12-09-13 presintaasje nije roman Marga Claus

logo.ensafh

Yn de H.Nicolaastsjerke fan Sint Nyk wurdt tongersdei 12 septimber, jûns om 19.30 oere, de nije roman ‘Kompleten’ fan Marga Claus presintearre.
Healwei de tweintichste ieu is der yn de Braziliaanske melaatskenkoloanje sprake fan wûnderlike Mariaferskiningen, mei dêrby fleskes miswyn dy’t spontaan oerrinne, en slim sike minsken dy’t ynienen genêzen binne. De nuchtere Boalserter pater Rogatus Hoogma besiket dat mystearje te befetsjen, mar Rome wol der gjin praat fan hawwe.
Anno 2010 lûkt in Fryske skriuwster har acht dagen werom yn in benedictinerkleaster om de histoaryske brieven oer dy melaatsken te lêzen. Se wit net dat dy brieven oer sykte en genêzing én har ferbliuw yn it kleaster benammen wat oer har eigen takomst fertelle.
Fan Marga Claus (Ljouwert, 1955) ferskynden sûnt 2000 fjouwer (dokumintêre)romans. Twa titels kamen út yn in Nederlânske oersetting, by útjouwerij Van Gennep yn Amsterdam.
Henk Jongerius (dichter-skriuwer, Dominicaan): ‘Met schalkse opmerkzaamheid en een knipoog beschrijft de auteur details uit het kloosterleven.’
It boek wurdt feestlik presintearre yn de H. Nicolaasstjerke fan St. Nyk. De presintaasje begjint by de Lourdesgrot achter de tsjerke, om’t yn it boek brieven foarkomme dy’t tinken dogge oan it wûnder fan Lourdes.
Henk Jongerius, dominicaan út it kleaster fan Huissen, bekend om syn prachtige lieten yn de GVL, sil oer de roman fertelle en oer it kleasterlibben dat in wichtige rol spilet yn de roman.

Marga Claus, Kompleten ISBN: 978 90 6273 915 8

Boarne: Jouster Courant

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *