t Fryslân farre wol – ferkenning hoe’t wy it reiskema mei-inoar realisearje kinne’

Ik mien mar dat ek foarbykaam is, dat de provinsje op kultuer besunigje moat.

Der is safolle dêr’t men net mear by wêze wol.

Ik neam noch in ding, it hanneljen fan de ûnderskate bestjoerslagen oangeande ôffalovens en wynmûnen.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *