
Nei analogy fan falsk gebyt
___In politike pommerant dy’t bonussen en topynkommens ‘onbestaanbaar’ achtet en yn deselde sin mei droege eagen ferkundiget dat er € 4.800,00 skjin de moanne opstrykt, al brûkte er in oar wurd.
___In katolike pommerant dy’t him foarnommen hat om alle dagen wat wei te jaan en dus de djoere tas dy’t er op in kongres krige om kamera en oare snústerijen yn op te bergjen oan in minder bedielde tapartet.
Pommeranten. Foaroanmannen. Haadlingen.
___Falske heiten.
Hynsterippen dy’t betelle wurde fan jild dat stipers foar fûgels bedoeld hiene. Hapkes oan de stamtafel om’t de healjierlikse gearkomste fan de stifting ek finansjeel ferantwurde wurde moat. Psychologyske oarloggen op de wurkflier dy’t net yn doelsaldo’s op teletekst oan te tsjutten binne. Geastlik beheinden dy’t in teaterstik opfiere meie en dêrfoar skewield wurde troch ynstituten dy’t har ‘profesjoneel’ mei taal dwaande hâlde.
Stiftingsbestjoeren: Heimsinniger struktueren binne amper te betinken. Foarsitters dy’t tagelyk ek skathâlder en skriuwer binne. Algemiene bestjoeren dy’t by it grou smoargens set wurde sadat it deistich bestjoer nei eigen ynsjoch karbrieven oanpasse kin en lang om let allinnich in direkteur oerbliuwt dy’t inisjearret en efterôf ferantwurding ôfleit. Dy bestjoeren besteane foar in grut part út sokke P-ers, F-ers of H-ers.
Diktatorkes klaaid yn termysk demokratysk ûnderguod dy’t har spytgnyskjend foardogge as de boer dy’t sels de leie ha moat, mar it team by de earste de bêste bui, wynpûster of tongerslach fleane litte. De ferliking mei Hitler giet net op, al hantearre dy wakker itselde systeem. Hy wie allinnich justjes fierder yn de útwurking en die it wat minder tuike-tuike-oan.
Yn de digitale ferzje fan ien fan de beide tydskriften yn Fryslân dy’t achte wurde it Frysk te befoarderjen en dêr subsydzje foar krije stiet no: “Wy stribje der nei om safolle mooglik Fryske bydragen op te nimmen.” It Fries Museum giet fleksibel mei taal om.
Hynsterippen dy’t betelle wurde fan jild dat…, mar dat de
pommerantsjes,
foaroanmantsjes,
haadlingerkes
en oare ’es-kes like leaf ynsette foar de kampanje Frysk is fun mochten se yn it stiftingsbestjoer dêrfan sitte om’t se dêr har almeast manlike driften de frije loop jaan kinne. Jo lêze de orgasmes yn de ferslaggen werom as jo jo bêst in bytsje dogge.
Is it allegear sa slim?
Nee fansels net. Want as dat sa wie dan hie de provinsje no folhongen mei spandoeken ‘Wy geane wer nei skoalle’ betelle fan jild dat ornearre wie foar de Kulturele Haadstêd en dy’t dêrfandinne yn de Stellingwerven en op It Bilt wat oars skreaun west hiene.
Safier sil it yn Fryslân net komme. It lân dat befolke wurdt fan falske heiten dy’t it iene houlik nei it oare ferslite om’t it willewurk net mear sa goed foldocht en se it dêrfandinne fanselssprekkend ferpoffe om bannen fan fytsen fan achtjierrige soantsjes te plakken mar der wol ‘-tich’ kear nei sjoen hawwe.
Ik ha sa’n bân plakt of teminsten: ha der ienkear nei sjoen en konstatearre dat it ding net lek wie mar ferlet fan lucht hie. 72 oeren letter wie er noch hurd. Dat wie dat. Soe sa’n bern him no ek slim besoademitere fiele?
Faaks fertelle se him op ‘De scholen zijn weer begonnen’ wol oer it ferstjerren fan de Sutelaksje en it earder al fan kant bringen fan Frysk & Frij. En dat syn folk no fierder moat mei falske âlden lykas Boeken fan Fryslân en De Moanne fan it Fryske Boek. As er in bytsje tûk is sil er it amateurisme en de ûnwil daliks merkbite en in plak jaan kinne.
De polityk sil it mantsje noch net folgje en myn ferlikings sil er net goed neikomme kinne. Mar de pommerantsjes en oaren dy’t oer it Frysk gear binne, behannelje dat as de bern fan de politikus dy’t earst yn de etalaazje set waarden en daliks dêrnei yn de útferkeap.
Ferjitst te skriuwen, Daam, dat al dy lju dy’tst hjir bedoelst lid fan de PvdA binne of har foardogge as achtbere sosjalisten. It is gewoan túch. Mei fromme en nommele praatsjes stjoere se Fryslân nei de morele en taalbliksem.
Se hawwe inoar noadich by it hânophâlden yn letterlike en figuerlike sin en dêrom is der slim wat oan de goarre te dwaan. Mar goed dat’sto dy opppenearrest.
Dat wie ik net fergetten Jelle. It probleem is allinnich dat ik fan guon wit mar fan oaren net al is de kâns yndied hiel grut ense har yn alle gefallen wakker sosjaal foardogge.
Mar ik ha ek it donkerbrune fermoeden dat it dwers troch alle partijen hinne itselde is.
Nee, Ik bin it net mei dy iens, Daam. Ik bin der wis dat yn ús ynleave heitelân minsken besteane fan wa’t ik sis dat de oergeunst miskien noch net yn harren murch sit, mar wol foaroan yn ‘e holle. Dy lju meitsje foar sa’n tachtich persint de minsken út dêrsto op doelst -krekt dy sitte oeral foaroan om te gripen wat se gripe kinne – en dat binne PvdA-ers en oare achtbere sosjalisten. Gean dat mar ris nei.
Fan ‘e middei stie ik op ‘e joademerke te Lúwt. Njonken my stie foar in grientekream in Marokkaanse/Turkse frou dy’t twa dadels stiel. Ik sei: “mevrouw u steelt” : “nee” : “mevrouw u steelt” : “nee” : “mevrouw u steelt, wij betalen al genoeg voor u”. Doe lei se dadels werom en rûn as in hazze fuort. Fansels net, gjin rasisme. Soest tinke fan wol dan hoopje ik datst it yn ferbân bringst mei wat ik skreaun haw.
Breuker generalisearret my wat al te al te. Dat helpt net.
Efkes in liske foar minsken dy’t wol priis stelle op feiten.
Boarne Vrij Nederland: Ja ja, fan linkse sinjatuer.
De 216 politieke affaires die de afgelopen dertig jaar plaatsvonden in Nederland zijn als volgt over de partijen verdeeld:
VVD: 47
CDA: 43
PvdA: 40
PVV: 15
GL: 11
LPF: 7
CU: 6
SGP: 4
D66: 3
SP: 3
Lokaal/overig: 37
Oanfolling op: http://toinevanbergen.blogspot.nl/2013/03/politieke-affaires-wat-niet-in-het-vn.html
Mei generalisearjen ha wy al genôch gesoademiter hân yn ‘t ferline.
Moedig voorwaarts!
Ik tink Edwin -Edwin de Groot?, de dichter mei de pet op? / sa folle Fryskskriuwende Edwinnen binne der te uzes net – dat wy yn heel ferskillende wrâlden libje. Jo VN-sjoernalistke -en dús sa loai as in groubaarch- soe wolris op in kompjoeterknop drukt kinnen hawwe en dêr rûchelen de bekende gefallen op it skerm.
Loek Hermans (VVD) mei syn deklaraasjes en striemin tafersjoch ; de hast ôfsette Johanneke Liemburg (PvdA) , dêr meie wy grutsk op wêze want Fryslân is te sûchich om sa’n gefal hawwe te kinnen; it hindoestaanske frouminske fan Grien Links dy’t allegeduerigen kanker ûnder de grouwe lea hawwe soe: de Grienlinkse kommissaris dK. yn Noard-Hollân, ek al yn ferbân mei deklaraasjes: boargemaster A.M. Jorritsma (VVD) yn ferbân mei it skouderjen fan de eigen gemeentlike fergunnings , lês myn stik fan hjoed by Huub Mous en dan witst werom’t dy de skurft oan Frânsen hat, it frommes kin gjin Frâns; Co Verdaas (PvdA) knoeide ek mei sinten, al seit er sels fan net; boargemaster Verf (VVD) yn ien fan de Drechtstêden fanwegen sinten: in boargemaster , wie ‘t in De Vries? (CDA) yn it rivieregebiet, sinterij; wethâlder Van Rey, Roermond (VVD), allerhanne smearlapperij; dy man mei de Spaanske namme (Hernandez?, PVV) dy’t sa’n bleek en slop links sjoernalistke in wanbruien joech, hied er dat mar mear dien.
Oars as jo haw ik in mannichfâld oan onsichtbere saken op ‘t each, dy’t troch harren getalsmacht folle slimmer foar de maatskippij binne. Yn it tsjoede Fryslân;
1. In grutte Fryske maatskiplike organisaasje mei in berch jild dy’t inkeld PvdA’ers yn it bestjoer hat dy’t in soad jild oan fergoedings krije, 2. in PvdA-wethâlder fan in grutte gemeente dy’t inkeld PvdA-amtners wol dy’t him gerive wolle, bygelyks troch politikle prosessen wol as net troch gean te litten of te bestadigjen of te ferfluchjen; 3. in deputearre (PvdA)dy’t soarget dat in frou by in oare organisaasje in folle hegere baan krijt, as beleanning mei er om ‘t hurdsje by har fan ‘e kruk; 4. in deputearre (PvdA) dy’t amtners net frijlit om te advisearjen neffens eigen ynsjoch; 5. in deputearre (PvdA) dy’t heel stikum in resepsje op it provinsjehûs en op kosten fan de provinsje hâldt yn ferbân mei it ferskinen fan in folslein oerstallich Frysk doktersromantsje: de resepsje mocht neffens de fêstleine regels abslút net; heal PvdA-Fryslân wie der om te fretten en te sûpen; 6. in boargemasterske (PvdA) dy’t krityske amtners der útwrot.
Ik hâld op, ik ha mei jo te dwaan. Nee, fan dizze gefallen witte jo en hele Fryslân neat -Daam de Vries wol, want dy hat ek genôch smearlapperij sjoen: hy hie de eagen en earen wol iepen en wurke by in Fryskkulturele ynstelling – en dêrom hearre jo en dy oaren ta de keppel dy’t mar trochgiet mei PvdA te stimmen en sa Fryslân te besoademiterjen. .
Gauris wurd ik troch âld-kollega’s belle om rotsoai oan te hearren. Der moat mar in swartboek komme, dan wolle de neperts wol om ‘t lyk. Nee hear, hjoed haw ik ek in poerbêst sin.
Goeie goede Breuker, ik haw fannemiddei Wâldgieltsjes mei slaad iten, mar dat wisten jo al. Krekt as jo ek witte wêr ‘t ik op stim en wat ik al dan net wit oer de polityk. En jo hawwe mei my te dwaan. It siert jo, mar it hoecht net hear. Ik sil net ûntstride dat der in soad smearlapperij is op lokaal en regionaal nivo. Yn Fryslân binne der, sa meitsje jo dúdlik, in soad PVDA-ers dy’t bûten de pot pisje, mar yn oare provinsjes kin dat wol hiel oars wêze, ôfhinkelik fan hoe’t PS/DS dêre gearstald is. Mar dat is net it punt. Dat jo jo enerzjy stekke yn it op it aljemint bringen fan dit soarte fan saken is prima, mar ik soe mysels net opponearjewolle as de alwittende elite. Dan is de kâns grutter dat men seit fan “Hee, dy Breuker hat in punt” want dat hawwe jo, ynstee fan “Up Yours, B!”
Ik hoopje jo te moetsjen op it ensafhfeest, dan prate wy der efkes oer, as jo dat wolle.
Groetnis fan de man mei de pet (net PVDA).