Foaropwurd 64

logo.ensafh

LÊSTE NÛMER FAN ’T JIER

In drok jier wie ’t, mei in protte polemyk, redaksjewikselingen, mar ek wer mei in bulte ynstjoerings! Wy hoopje yn jannewaris wer mei nije moed en ynset oan ’e slach te gean en wolle jimme, lêzers en skriuwers, no alfêst tanksizze foar jim meiwurking yn it ôfrûne jier. Lykas bekend sille de bêste en nijsgjirrichste publikaasjes op Farsk takom jier ferskine yn it Jierboek 2005.

Begjin takom wike komt der noch in besprek fan Tsead Bruinja syn bondel Gers dat alfêst laket op de site. No earst mar noflike – tsjustere! – dagen tawinske, in goed útein en in moai begjin fan 2006.