Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Earst dit. De redaksje fan ensafh lokwinsket Anne Feddema fan herten mei it takennen fan de Gysbert Japicx-priis 2009!

Dan:

It hat in simmerlang duorre, faaks te lang, mar it is safier. Der stiet wer in nije ôflevering online.

Heidi en Edwin de Groot drage in gedicht by. Heidi is útskroeven oer ‘barnstien’. ‘Roomske monolooch’ fan Edwin de Groot, mei dêryn de rigel ‘Al draait om ús, Galileo Galilei!’ hat al yn de papieren ensafh nûmer 4 stien, mar is dêr spitigernôch net goed ôfprinte. Dêrom hjir no nochris. Ek no noch net sûnder wryt of slyt, yn de earst strofe rinne noch twa rigels oer nei de folgjende rigel, dat hat te krijen mei de bledspegelbreedte, it is net oars.

Willem Winters hat it yn syn kollum oer famkesboeken: ‘Op in stuit wie it my oft ik in skok krij. Doelt de skiuwster op wat oars as dat der stiet? Erotyk?’
Skermer skriuwt yn syn kollum ‘Fier fuort’: ‘It is fassinearjend wat him yn jins holle foardocht.’

Jouke Hylkema hat nei talintejachttelevyzjeprorgramma’s sjoen. It hat him wûnderlik ynspirearre.

Abe de Vries en Jabik Veenbaas ha yn 2007 in blomlêzing út de poëzy fan Sjoerd Spanninga gearstald ûnder de titel Indian summer. Rieuwert Krol hat him nei oanlieding dêrfan bûcht oer de resepsje fan Spanninga, mar seit ek syn betinken oer dy poëzy en hy hat krityk op de blomlêzing, ûnder oaren op de fierste beheinde ynlieding en freget him ôf oft de blomlêzing wol in oanwinst is.

Yn de rubryk oersetting/translation is De Vries en Veenbaas harren oersetting fan it gedicht ‘Indian summer’opnommen, foarôfgeand troch it orizjineel.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *