
yn skom bebêde leit it dêr,
fersmiten hast, oanspield
bewarre ljochtfang út djipten wei
fan ivich weagjend wetter
wûnfocht út rûzjend baltysk grien
ferstienne yn syn tiidsferhaal
omwinteljend yn tsjusterens
bereizget sâlte grûnen
trochsichtich goud, omsletten
stjurre libben dat brâning socht
en ljochtomspield klear tsjûgje wol
fan ûnbeslipe skjintme.