Sjueryferslach oersetwedstriid: Baukje Zijlstra wint

logo.ensafh

Sjueryferslach oersetwedstriid
De Bres, Ljouwert
10 septimber 2013

Anne Popkema

Ien fan de aksjes om de takenning fan de Gysbert Japicxpriis 2013 ekstra omtinken te jaan, wie it útskriuwen fan in oersetwedstriid. Fan eltse nominearre bondel, útsein dy fan Tsjêbbe Hettinga, is in gedicht selektearre. Dy gedichten binne op de literatuersite Sirkwy.nl set en dêrnei ek oerset yn it Ingelsk. Dêrnei hat Tresoar de lapen gearsmiten mei de Grinzer stúdzje Frysk – of men moat no sizze Minorities and Multilingualism – en it publyk útdage om Nederlânske oersettings te meitsjen. Doeke Sijens, Maaike Andringa en iksels binne frege om de ynstjoerde oersettings te hifkjen en trije winners út te kiezen. Dat is oars in novum, tink ik, want wannear bestie in Fryske literêre priis-sjuery earder út trije Grinzers?

De wedstriid hat 51 Nederlânske ynstjoerings opsmiten – en ien Biltske. Guon ha meardere of sels alle gedichten oerset, de measten ha ien gedicht útkeazen. Men mei oannimme dat elts it gedicht keazen hat dat hy of sy it moaiste fûn. Grif net it gedicht dat er it maklikst fûn, want oars soe nimmen Eppie Dam syn Mem sjoch boi útkeazen ha. It foel de sjuery op
dat dát gedicht de oersetters fierwei de measte holbrekkens koste ha moat.

De koarte, kearneftige en tagelyk sa emosjoneel beladene wurden ‘mem’ en ‘heit’ beskiede foar in part it ritme fan Dam syn prachtige gedicht, mar krekt dy wurden binne sa dreech yn it Nederlânsk wer te jaan sûnder dat ritme te brekken en it gefoel te ferliezen. De iepeningssin makket de oersetter wat dat oangiet al mismoedich: Is taal fan mem? Komôf it lân fan heit? Ik daagje de oankommende Gysbertwinner graach út om Dam syn moaie gedicht te ferhollânskjen. Benammen as dat Dam sels is.

Wy ha hiel knappe en strieminne oersettings sjoen, tige tûke taalmasters, mar ek krûme knoffelhakken. Mar eltse oersetting hie wol, op syn minst, ien moaie fynst. De hannen jûkje jin eins om al dy moaie fynsten yninoar te skowen om sa ien prachtige nije Frankenstein fan in gedicht te konstruearjen.
Mar hoe dan ek fertsjinnet eltse oersetting ús wurdearring, want dat it foar eltse oersetter in poepetoer west hat – foar de krekt wat minderen likegoed as foar de alderbêsten – dat is ús wol dúdlik wurden. En dan is it nammerste knapper as der dochs noch in moai nustje goede en sels guon treflike oersettings út sa’n steapel rûgeljen komme. Trije fan dy trefliken wurde hjir beleanne mei in pryske en in bewyske Gysbertgloarje. Yn alle trije gefallen giet it om oersetters mei in dichterlike siel, dy’t deryn slagge binne om in keunstwurk noch keunstiger te meitsjen. Want alhoewol’t der fanneden altiten wat ferlern giet yn in oersetting, wurdt yn goede oersettings ek wat tafoege. Dat is yn dizze trije gefallen slagge.

 

De tredde priis in oersetting fan Abe de Vries syn De Sielspaden. De oersetter is deryn slagge en hip behindich oer guon tûkelteammen hinne dy’t de measte oersetters stroffelje litten ha. It moaie gedicht fan De Vries is rjocht dien. De oersetter dy’t no, ûnder applaus, nei foarren komme mei om aanst de tredde priis yn ûntfangst te nimmen is: Oep Elbers!

De twadde priis giet nei in oersetter fan Jacobus Smink syn Sondelfal. Hjir lei de útdaging benammen yn it oerbringen fan it ynearsten mankelike, mar letteroan ek justjes ûnnoflike gefoel en dêrby Smink syn wûnderwurdsjes net te fergriemen. Wurden as slydskje, in terptearre hert ha gâns lading en dy lading is yn dizze oersetting knap bewarre bleaun. In subtile kar wie boppedat om, as Smink oer syn pake dichtet, dy namme – ik sis mei sin: namme – net ta ‘opa’ te ferhollânskjen, mar it sa stean te litten. Dat binne de lytse dinkjes dy’t de yntinsiteit fan in gedicht oereinhâlde. De oersetster dy’t de twadde priis wûn hat is: Elske Schotanus!

Mar dit is in wedstriid en der kin mar ien winner wêze. Dy hat it gedicht fan Eeltsje Hettinga útkeazen, De gongen. De prachtige sfear dy’t Hettinga opropt bliuwt hielendal bewarre. As Hettinga it oer risseljend wylgeguod hat, ha de measte oersetters it oer ritselende wilgentakken of sa. De winner net, dy nimt it folle treffender ruisend wilgenblad, wat it lûd fan risseljen folle better werjout as ritselen. En yn de twadde strofe, dêr’t Hettinga yn skriuwt oer it dûken yn it wetter, hat Hettinga in moaie ipi bewuolle, dêr’t dizze oersetter as iennige net yn fertiisd rekke is. Ferjou de taaldosint yn my as er jo koart útlizze wol wat in ipi is. Mei in ipi, in imperitivus pro infinitivo, kinst yn it Frysk itselde sizze as watst oars mei ‘om te’ sizze soest. “Ik tink dat it goed is om te ferhúzjen” wurdt dan: “ik tink dat it goed is en ferhúzje”. En yn it gedicht is it dizze ipi: Der is de dream en / bliuw ûnder yn wat gjin foarm hat. Dat is troch de priiswinner oerset as Daar is de droom onder te / blijven in wat vorm ontbeert.Hettinga syn dierbere ipi is troch de priiswinner dus werkend en honorearre. Om noch in lêste foarbyld fan it masterskip fan de oersetter te jaan: in fynst fûn de sjuery de oersetting fan de rigels: Boppe wetter lis ik útteld / yn dûnkere ierde. Dêr hat de oersetter fan makke: Boven water lig ik gevloerd / in donkere aarde. Gevloerd dus, wylst as goed as alle oare oersetters frij letterlik ‘uitgeteld’ oerset ha. Gevloerd foeget hjir lykwols echt wat ta. Doe’t wy dy sin liezen, wie it ús alletrije dúdlik, en dus binne wy dêr ek unanym yn: dizze oersetter fertsjinnet de earste priis. Se sil har eigen wurden al herkend ha, de winner fan de oersetwedstriid is, en jou har in daverjend applaus: Baukje Zijlstra!

Priiswinnende fersen, teksten

Boarne: sirkwy.nl

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *