
By myn witten de iennichste online game oer in bibleteek is Escape Library: wa’t net gau genôch bûtendoar stiet is dea. Dat is miskien wat oerdreaun mar net ûnrealistysk. De sjitterij lêsten yn de bibleteek yn de universiteit fan Santa Monica is lang net de earste library shooting. Foar ien dy’t fjoerwapens genôch en lilkens tefolle hat binne bibleteken oantreklike plakken. Se binne iepenbier, der is amper personiel, de beweitsing is oplaat foar it behâld fan de boeken en net fan de lêzers, der is altyd wol libben wyt dat ûnbehindere benei te kommen is en de witen sitte noflik stil. Lêze makket kwetsber. It is tsjinnatuerlik gedrach; hoe at de evolúsje de lêzer nei foarren brocht hat is in riedsel, mar net troch de survival of the fittest.
De bibleteek wie net altyd selsbetsjinning. Us pake en beppe fregen oan de juffer efter de toanbank: “Jou my mar in boek.” Omhingje yn de bibleteek koe net en der lêze ek net. Mei it boek dat de juffer fan de planke helle gienen jo fuortendaliks nei hûs. In pear desennia letter fytste ik mei de bern elke wike nei de buertbibleteek en elke moanne nei de sintrale bibleteek. Net lang neidat ik se yngeand foarlêzen hie út alle boeken fan Dr. Seuss, dy’t er gelokkich stânfêst wegere te ferfilmjen, binne dy beide bibleteken sletten. Der moatte noch folle mear bibleteken ticht, troch it hiele lân hinne. Dat is net omdat de oerheid weitst oer de feilichheid fan de lêzers want yn Nederlân hawwe wy gjin bibleteeksjitterijen. Oan de oare kant binne bibleteken hjir net altyd feilige plakken. Hugo de Groot ûntkaam yn in boekekiste út Slot Loevestein omdat neffens him it tastean om te skriuwen en te lêzen syn libbenslange opsluting net goedmakke. Hugo de Groot is grif net dejinge dy’t de slogan “At jo lêze binne jo nea allinnich” betocht hat. Mar foar it sluten fan in publike bibleteek is it gefaar fan iensumheid gjin argumint.
Bibleteken hawwe in mienskipstaak, warskôgje bibliotekarissen. Lêze is likemin in yndividuele ferantwurdlikheid as in yndividuele aktiviteit. Minsken lêze at oaren it ek dogge, lykas gapjen. At der strak gjin iepenbiere bibleteken mear binne soe de lêssealfunksje oernommen wurde kinne troch alderlei wachtkeamers, tocht ik, elkenien sit der ommers altyd te lêzen. Mar yn wachtkeamers leit neist de steapel krantsjes gjin literatuer. Ik haw my altyd ôffrege wêrom net oant ik koart lyn yn in wachtkeamer kaam mei gedichten. Se sieten net yn in boek mar hongen yn in list oan de muorre. Want âlde kranten hat net ien ferlet fan mar in dichtbondel kin samar yn de bûse stutsen en meinommen wurde. Itselde meganisme ferklearret dat in treflik plak om boeken te lienen de finzenis is. Ferdwine kinne de boeken dêr ommers net; de kolleksje is kompleet, grut en faak wikseljend. Boppedat leit it rjocht op bibleteekbesite foar finzenen fêst en foar oaren net.
Politike ynhâldlike redenen foar bibleteeksluting haw ik noait heard, mar yn de literatuer is it byld fan bibleteken net bêst. Yn Lewis Sinclairs De haadstritte wiist de bibliotekaris alle foarstellen ôf foar fuortsterkjen fan lêzen; leaver ûntmoediget se lêzers troch se de bibleteek út te stjoeren, om sa de boeken skjin te hâlden. De moarden yn Yn de namme fan de roas fan Umberto Eco hienen fan dwaan mei de bibleteek. Kafka fan Murakami syn Kafka oan in strân mient fier fan de oedipusflok wei te flechtsjen nei in stille bibleteek, mar komt der dan krekt tichtby. Fansels hannelje dizze boeken oer de gefaren yn of troch de bibleteek en net oer de bedrigingen foar de bibleteek. De werklike bedrigingen, krimpende kulturele budzjetten en in libben dat tanimmend fol sit mei technologyske media, binne krekt arguminten foar mear bibleteken. Dus der is wat oars te rêden.
De polityk is net sa posityf oer de lêzer. Dy soe hieltyd minder lêze en at er lêst dan mear en mear e-books, dat hy kin de bibleteken wol misse. Mar út ûndersyk blykt dat wy mar in lyts bytsje minder tiid oan lêzen besteegje as earder, de ferkeap fan e-books stagnearret en yllegaal downloade, at dat al op waarnimbere skaal bart, hat dêr gjin ynfloed op. Sa min docht de lêzer it dus net. De literatuer lykwols skilderet lêzers ôf as gefaarlike gekken. Francesca en Paolo lêze tegearre Lancelot en einigje yn de Hel fan Dante. Poe syn lêzer fan “some quaint and curious volume of forgotten lore” heart in raven tsjin him praten en rekket yn psychoatysk ferfal. Winston út Orwells 1984 bringt troch boeken te lêzen himsels en oaren yn libbensgefaar. Keningin Elisabeth, yn De ûngewoane lêzer fan Alan Bennett, fersaket al lêzende sasear de ferantwurdlikheid foar har folk, taken en dekoarum dat it kabinet de hannen fol hat oan har. Regearje en lêze geane net lykop, dat is by ús itselde.
Hoe langer at ik myn eigen boekekast besjoch, namste mear boeken blike der te stean dy’t it lêzen perfoarst ûntmoedigje. Ophelia lêst in gebedeboek by de moeting mei Hamlet, dy’t ropt “Geane jo nei in kleaster!” en Ophelia begiet selsmoard. Yn Huxleys Hearlike nije wrâld wurdt it lêsgedrach fan minsken útdôve mei elektryske skokken sa gau at ien oan in boek komt. Yn Reizen yn it skriptoarium fan Paul Auster besiket in man te begripen wat der mei him bart troch in manuskript te lêzen, wylst er sekuer bespionearre wurdt. W, yn It nije lijen fan de jonge W fan Plenzdorf, lêst Goethes roman mei hast deselde namme en giet dea. It psychiatrysk hânboek dat de protagonist lêst yn Reves De jûnen hâld de neuroatyske hypokondry fan syn skepper yn stân oant oant en mei tolve romans letter. Der is mar ien konklúzje mooglik: it behâld fan de bibleteken moat begjinne by my as lêzer.
Gedichten yn in wachtkeamer fyn ik in bjusterbaarlik goed idee. It kin krekt sa wurkje as dy fergese ansichtkaarten mei soms in bytsje kulturele reklame derop. Wat binne der net in plakken te betinken, dêr ‘t it handich wêze soe al wachtsjend even in gedicht te pakke op bygelyks A-5 formaat op in plastifisearre kartontsje, sadat it ek net maklik ferfrommele of fuort smiten wurde kin. Fansels moat wol de namme fan de dichter derop en mooglik de bondel, dêr’ t it út komt. At men wol, kin men in gedicht dat tige oansprekt meinimme en letter at de lol der ôf is earne oars yn it gedichterekje werom sette. It kin gean fan it obligate ‘Een vriend’ fan Toon Hermans oant
bygelyks ‘Afsluitdijk’ fan Vasalis. Mooglikheden
(ik wie noch net klear) Mooglikheden…. genôch!