Willem Winters

Mear as 165 Dadaïsten

logo.ensafh

Yke, dy’t alle jierren syn fakânsje yn Switserlân trochbringt, bewarret foar my knipsels oer Dada Zürich dy’t er yn Switserske kranten fynt. Lêstendeis krige ik in artikel oer de útstalling 165 Dada ist innen yn Cabaret Voltaire, berteplak fan Dada. Yn it foaropwurd fan de katalogus skriuwt Adrian Notz, Direktor Cabaret Voltaire und Co-Kurator der Ausstellung, dat party ‘Zürcher nur wenig wissen von Dada.’ Miskien, sa mient Notz, hawwe de boargers fan Zürich der net sa folle mei op dat harren stêd foar ivich ferbûn wurdt mei Dada. Dizze eksposysje wol sjen litte dat Dada gjin pleatslike grap wie, mar in wrâldwide fernijingsbeweging yn de byldzjende keunst en literatuer. Dêrta hawwe de organisatoaren sa folle mooglik Dadaïsten dy’t tusken 1916 en 1922 aktyf wiene foar it ljocht helle.

Ho ho ris even! 1922? Wer bliuwt it einpunt Drachten fan de Dadafjildtocht troch Nederlân? Neidat Thom Mercuur yn 1971 Dada Drachten út de kaanferballen helle, is der hiel wat bard: eksposysjes, boeken en it Rinsema-jier. Dada Drachten wie ek net samar in pleatslike grap. Dat soene de bestjoerders fan it hjoeddeistige Cabaret Voltaire – noch altiten it middelpunt fan alles dat mei Dada te krijen hat – dochs witte moatte. Wat is der al net ôfskreaun oer it optreden fan Kurt Schwitters yn de Phoeniks te Drachten op 13 april 1923. Dat optreden foarme net allinne de ein fan de Dadafjildtocht. Sterker, de hiele Dadabeweging foel dêrnei útinoar.

Yn de katalogus krije 165 Dadaïsten – bekende en minder bekende – in koarte biografy; de Dadaskuonmakkers Rinsema sitte der net by. In flater, tinkt my. Dêr moat wat oan dien wurde. Ik sil stikken oer Dada Drachten nei de Co-Kurator stjoere. Boppedat sil ik him útnoegje nei Drachten te kommen om mei eigen eagen te sjen wat Dada Drachten yn it ferline betsjutte: de Rinsema’s, Van Doesburg, Kurt Schwitters, de papegaaiebuert fan arsjitekt C.R. de Boer, mar ek soe er yn ’e kunde komme moatte mei hjoeddeiske Fryske keunstners, dy’t omrinne mei in heech promillaazje Dada yn harren bloed.

P.S.: my falle noch in pear foutsjes op:
– fan I.K. Bonset binne neffens de gearstallers fan de katalogus gjin ‘Lebensdata’ bekend.
– In pear siden fierder wurde de data fan Van Doesburg wol neamd: 1883-1931. Jo sille grif wol witte dat I.K. Bonset de skûlnamme fan Theo van Doesburg, alias Christian Emil Marie Küpper wie, dy’t er brûkte foar syn Dada-aktiviteiten.
– Ek Til Brugman is net ûnder de 165 Dadaïsten, wylst hja mei tal fan befreone wie. Mei de ferneamde Dadaïste Hannah Höch hie hja sels in lesbyske relaasje. Frjemd genôch wurdt Hôch’s houlik mei Raoul Hausmann wol neamd en ek dat hja befreone wie mei Kurt Schwitters en Theo en Nelly van Doesburg, mar gjin wurd oer Til Brugman.

dada

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *