
YN 66 JIER twa dichteressen WINNERES GYSBERT JAPICX
De earste Gysbert Japicxpriis-winner yn 1947 wie Obe Postma – it wie foar syn poëzy. De earste frou dy’t de priis krige, wie Rixt yn 1953 foar har poëzybondel De gouden rider (1952).
Trijeëntritich jier letter krijt Tiny Mulder dizze priis foar har hele oeuvre, mar foaral foar de gedichtebondel Oh in stêd, ah in lân – In syklus. De bondel allinne wie blykber net goedergenôch.
Yn 66 jier ha mar twa dichteressen sa’t it skynt genôch kwaliteit hân om yn oanmerking te kommen foar dizze heechste Fryske literêre priis. Dat is apart, meidat der wol frouljustalint wie en is. Meidat ik nea yn hokker literêre sjuery sitten haw, wit ik net hoe’t it om en ta giet yn dy fermiddens. Ik gean der mar fanút dat se net lotsje.
Dizze kear is foar it earst mei nominaasjes wurke. My is frege om út dat listke myn motivearre kar te meitsjen.
De list mei sân dichters smyt daalk fjouwer fragen op: 1.) wêrom twa dichters nominearje dy’t de priis krekt wûn hawwe? (nêst Hettinga ek Abe de Vries); 2.) wêrom twa deade dichters?; 3.) wêrom mar sân kânshawwers wylst der in ryk oanbod oan dichters en dichteressen publisearre hat?; en 4.) Wêrom net mear froulju?
Mar ik wol begjinne mei te sjen hoe’t de sjuerygearstalling yn ’e rin fan ’e jierren west hat.
Hokker sjuerys
As je de listen fan sjuerys neirinne sjogge je fan en ta froulju foarbykommen. Jelma Knol hat wolris skreaun dat kritisy yn de Fryske letteren froulju út en troch diskriminearje. Ek dat is diskutabel. Froulju as Tiny Mulder en Tineke Steenmeijer-Wielenga hawwe desennia lang as kritisy in soad macht hân yn literêr Fryslân en dêrbûten. Soe it dan mei kwaliteit te krijen hawwe? Ek dêr leau ik neat fan. Froulju skriuwe like goed as manlju. Ik neam Ella Wassenaer, Berber van der Geest, Aggie van der Meer, Baukje Wytsma, Margriet Poortstra en Albertina Soepboer. Elske Kampen is der no by kommen mei de bondel Fan glês it brekken. Se is sels nominearre dit jier – in novum.
Dat froulju yn de ôfrûne 66 jier mar 1,5 kear de poëzypriis wûn hawwe moat dan te krijen hawwe mei de superkwaliteit fan de manlju, óf mei de ‘kwaliteit’ fan de sjuerys dy’t net ynteressearre wiene yn de poëzy fan froulju. De fraach is ea opsmiten oft der ferskil bestiet tusken poëzy fan froulju en manlju. Ik betwifelje dat.
As dat net sa is dan hat it negearjen te krijen mei de gearstalling fan de sjuerys, dy’t heal of gjin benul ha fan poëzy, en twad net leauwe dat Fryske dichteressen goeie poëzy skriuwe kinne. Dy’t faaks froulju net foar fol oan sjogge.
Sa’t ik sei, ik haw gjin idee hoe’t sjuerys wurkje, mar yn dit gefal is it wichtichste dat se wat ferstân hawwe fan literateur. Yn dat opsicht is proaza wat ienfâldiger as poëzy. Yn de oplieding literatuer giet it mear en faker oer proaza as oer gedichten.
Ik haw neigongen wa’t de 16 kear tusken 1947 en 2013 dat de Gysbert Japicx-priis oan poëzy takend waard yn de sjuerys sieten. Jo sjogge dan dat der gauris dichters yn de kommisjes beneamd waarden. Yn it Nederlânsktalige sirkwy is dat ek it gefal. Dêr sjogge je neist dichters neerlandisy, sa’t yn Fryslân frisisten in plak hawwe. In inkelde kear komme bûtensteanders foarby. Yn al dy kommisjes slaan manlju foar master op.
Yn de 16 sjuerys (48 minsken) hawwe yn totaal 9 froulju sitten. Yn dy 16 sjuerys hat 13 kear in dichter plak nommen. Underskate kearen sjogge je ek essayisten en sjoernalisten dy’t oer Fryske letteren skreaun hawwe – yn literêre blêden en kranten.
Oeuvrepriis
Sawol by proaza as by poëzy is wolris in oeuvrepriis takend: yn 1961 foar poëzy oan Marten Sikkema (G. Gezelle Meerburg), yn 1975 oan Rink van der Velde, yn 1979 oan Ypk fan der Fear foar har histoaryske romans, yn 1986 oan Tiny Mulder (proaza en poëzy), yn 2007 oan Josse de Haan (proaza), yn 2011 oan Durk van der Ploeg (proaza). In oeuvrepriis is dus mooglik. Ek dy is net oan in frou allinne foar har dichtwurk taskikt.
Dit jier yn 2013 bestiet de sjuery út Goffe Jensma, Jetske Bilker en Jantsje Post. De beide lêsten komme oarspronklik fan Seisbierrum, mar hawwe dêrtroch by definysje net mear ferstân fan poëzy. Post hat wat gedichten skreaun, mar is fan profesje oersetster. Ek Bilker en Jensma ha net in soad affiniteit mei gedichten. Net ien fan de trije hat essays oer poëzy en /of dichters skreaun. Bilker hat al mei Babs Meerburg de blomlêzing De 100 mooiste Friese gedichten (Uitgeverij kleine Uil, 2006) gearstald.
Doe’t Rixt yn ’53 de priis krige, siet Douwe Tamminga as ekspert op poëzygebiet yn de sjuery. Yn 1986 doe’t de priis foar Tiny Mulder wie, hie de dichter Marten Sikkema in sit yn de sjuery. Ik wit net oft it in foardiel foar froulju is wannear’t dichters yn ’e sjuery sitte.
Yn 2013 hie yn de list fan gadingmakkers in oeuvrepriiskandidaat net misstien. Fjouwer froulju hiene op dy list kinnen: Aggie van der Meer, Baukje Wytsma, Margryt Poortstra en Albertina Soepboer. Trije fan de fjouwer hawwe yn de jierren 2009 oant 2012 publisearre. As sa’n iensume bondel út dy jierren net goed genôch wie hie in heel oeuvre nommen wurde kinnen. Blykber fynt dizze sjuery de kwaliteit fan dizze skriuwsters ûnder de mjitte.
Ik fyn dat spitich, want alle fjouwer hawwe gedichten skreaun mei heel spesifike skaaimerken, de kwaliteit en de kwantiteit kinne besjen lije. As men dan dochs nominearret hie der op syn minst by de tsien – want wêrom mar sân? – ien froulike oeuvrekandidaat kinnen. In foardiel hie ek west dat se alle fjouwer noch libje.
Ik haw it al neamd – ik begryp net wêrom’t men mar sân kandidaten nominearre hat, fan wa’t twa (Tsjêbbe Hettinga en Harmen Wind) nota bene net mear libje. Dat is spitich foar dy twa, mar wêrom soe yn de goedichheid in deade dichter nominearre wurde moatte? Ien fan dy twa, Tsjêbbe Hettinga, hat dan ek noch mar krekt lyn de priis wûn (2001).
‘út syn aerd wei froulik’
Jelma Knol hat yn út syn aerd wei froulik , (Hispel, 1993), sjen litten dat it fenomeen frou-yn-de-literatuer noch net altyd fanselssprekkend is. Dat wie 1993. Yn de konklúzjes seit se: ‘Oant sa likernôch 1970 hawwe de resinsinten – as se poëzy fan in frou besprekke – it gauris oer it wurk dat sa ‘froulik’ is. Se lizze net út wat dat ynhâldt. Se suggerearje dat yn poëzy fan in frou de ‘froulikheid’ oerhearsket. Mei oare wurden dat poëzy fan froulju op elkoar liket.’
Tradisjoneel tinkende minsken, seit Knol, assosjearje it wurdsje ‘froulik’ mei eigenskippen dy’t oan in frou takend wurde: leaf, aardich, sjarmant, boartlik, soarchsum, yntuityf, gefoelich, behaachsiik, weak. Dat binne meastal posityf wurdearre eigenskippen. Oer it algemien skriuwe neffens de manlike kritisy froulju tige persoanlike leafdeslyryk – gefoel en yntuysje bepale wat en hoe’t se skriuwe. Dêrtroch binne de fersen faak wat foarmleas.
Knol stelt yn har essay dat ien fan de útkomsten fan har úndersyk (205 siden) no krekt oanjout en bewiist, dat it wurk fan al dy froulju sa ferskillend is.
Nei Simke Kloosterman en Rixt kamen har direkte opfolgers Ella Wassenaer en Tiny Mulder. Dêrnei ferskynden al gau Tsjits Peanstra, Berber van der Geest, Baukje Wytsma, Margryt Poortstra, Anny de Jong en oaren. It ferskynsel dichteresse wurdt minder seldsum. De kritiken wurde breder, ek al meidat twa froulju de literêre krityk yn hannen hawwe. Jo konstatearje dat der gjin positive diskriminaasje fan froulike dichters bestiet. Nei 1990 ferskynt der noch mear wurk fan ûnderskate dichteressen.
Op de listen mei poëzy, skreaun yn de jierren 2009 oant en mei 2012, steane 13 dichteressen mei 15 bondels. De 25 dichters leveren yn dy perioade 28 bondels gedichten. Ferlike mei 1993 doe’t 20% fan de bondels troch froulju skeaun waard is dat no oprûn nei 35%.
Yn 1987 is it nije Provinsjale Letterebelied fêststeld, en sûnt wurde troch de Provinsje mear froulike sjueryleden beneamd. Oer de útkomsten – seit Knol (yn ’93) – kin noch neat sein wurde. Yn dy 20 jier dêrnei binne der mear skriuwsters kommen.
Jelma Knol freget har ek ôf oft froulju wol meidogge yn it literêre sirkwy, en oft der in froulike literêre tradysje bestiet. Se kin dêr yn ’93 noch gjin antwurd op jaan. Ek oft guon skriuwsters oare skriuwsters beynfloede hawwe moat noch ûndersocht wurde.
Yn de literêre tydskriften as Trotwaer, Hjir en de Strikel ha froulju yn de redaksjes sitten: Akky van der Veer, Jetske Bilker, Babs Gezelle Meerburg, Albertina Soepboer, Tine Behlehem, Jelma Knol, Marijke de Boer, Geertrui Visser, Alpita de Jong, Hylkje Goïnga, Baukje Wytsma, Marita de Jong en Jitske Kingma.
Wat it literêre sirkwy oanbelanget is der nei ’87 kwa produksje en meidwaan troch froulju dus heel wat feroare. Je fine dat net werom yn de grutte priis.
Net nominearre oeuvreskriuwers:
Foar in oeuvrepriis (5 bondels of mear) binne yn 2013 net nominearre wat de froulju oanbelanget Baukje Wytsma, Margryt Poortstra, Albertina Soepboer en Aggie van der Meer. Dichters dy’t gading makken nei in oeuvrepriis binne Wilco Berga, Piter Boersma, Joop Boomsma, Meindert Bylsma, Steven de Jong, Willem Abma en Jelle Kaspersma. Elk hat syn of har spesifike kwaliteiten sjen litten en in bydrage levere oan de Fryske literatuer.
Foar my springe fan dizze alve kandidaten Baukje Wytsma, Jelle Kaspersma en Albertina Soepboer der út. Jelle Kaspersma is yn dit fermidden de meast aparte en spesjale. Yn de 2e Spiegel van de Friese poëzie (Meulenhoff, 2008) binne fiif gedichten fan him opnommen, yn Het goud op de weg (Bornmeer, 2008) gearstald troch Abe de Vries gjin inkeld fers. Yn de 1e Spiegel (Meulenhoff, 1994) hie Kaspersma nul gedichten. Yn in pear jier tiid groeide er út ta in geweldener.
Oer Jelle Kaspersma haw ik yn De lije side fan de tiid (Venus, 2004) – in kar út de gedichten fan Jelle Kaspersma – skreaun dat foaral de metafoaren yn syn gedichten my oansprekke. De taal ropt in magy op dêr’t de dichter de tiid even mei stilset. De dichter skiedt ratio en gefoel net, hy brûkt de taal op in natuerlike wize sa’t bern dat ek dogge.
De dichter baarnt de klisjeeklean fan de wurden, en lûkt se wer de magyske betsjutting oan: ‘Noch kin ik de tiid in hânbreed foarbliuwe.’ Troch de nije klean foar de wurden ûntkomt de dichter oan nostalgy, kitsch en sentimintele natuerlyryk. Hy wol de tiid beswarre, syn magyske wrâld hâldt ta ‘yn de lije side fan de tiid’.
Sa kin oer elk fan de oeuvredichters in eigensinnich ferhaal skreaun wurde, meidat se allegearre op in eigen wize dwaande binne mei de wrâld, de taal, en harsels. De Fryske poëzy lit hjir in reinbôge fan kleuren sjen dêr’t samar in tal nominaasjes foar ’t ljocht komme koene ynstee fan nul komma nul.
Net nominearre froulju 2009-2012
Fan de net nominearre bondels fan froulju dy’t yn it tiidrek 2009-2012 publisearren springt Sân wylgen (Afûk, 2010) fan Baukje Wytsma der út. It is har njoggende bondel gedichten.
Lykas yn de earste bondel Noch ien slach om ‘e buorren (Friese Pers, 1980) wurdt ek hjir in eigen wrâld yn de wrâld kreëarre – ‘de essinsje fan poëzy sit ferskûle yn it beskûl fan de taal sels’ haw ik doe skreaun (Trotwaer, 1982, s. 40-50). Dat teare oanreitsjen fan de taal – it brûken, net misbrûken – bart ek hjir. Se set de tiid stil om itselde nochris mei te meitsjen, te fielen, te oertinken. Neat feroaret, ek al is alles feroare – omdat de bylden yn de holle sitte, ferbûn mei taal, yn in bepaalde styl opskreaun binne, en de metafoaren troch de tiid grutter en riker wurde kinne. Ast op ’t lêst fragen hast oer it skriuwen sels dan kinst skriuwe: ‘in tinne rigel / dy’t fan de side rûgelet/’.
De bondel hat in ôfdieling mei de titel ‘Tuskenspul’ (9 gedichten). Yn 1997 (meidat de KNKB doe 100 jier bestie) hawwe Wytsma en ik in boekje makke mei deselde titel. Doe gong it om keatsgedichten en keatsferhalen. Yn dit ‘Tuskenspul’ giet it ek oer keatsen – ‘binne dêr wurden foar te finen?’ As it oer de spanning fan de lêste slach giet – winne of ferlieze, as de fraach is oft je wis bliuwe, oft je foldwaan kinne oan de ferwachtings. Wytsma har keatsgedichten binne metafoaren foar it libben.
Dat wurdt yn ‘wachtsje op de PC’ nochris bûtengewoan beskreaun yn seis gedichten: ‘it ferwachtingsfolle wachtsjen / as foar in grutte reis // it tútsjend lûd fan / hout op hout. Ien sitbal noch. Ien bal //.’ En dan yn it ‘Ramt fan ûnthâld’: ‘in fergetten heawein / widzet breedheupich troch de buorren /.’
De bylden dy’t opslein binne komme net ferfoarme yn it gedicht werom, sûnder keunstgrepen en keunstmjittige mystifikaasjes. Se binne mei de sân wylgetûken dy’t de pake plante hat útgroeid ta in folwoeksen libben – dêr’t je je mei identifisearje kinne.
Net nominearre bondels manlju
Fan de lytse tritich bondels fan manlju dy’t tusken 2009 en 2012 ferskynd binne hawwe foar my de helte in behoarlike oant hege kwaliteit. Allinne al yn 2010 ferskynden 14 bondels. Bûten de nominearre sprekke my in sântal bondels tige oan: dy fan Wilco Berga, Joop Boomsma, Piter Boersma, Elmar Kuiper, Cornelis van der Wal, Arjan Hut en Anne Feddema.
Meidat dizze sjuery net de progressyfste liket – sjoen de nominaasjes en ek net it meast op ’e hichte is fan wat der oan poëzy skreaun is – wol ik noch in oantal beskriuwe. Se hiene nominearre wêze kinnen, want se ha kwaliteit – soms kritysk/engazjearre troch de nostalzjy stekkend nei it folslein eksistinsjele lykas Boomsma, soms eksperimintearjend hillige geloven op allerhande mêd oantaastend, of noch oars.
Wilco Berga skilderet yn de Harnzer tijgedichten (Utjouwerij Fryslân, 2010) yn in soarte fan ballade de wrâld. Skilders, streamings en dichters komme foarby. Berga skriuwt net romantysk oer de ein fan de wrâld, oer djippe gedachten en belânet ek net yn ûnechte kitschwrâlden. De dichter, de skilder, de frou en de wrâld wurde delset yn de kontekst fan de tiid: ‘Dali seach takomst yn har rêch’ – dat prachtige byld fan in frou dy’t ta it finster útsjocht jout presys oan wat de dichter driuwt. Hoe lis ik dizze wrâld mei myn wurden fêst.
Yn 2000 en 2009 hat útjouwerij Venus twa boekjes mei wurk fan Joop Boomsma útjûn. De klaai is griis novimber út 2009 befettet 20 gedichten mei ‘blues foar de âld man’ as in allesoerhearskjend eksistinsjeel fers oer libben en dea. Dat gedicht stiicht út boppe priveegedachten en heechstimde lyryk oer it bestean – it gefjocht mei de dea dy’t op ’e hûd libbet, noch net dêrachter. Oant op ’e bonken trochlibbe. Sa’n gedicht heart yn de kanon, mar ‘helaas’, Boomsma ‘heart net by it goeie partoer’ om mar ris in pommerant te sitearjen.
Folslein ferskillend fan dizze generaasjegenoat is Piter Boersma. Yn Stjoer de strjitmakker (Hispel, 2010) wurde deade dingen libben – se tinke en filosofearje, wat noch fierder giet as in personifikaasje sec. It binne alternativen foar minsken, en skeppe bylden dy’t de wrâld in oar oansjen jouwe.
It is allegearre wat absurd, sa’t ek it proaza fan Boersma absurde trekken hat en dêrtroch oantreklik is. Relativearjen slacht foar master op. It is it tsjinoerstelde fan it heechdravende en ûnechte. Jo kinne je identifisearje, bygelyks mei in ‘badlekken’: ‘dy jonge dy’t doe’t er ús seach/ de hage yn fytste// de lust dy’t troch my hinne lûkt/ as se my út ‘e kast kriget/ op my leit/ my om har hinne slacht/ har mei my ôfdroeget/…../iepen en yntym//.’ De dichter jout in soarte fan magysk libben oan in objekt dat in persoan wêze kinnen hie.
In soad registers en poëten
Elmar Kuiper hat mei Granytglimkes (Bornmeer, 2010) de meast aparte bondel skreaun tusken 2009 en 2012. Guon dichters sette oantekens yn har bondels, ek Kuiper. Ik fyn dizze moadegril – want dat is it, poëzy moat foar himsels sprekke – oerstallich en nonsens. Wêr’t it weikomt wit ik net, it liket wat opskepperich, as ha we te krijen mei wrâldpoëten dy’t analysearre wurde moatte en dêr’t elke fuotstap fêstlein is op mikrofilm, faceboek of ‘fake’book.
Kuiper syn poëzy is de delslach fan in libben – kommentariearjend, kritysk, maatskippykritysk, absurd, soms hast proaza yn ’e foarm fan proazapoëzy. Poëpro’s haw ik sokke fersen ea neamd. Kwa ynhâld en foarm brûkt de dichter heel wat registers. De direkte assosjaasjes oerhearskje – hy brûkt de taal oant en mei de alderlytste wurden en betsjuttings. Kuiper boartet, relativearret, en lit bylden flokke. Irony en sarkasme spylje in rol, soms lêze je leafdespoëzy fan it boppeste buordsje. Kuiper is net fiis fan it ôfrekkenjen mei âlde masters – fiksje en net-fiksje moetsje elkoar yn de realiteit en yn de Kuiperiaanske wurdwrâlden. Littérature engagée, mar hjoeddeisk.
It seit wat oer dizze (behâldende) sjuery dat Kuiper net nominearre is mei dizze bondel gedichten – it sentiminteel fallen fan de mins is hjir de wrede werklikheid fan alden dei: ‘genesis – adam triuwt in fertrietwein/ nei it eachein// eva dolt in farske kûle// de nacht smyt modder oer de grutte freet fan de mienskip// o tútsje my//.’
Kuiper brûkt âlde begripen yn in nije kontekst en makket sadwaande poëzy op it skerpst fan de wurdsneden. Romantyske en mytyske betsjuttingen – dochs al faak kitsch – binne ferfongen troch wrede keppelingen fan wat minsken dogge en wolle.
In dichter dy’t Kate Bush as syn ingel omskriuwt, omdat se dwers troch him hinne seach, brûkt twa finnen mear as in bears. De wrede leafdesfersen binne tearder as it sachtste lekken. Kuiper falt bûten de boat fan dizze o sa fatsoenlike sjuery.
Cornelis van der Wal mei Kristus Pavlov (Bornmeer, 2011) en Anne Feddema mei Torpedo’s los (Bornmeer, 2010) hearre al jierren by myn favorite dichters. Piter Boersma en ik hawwe foar de Koperative Utjowerij foar har striden yn Amsterdam doe’t se gjin wurkbeurzen krigen fan de (Fryske) kommisjes. We koene it Fonds voor de Letteren oertsjûgje fan de kwaliteiten fan har wurk, foaral fan har bysûndere wize fan skriuwen. Dy kwaliteiten ha se noch.
Ryp foar Frjentsjer
De lêste net-nominearre foar my wichtige dichter is Arjan Hut mei de bondel Tin. Eppie Dam – wol nominearre – hat dizze konkurrint oant de grûn ta ôfbaarnd yn de LC. Hy skreau ûnder oare oer de poëzy fan Hut: ‘ûntagonklik’, ‘ûnfersteanbere poëzy’, ‘meagere fersen’, ‘gjin publyk foar’, ‘bloedeleas’, ‘Hut is in sykjende geast’. Mei oare wurden, Hut is ryp foar Frjentsjer.
Hut lêzend moast ik fan en ta oan it boartsjende fenomeen Paul van Ostaijen tinke, dy’t foaral bekend wurden is troch syn muzikale wurdassosjaasjes. De muzyk, it ritme, it boartsjen mei wurden kinne in tagonklikheid jaan dy’t boppe de betsjutting út giet.
In syklus as ‘Fytsedieverij’ – ‘/wat silsto dwaan / mei de wyn/ yn dyn hier//’ – is ien ritmysk geniet fan wille en wurden. As je soks ûntagonklik neame ha je net allinne gjin gefoel foar poëtysk wurdboartsjen, mar begripe je de mooglikheden fan poëzy net.
In foarbyld fan in oar fers: ‘/ út dyn reade wangen/ at it moat// mei bleate hannen/ at it moat// mei myn bûsmes/ at it moat// sa snij ik ús in ark foar twa/ en kinne wy ferfarre/ oer de blues//.’ Prachtich!
Hut hâldt derfan om grutte mannen as god, Hitler en Kennedy de gek oan te stekken – as oermetafoaren foar heechmoedswaan en kranksinnichheid. Faaks giet Dam soks te mâl en wol er Hut opbergje: ‘/ tsjerken, foar de alderheechste / dy’t in heale minsk op ierde stjoerde / en wis gjin trouwe makker //.’
It is wer in miste kâns om in wichtich dichter te nominearjen. Oan syn poëzy te sjen libbet er noch as in fisk, mar wa wit moat er earst dea wêze foar in nominaasje.
Nominearre dichters
Der lizze foar my 7 bondels dy’t nominearre binne en der wurdt fan my ferwachte dat ik myn favoryt oer de ôfrûne 4 jier oanwiis. Ik rin se allegearre nei, allinne, de beide earsten dy’t ik behannelje, hiene neffens my net by dy sân sitte moatten. Harmen Wind en Tsjêbbe Hettinga hiene net nominearre wurde moatten. Ik fyn dat de wichtichste literêre priis yn Fryslân útrikt wurde moat oan in libjende skriuwer. Yn dit gefal is dat net de iennige reden om se net te nominearjen, der komt noch by dat beide bondels gjin Gysbert Japicx- kwaliteit hawwe.
Harmen Wind
De bondel Heech tiid (Utjouwerij Fryslân, 2010) is ferskynd yn it jier dat Wind stoar. It haadtema is de dea, want hy wist dat er syn sykte net oerlibje soe. Al lêzende merke je dat de dea tichteby is. Ofstân nimme sa’t yn poëzy wenst is waard dreech. Troch syn grutte technyk lit Wind de poëzy net fan de rails fleane.
It talint Harmen Wind hat lijd ûnder de druk fan de tiid dy’t him op ’e bealch siet. Heel goed te begripen, mar it is spitich en dêroer moatte je wol earlik wêze. Immen nominearje, omdat er oer syn eigen lêste dagen skriuwt kin eins net. Heel oansprekkend binne de leafdesfersen, mar ‘ik kin net wer better’. Ek skriuwt er: ‘Súntsjes widzest op ’e dea/ in himel fan neat om yn te bliuwen/.’
It is allegearre heel privee en soms fiele je je as lêzer in voyeur, omdat it te eksplisyt beskreaun is. It lêste fers yn de bondel, út de syklus ‘It lêste etmel’ – de 24 lêste oeren – is ûntheisterjend yn syn earlikheid, fan in direktheid dy’t je selden lêze, folslein te begripen yn dizze situaasje, mar oft it as sadanich poëzy is, betwifelje ik :
24.00
De heechste tiid, noch giet de rêst
net iepen. Dy’t op dy past, hat
yn har hân dyn hert. Sij skoot
dy hoeden yn ’e ribbenkast.
Wolst noch wat freegje, noch wat
roppe. Hearst dêr ien flokken yn ’e
fierte? Is dat rûzjen dêr de wyn? De
stoartbak boppe? Lêste azem? Wjukken.
Tsjêbbe Hettinga
Fan Tsjêbbe Hettinga is Equinox (2009) nominearre. Ik haw nea oertsjûge west fan de poëzy fan Hettinga noch fan syn foardrachten. Dat barde daalk al yn Frankfurt yn ’93 dêr’t ik doe wie.
Harmen Wind seit yn de LC oer de bondel Equinox dat Hettinga thús komt: ‘Sikest it fier mar fynst it thús.’ Dizze bondel is yn 2009 de earste oarspronklike bondel sûnder oersettings en sûnder CD. It giet hjir dus allinne om de ynhâld fan de gedichten, om de poëzy sels.
De besiele retoryk is noch oanwêzich, de eigenskipswurden noch altiten riinsk oanwêzich en soms spat bombast en ûnechtens fan de siden. Ik lês bygelyks ‘lemmetlange nullen fan hakken’, ‘parallelle hege skonken’, ‘rjemme fan in tiidleas bern’, ‘slangeliif’, ‘godlike Mythen’, ‘nimfen fan de see’, ‘timpel fan ’e goaden’, ‘nea befearne radiogolven’, ‘spegel fan de oseaan’ – it is bombastysk, retoarysk, ûnecht en foaral ôfsliten. Soms falsk mei heale metafoaren.
Ik haw my ferwûndere oer in fers dêr’t de namme Vincent yn ferskynt, mei in titel dy’t yn himsels flokt:
Dat kriizjend ljocht
Sille de tsjin de binnenkant fan syn hûd
En mei it kleuregefoel fan syn bloed skreaune
Brieven – ‘deze boom verschrikt mij’ – oan syn broer
Theo, dy’t ljocht as in sinneblom lies, Vincent
Op ’en doer faaks langer heugje litte as
Syn siel spegeljende doeken sûnder in thús?
Dat freegje ik my ôf yn it kleare ljocht,
Dat hjir tusken de lege wolken troch yn see
Wer tsjin dyselde wolken oer it lege
Wetterlân fan dit wietste Noardwest-Europa
Spat. It is dat kriizjend ljocht dat Rembrandt hjir
Yn Saskia har eagen wjerspegele seach,
Op in wolk fan ferwachting, Saskia, dy’t
My oansjocht yn Ingelsk ljocht oer Trafalgar Square.
Ik ken ‘knarsende, knerpende, krijsende meeuwen’ fan de graach alliterearjende Tachtigers, mar as ljocht, as sok ljocht yn Vincents skilderijen? Sille Vincent syn brieven him langer heuge as syn doeken? Of … Hettinga syn foardrachten him langer heuge litte as syn poëzy? Soks is wol in aparte gedachte.
Ik set fraachtekens by de metafoaren ‘mei kleuregefoel fan syn bloed skreaune / Brieven’, ‘ljocht as in sinneblom lies’, ‘siel spegeljende doeken sûnder in thús’, ‘kriizjend ljocht… yn Saskia har eagen wjerspegele’, ‘op in wolk fan ferwachting, Saskia’.
Der lizze foar my no noch fiif bondels dy’t nominearre binne. Fan dy fiif wurdt ferwachte dat ik myn favoryt oer de ôfrûne fjouwer jier oanwiis. Ik rin se allegearre nei, en begjin mei
Jacobus Q. Smink
Ier of let skriuwe dichters oer har jonge jierren, oer har bernetiid. Wa’t it meast bern bleaun is, skriuwt der fakentiids it bêst oer. Yn de twa eardere bondels Foar de famkes (Koperative Utjowerij, 1988) en Lingerich tekstyl en swarte side (Koperative Utjowerij, 1994) boarte Smink mei de taal en mei de wrâld. Dat bart ek wer yn Sondelfal (Friese Pers Boekerij, 2009), de nominearre bondel.
Ast nei lange tiid wer delfalst yn dyn bertedoarp dan sjochst saken dy’t in oar net waarnimme kin, op syn heechst lju fan deselde generaasje. As je dêroer skriuwe, kin dat in nostalgyske eksersysje wurde, of in omsjen yn ferwûndering en ferrassing, óf sels lulkens. Jo kinne ek sizze dat de dominohoutsjes rjocht lein wurde, of dat âlde rekkens ôfskreaun en oersljochte wurde yn in nije kontekst.
Yn Sondelfal bart dat op in boartlike wize. It mytysk fallen yn de leechte fan in jeugd is hjir lokkich net oanwêzich. Smink hat gjin djoere wurden nedich om it âlde doarp stal te jaan – syn bernetiid, syn âldershûs, syn opgroeien. Want dêr giet it oer.
Jacobus Smink is tige belutsen by syn gedichten, se steane net op grutte ôfstân nei him te sjen, harsels ôffreegjend – “hee, dat dy man dat allegearre betinke kin”. Mei oare wurden, soms tink ik by it lêzen oan autofiksje, dêr’t wol genôch ôfstân hâlden is fan de biografyske feiten yn de wurklikheid fan de dichter.
Dat hat foaral mei de taal te krijen dy’t troch Smink op syn eigen partikuliere wize brûkt wurdt – neologismen en streekwurden soms. As in skriuwer weromgiet nei syn jeugd komt er foar in wichtige fraach te stean: hokker taal brûk ik hjir yn dit spesjale gefal? De bernetaal of de oersetting yn de taal fan de folwoeksene? Soms bliuwt er tusken dy talen yn sitten, fan en ta mei it opofferjen fan grammatikale krektens. Dan ûntspoart it gedicht wolris.
Smink hat 52 gedichten skreaun – twa kear it alfabet, hoewol’t in pear letters ûntbrekke – de L, de Q, de R, de U, de V en de Z. Dat is in bytsje ûnlykwichtich. Ik hie no graach ris witte wollen hoe’t immen oan de namme Quiryn komt, der mei boartet yn syn útjeften en de betsjutting yn in fers ferwurket. Dat je de Z net brûke is te begripen, want dan is alles foarby.
In fers as ‘Hindrik spin oan syn froegere húsbân’ past net yn dizze bondel, want it is in anekdoate sûnder ynhâld. In fers as ‘Jacobsljedder’ is út it perspektyf fan in bern prachtich skreaun. It einiget sa: ‘klimt it bernefolk de himel yn en út.’
It gedicht ‘Klisjees fan in ferdreamde leafde’ is klisjee, want net relativearre. It wûnderbaarlikste mar wol heel krêftige gedicht is neffens my ‘Wite merje swarte hynst en lilke fisken’. Hjir komme realiteit en surrealiteit by elkoar, hjir wurdt in stânbyld oprjochte mei in grutte evokative sizzenskrêft (lêste rigels):
Stiennen byld dat boppe de Leien stiet en it is
Stil it wetter blak en slipe as in moaie spegel
As ik heit der letter nei freegje dan wit er neat
As dat it byld fan dy hynders der altyd al stie.
Abe de Vries
Yn syn besprek fan de bondel Sprankeskyn (Friese Pers Boekerij, 2010) fan Abe de Vries skriuwt Eppie Dam yn de LC dat de dichter wrâlden ferbynt. Ik haw dat spitigernôch net lêze kinnen. Ik sjoch yn feite twa dielen – de âlde Abe de Vries en in nijenien dy’t te keunstmjittich âlde klisjeewrâlden op ’e nij ta libben bringe wol. Dy twa wrâlden botse yn de gedichten sels.
Dêrtroch fyn ik de bondel net lywichtich. Itselde jildt foar de yllustraasjes – de fiif foto’s fan de deade bylden fan Pier Pander wurde yn ’e hannen fan in neaken froulik model noch neakener en dus pregnanter. De fiif fersen dy’t der by hearre foarmje foar my it begjin fan de bondel.
As yn dizze bondel oer de leafde praat wurdt– sûnder foarskreaune wetten – dan foarmje de fiif ‘timpelgedichten’ in boppeslach. Dat hat ek te krijen mei dy glêde Panderbylden dy’t noch feminyn, noch maskulyn binne – it libbene frommeske besiket se in geslacht te jaan, alteast magysk te betsjoenen. De dichter docht dat mei syn fersen. De Vries is hjir echt, en foaral autentyk. It libbet!
Yntear-leaf liif, doch groetenis
oan it twaljocht dat dy makket
ta ding en dei. Ik jou dy hûd:
wurdst benippele en betimpele.
De metafoaren yn de ‘timpelgedichten’ doge, it binne echt besiele fersen dy’t net lije ûnder de serebraliteit en konstruksjes bûten it gefoel om. De foto’s/bylden dogge gjin ôfbrek oan de fersen, mar ynspirearje en ferrykje.
Nei dizze ‘timpelgedichten’ komme yn twa searjes fan fiif noch tsien sterke gedichten – ‘Fier genôch om werom te gean’, en ‘Further On Up The road’. De dichter hat syn wrâld hjir wer yn eigen hannen, om’t er der sels yn stiet, om’t er neat keunstmjittichs hoecht te betinken. Hjir is identifikaasje foar de (alteast dizze) lêzer mooglik, ek al bestiet der ien generaasje ferskil yn leeftiid:
(Freondinne: myn leafste greide, in finne)
It paad útlein om te gean, komt út de feart wei
De sinne boppe it weevjend reidguod te stean.
Yn de fersen ‘Further On Up The Road’ is gebrûk makke fan in songtekst fan Bruce Springsteen. Se jouwe wat ekstra’s dat yn guon foto’s ûntbrekt. De dichter, de ‘ik’ is ‘Further On Up The Road’:
De wei is lang. Ik riid blynseach foarby Burdaard.
De bondel slút ôf mei sân gedichten dêr’t wichtige dichtersnammen ûnder stean – Osip Mandelstam (3x), Pablo Neruda (1x), René Char (2x), Rainer Maria Rilke (1x). Ik ken de poëzy fan Char en Neruda goed. De lêste hat mei syn ‘Canto General’ in monumint foar de poëzy oprjochte. René Char hearde by de groep surrealisten lykas André Breton, Louis Aragon, René Crevel en bygelyks Paul Eluard. Hoe’t dizze fjouwer dichters hjir mei elkoar yn ferbân brocht wurde moatte, én mei de poëzy fan De Vries is my net dúdlik wurden.
De oersetting fan it fers fan Neruda sa’t ik fia it orizjineel neigongen haw mei myn Spaanske freondinne/oersetster kloppet net – dat is in eufemisme. De oare oersettings haw ik doe mar sjitte litten.
Eeltsje Hettinga
Yn 1998 hat Koos Dalstra by útjouwerij Pegasus yn Amsterdam syn ‘Vienna-Beha/Ader-Beha ferskine litten (339 siden). Yn it Nederlânsk en yn it Russysk. It boek befettet proaza, poëzy, essays en twa grutte dokumintêre-achtige ferhalen oer Bas Jan Ader – Ader in Moskou (44 siden) en Ader in Almere (68 siden).
Dalstra hat yn it begjin fan 2000 yn Galicië en Asturias op syk west nei it boatsje fan Ader dat dêr neffens guon ferhalen oanspield wêze soe. Foar de performer Dalstra wie Ader mear as in hype en/of moadeferskynsel – in kollega hast.
Ader ferdwûn yn 1975 op de leeftiid fan 33 jier, yn in boat op de Atlantyske Oseaan. Hy hie it ultime konseptuele keunstwurk makke – fan himsels.
Bas Jan Ader hat fotografearre, films makke en performings jûn, benammen yn Los Angeles yn de santiger jierren, dêr’t er by de avantgardistyske streamings hearde. Se sochten de relaasje tusken de keunst en it libben. Foar Ader wie keunst sawol in werklikheid as in metafoaryske reis, mar ek in proses fan (sels)ûntdekking. Yn dat geheel spylje morele oerwagings fan goed of fout, fan oerlibje of falle en mislearje gjin rol.
As it sintrale tema fan Hettinga syn nominearre bondel Ikader (Gerben Rypma Stifting, 2012) (Ik, (BJ) Ader), Ikarus en de fal fan de mins foarstelle of ferbyldzje moat, dan kin it wurk fan Ader in oanlieding west hawwe, mar perfoarst gjin útgongspunt. Goed en kwea spylje by Ader gjin rol – hy sjocht libben en keunst as in proses, sûnder morele oardielen.
Ik haw de bondel fan Hettinga op in oare wize lêzen, en fyn dêrtroch fan Part II de siden 42 oant 60 it meast ynteressant, en dêryn wer de fersen fan ‘Sault St. Marie’ – foaral ‘De stikken’ en ‘Etymologyen’ binne hichtepunten.
Yn de notysjes stiet dat se skreaun binne ta neitins fan Francien van der Meer. Ik wit neat fan de relaasje tusken dizze frou en de skriuwer, ik lês de fersen as gedichten dy’t mei in ferstoarne ha te krijen. Ik kin my der mei identifisearje – mei it ferlies fan in freondinne (Josse de Haan, Sliepe yn Spinreach (Koperative Utjowerij, 1975).
Dêr’t men yn de ôfdieling ‘Ikader’ ôfstân en ôfstanlikheid fielt en lêst – soms keunstmjittich oanfielen – dêr springt yn de fersen ‘Sault St. Marie’ en fierder de autentisiteit jin temjitte; it is allegearre trochlibbe. Dizze tolve fersen hearre by de bêste dy’t troch dizze dichter skreaun binne:
Sault St. Marie, oprizen sjoch ik earst
de sinne, dyn stal, dyn lichem, wyt út de Grutte Marren wei
oer it ûnlân fan de romte tusken
twa fiere kusten.
Nei de syklus ‘Ynsnijd’ komt it part ‘Aansichten’ mei gedichten dy’t skreaun binne mei ynspiraasje fan oare dichters en guon skilders. Arjan Hut en Elmar Kuiper hawwe mei de bondels Tin en Granytglimkes (sjoch hjirfoar) Hettinga gedichten yn de pinne jûn. In ‘Aansicht’ jout in oantinken oan dat wat yndruk makke, en jo wolle in oar op ’e hichte bringe fan dy ûnderfining fan skientme.
Dat is in foarm fan yntertekstualiteit dy’t je net sa faak sjogge. It is nijsgjirrich, om’t de persoanen dy’t Hettinga neamt der ta dogge. Soms is it anekdoatysk, mar ek dat hoecht net negatyf te wêzen. Dichters en skilders ha elkoar al ieuwen beynfloede.
Eppie Dam
De bondel Mem sjoch boi (Friese Pers Boekerij, 2012) fan Eppie Dam komt op my oer as in funksjonele dokumintêre dêr’t alle aspekten fan it memwêzen beljochte wurde – koel, serebraal en rasjoneel. De ynhâld is kâld, ôfstanlik en folslein a-emosjoneel. It is tige koart troch de bocht, it anekdoatyske smelle fan ien mem wurdt net generalisearre nei it wêzen fan in mem, better, nei dat fan in frou of de frou dy’t ek mem is. Ien skoanmem ferskynt, en dy is geweldich.
In mem is earst en foaral frou neffens myn ûnderfinings. Hjir komt dat aspekt net of hast net nei foaren. Dam is like kâld yn syn fersen as de mem dy’t er beskriuwt. Jo kinne sizze: telle mère tel fils. It hie in doku-drama wurde kinnen – alles leit klear foar it teaterstik.
My skeat yn ’t sin hoe’t Benny Holtrop yn 1995 by de Koperative Utjowerij de bondel Lyts ferdomme ferskine liet. Lykas Dam komt ek Holtrop út in húshâlding dêr’t de bibel en in koele mem de haadrollen yn spylje. Mar Holtrop sketst al even in oare wrâld.
Dêr’t Dam emoasjeleas beskriuwt, beskuldiget, fêststelt, gjin fragen opsmyt, noch altiten nei sechtich jier in ferwûne haadpersoan sjoot yn de persoan fan it folwoeksen jonkje, dêr batst Holtrop der yn – de mem fan Holtrop wurdt in frou dy’t ferrie pleecht tsjinoer it jonkje, dy’t acher de heit oanrint dy’t in ferkearde kar makket.
Holtrop ferbynt de mem oan de heit, Holtrop makket fan de mem as earste in frou. By Dam is de mem gjin frou, by Dam spilet de heit gjin inkelde rol. As simpele lêzer tinke je dan – de haadpersoan (it boike) sil wol fereale wêze op de mem. Mar nee, neat fan dat alles, it boike is misledige. De ik yn de bondel fan Dam (boike, ek as folwoeksene) is kwetst, want:
‘Jo ha noch noait in letter fan my lêzen.
‘Op jo boekeplankje stean myn fersen
‘tusken Sissi’s en Oranjes yn.
It sil allegearre wol metafoarysk wêze, mar wat moatte/meie jo easkje fan in frou (in mem) út in kristlik fermidden, berne yn de jierren (Dam is fan ’53 lykas myn broer) tweintich? Op syn minst hie de dichter oanjaan moatten hoe’t it komt dat de mem de fersen fan de soan, De Dichter, net lêst, mar de foarkar jout oan Sissys en Oranjes (oplieding, opfieding, omkriten ensfh.).
Benny Holtrop leit yn syn bondel de eksistinsjele iensumheid bleat fan de mem, fan de heit en fan it jonkje. By Holtrop libje se alle trije – de mem wurdt ék in frou dy’t tusken de heit en de soan stiet. Soms hat er har even foar himsels:
Dyn nachtpon iepenteare,
De holle tusken dyn boarsten wrotte,
De tiid dy’t ús ûntkaam is,
Dêrsto yn achterbleaun bist
De rêch takeare.
Dam notulearret wurden as in boekhâlder – se komme as klisjeegedichten oer wurk fan skilders en de bibel op jin ta. Technysk goed skreaun mar folslein libbenleas. Ik fyn dit wurk heel flak, en op ôfstân skreaun. As jo dan sa noadich Erica Jong, Herman de Conink, Joseph Beuys en Frida Kahlo brûke wolle, besykje dan ek yn dy emoasjonele figueren te krûpen. Ek yn in Frida Kahlo dy’t mei in mem nea wat hân hat, wol mei de pine fan it bestean – as frou! Erica Jong ferbine mei it memwêzen is hast blasfemy – Fear of flying hie mear mei it radikale feminisme as mei de definysje fan de mem, mear mei erotyk as mei tate. No sa!
Eppie Dam giet yn syn bondel de drama’s net út de wei. It beskriuwen fan skilderijen en it ferhaal dêrachter heart by in dokumintêre, it hat mei poëzy neat te krijen. In foarbyld.
Egon Schiele en syn frou stoaren troch de Spaanske gryp. It giet hjir dus oer it lot fan in mem:
Mei 28 iensum op syn bier.
Hja dy’t er fêstlein hie op ynwyt linnen
Stoar trije dagen earder, poer allinne –
Ek oan gryp, en tritich wiken swier.
Elske Kampen:
‘All experiences are going through the body’ (Maite González Esnal oer de Portugeeske dichter Eugénio de Andrade fan wa’t se in antology oersetten hat yn it Baskysk, mei in ynlieding op syn poëzy). Jo kinne it lichaamlike poëzy neame.
Der hat in tiid west yn de Nederlânske poëzywrâld dat datsoarte fan poëzy heech wurdearre waard, en foaral skreaun. De iene metafoar jage de oare, de poëzy stie yn de brân, want it lichem wie oan alle einen en kanten ûnderwerp fan ûndersyk.
Paul Rodenko omskriuwt dit aspekt yn Tussen de regels (1956): ‘Se stribje nei in sintúchlike direktens, nei wat Lucebert neamde “it lichaamlike gedicht”. Mei sintúchlike direktens bedoel ik dan in aksintferskowing nei dy sintugen dy’t, oars as it each, noch sterk mei de lichemsfunksjes ferbûn binne – rook, gehoar, en foaral de taastsin. De taal sels wurdt lichaamlik ûnderfûn/ûndergien, net as “ekspresje” fan in idee, mar as in lichaamlike geste, as de “beweging” fan in “ekspresje”’. Hy beslút mei te sizzen: ‘Wat jo begripe fan in gedicht is no krekt net it wêzen fan in gedicht, in gedicht moat jo wat dwaan en net wat fertelle.’
Eppie Dam fertelt ferhaaltsjes oer de mem, mar se dogge je neat. Arjan Hut skriuwt neffens Dam ‘ûntagonklike’ poëzy, mar dy poëzy docht je in soad – krekt it net begrypbere is hjir it wêzen.
Poëzy moat iepen stean foar alle sintugen, appelearje oan de totale persoanlikheid. By de eksperimintelen yn de 50-er en 60- er jierren dominearren de ferskynsels ljocht en lucht. Ek wurden as mûle, tonge, stim, lippen, tosken, wurden, prate, sykheljen, hân, teken, fingers spilen in dominante rol. It byld, de keunstige metafoar, is direkte oantsjutting wurden.
En dan falt dêre in bondel gedichten yn jins brievebus mei as titel Fan glês it brekken (Friese Pers Boekerij, 2010), dêr’t ik omskriuwings en metafoaren lês as:
ljocht (26 x), hannen (22x), eagen (17 x), fingers (10 x), skaad (10 x), skonken/bleate knibbels (8x), spegel (8x), hûd (7x). Ek wurde gauris brûkt holle, earmen, lichem, glês, bern, teannen, earen, stilte, mûle, sinne. Lichaamliker en ljochter kin it hast net.
Alle ûnderfinings fan de ‘ik’ krije stal troch en yn it lichem, troch it ljocht en it skaad – mar it ljocht oerhearsket.
Ik haw genoaten fan dizze bondel, fan dizze fersen dy’t ferbining hawwe mei de literateur dy’t der ta docht, dy’t ferwize nei wichtige ûntwikkelingen en dochs heel wat nijs bringe. As de wurden op in stuit út it skaad komme, en yn it helle ljocht stean krije se in hast magyske betsjutting, net om te begripen mar om de lêzer te betsjoenen. De lêste strofe fan it twadde fers bygelyks:
Faaks is dyn rêch op in ljochte moarn
reewillich en lit it yn waarme streken
sinneljocht stadich oer him krûpe
loert it oer dyn skouder en tsjoent it
letters swart as krobben út dyn hân
en lit se yn it sân, as lûkt de grûn,
ta wurden rûgelje.
It byld ‘krobben út dyn hân’ is in surrealistysk byld dat Buñuel en Dali brûkt hawwe yn in film (Le chien andalou), en dat iksels yn myn roman Forneukte Stêd in rol jou as op in stuit eamelders op in skaakboerd ferskine en de haadpersoan stypje om te winnen fan syn opponint dy’t troch de eamelders op ’e doele rekket. Krobben feroarje troch it ljocht yn wurden – as se yn it koele sân harsels wurde.
Dam wol ha yn syn besprek dat Kampen har poëzy in gearmjuks is fan de poëzy fan Abe de Vries, Albertina Soepboer en de Hettinga’s. Soks te sizzen is hast misledigjend – mei de eleminten fan it lichem, it ljocht en it skaad sa’t ik oantoand haw, hat Kampen poëzy skreaun dy’t folslein mei de taal en harsels te krijen hat. Mochten der al ynfloeden west hawwe dan ha se mei oare dichters te krijen. Soms haw ik tocht oan Ellen Warmond, en in bytsje oan myn favoryt út it ferline – Lucebert. Hjir in fragmint út:
UNDER LJOCHTE WOLKEN
De rêch tsjin in ljochte muorre, sa stie er yn ‘e buorren
en wachte op wat it libben wêze koe, de eagen taknypt
tsjin ‘e sinne. Hy wachte, wylst de dagen oer syn holle
waaiden, it rûzjen hieltyd djipper yn syn eagen kroep.
Hy wachte oant each en mûle floeiber út syn glimkjen
foelen. Hy wachte en woe foargoed ûnsichtber wurde.
As ‘each en mûle floeiber út syn glimkjen / foelen’, wachtsjend op it ‘foargoed ûnsichtber wurde’(n), is oan de ultime winsk fan de dichter foldien – it giet om it fers. Dat hat in dichter as Gerrit Achterberg ek sein: ‘Jacht op de vonk der verzen…’, want dan bart dit:
dy’t glimkjend nochris snaren spant en
himsels en syn fioele ta libben sjongt.
De autentisiteit fan de fersen fan Elske Kampen, de folslein eigen stim en styl meitsje dat sy neffens my dit jier de Gysbert Japicxpriis foar poëzy hawwe moat. Faaks moat in frou yn Fryslân – sjoch de histoarje – twa kear sa goed wêze as in man om dizze priis te krijen. No, dat is hjir neffens my it gefal.
Dit stik is ta stân kommen nei’t Tresoar de redaksje fan Ensafh frege hie oft dy der foar fielde om immen de opdracht te jaan in stik te skriuwen dêr’t de 7 nominearre dichtbondsels foar de Gysbert Japicx-priis 2013 yn hifke wurde moasten en de auteur syn foarkar yn útspruts. Ensafh is op dat fersyk yngongen en hat foar de opdracht doe Josse de Haan frege. Tresoar hat bydroegen oan de finansiering fan de opdracht.