
Nei in prachtige lêzerssimmer belooft it in hearlike lêzershjerst te wurden. Nei it lege tempo fan de smûke simmerdagen komt yn septimber it libben wer op gong en gûnzet en sûzet it fan de nije útjeften en aktiviteiten. De list mei nije farske boeken is wer lang, de list mei bjusterbaarlike barrens foar de kommende tiid docht dêr wier net foar ûnder. Nei it feest fan de UITmarkt kaam it feest fan de Kulturele Haadstêd 2018 ynearsten ta in hichtepunt, mar wy sette fuort troch mei it feest fan it Frysk Museum en it feest fan it Fryske Boek, letteroan folge troch it it grutte Ensafheest op 4 oktober, it feest fan Gysbert Japicx en it feest fan ’e Frankfurter Buchmesse. In feest is it ek om te hearren en te lêzen wat elk al as net fynt fan al dy feesten.
It wiere feest is lykwols it grutte ferskaat oan nije boeken en âlde kunden – sawol skriuwers en personaazjes, as guon klassike boeken. De nijsgjirrichste nijkommers dizze moanne binne oars de skriuwers fan it kado- en aksjeboek – Atte Jongstra en Caja Cazemier. Nijsgjirrich benammen fanwegen it feit dat hja Nederlânske boeken skreaun ha dy’t dêrnei oersetten binne nei it Frysk. Wat soks seit of sizze moat oer de Fryske literatuer is noch net fuort dúdlik, al wurdt de slachrjemme op ’e taart der wol in bytsje soer fan. Hawar, Djipte fan Atte Jongstra krije jo fergees by oankeap fan in Frysk boek yn de Moanne fan it Fryske boek, Foarstelling fan Caja Cazemier is te krijen foar mar € 4,95 yn de Berneboeketiid – selde moanne, oare webside, gjin links.
NB: it keapjen fan boeken ha wy besocht sa maklik mooglik te meitsjen; as jo yn it oersjoch hjirûnder klikke op de link fan de útjouwer, komme jo fuort by it oanbelangjende boek yn de oanbelangjende útjouwerswebshop telâne!
NB2: Ha jo sels in nij boek of kenne jo in nij boek dat noch net ferskynd is of noch net yn dizze rubryk stiet, nim dan kontakt op mei redaksje@ensafh.nl.
NB3: in soad lêswille tawinske!
Poëzij
Willem Abma – bloemlezing door Jan Hofstra
Onbedoeld – de dichter als pastor
Karmelklooster, Drachten july 2013
ISBN 97890 8056 7382 (32 siden)
Ferkeappriis € 15,-
Onbedoeld – de dichter als pastor is een tweetalige mini-bloemlezing uit het werk van Willem Abma, samengesteld door Jan Hofstra. Het is een bundeltje waarin we “weinig vroomheid ontmoeten” maar wel een dichter die volgens de samensteller “luistert naar de wisselvalligheden van het menselijk lot”. De vertaling is van Sytze de Vries.
Klaas Bruinsma (oersetter)
Fersen fan en oer Gadso Coopmans – professor yn de medisinen oan de Akademy fan Frjentsjer
Elikser, Ljouwert augustus 2013
ISBN 97890 8954 5572 (167 siden)
Ferkeappriis € 15,-
Klaas Bruinsma hat dizze gedichten fan Gadso Coopmans (1746-1810) – heechlearaar yn Frjentsjer, patriot en ferneamd Latynsk dichter – oerset yn geef Frysk en dêrmei foar de ynteressearre lêzers tagonklik makke.
Anne Feddema
Op myn stjerbêd wol ik tate ha
Afûk, Ljouwert 2013
ISBN 97890 6273 9486
Ferkeappriis € 15,-
“De bondel rint aardich op mei myn skilderwurk, dat spilet him ek om it hûs ôf. Krekter sein, yn ‘e tún. Hoewol’t de bondel tematysk net in soad ôfwykt fan myn eardere dichtwurk, binne mankelikens, it âlder wurden, it yn it ferfal reitsjen, iensumens en de dea wichtiger. Aldergeloks wol mei de nedige relativearjende humor.”
Meindert Bylsma
Rys mei rezinen, grôt mei krôde
Elikser, Ljouwert augustus 2013
ISBN 97890 8954 5602 (45 siden)
Ferkeappriis € 10,-
Dizze bondel tusken proaza en poëzij yn, yn de fan Meindert Bylsma bekende boartlike en humoristyske styl hat as tema’s ferfrjemding, ferwûndering en oantinkens oan earder tiden. Bylsma kombinearret koartswyl en earnst op linige en orizjinele wize.
Baukje Wytsma – Wolf Elbruch (yllustraasjes)
Ik ek fan dy
Afûk, Ljouwert septimber 2013
ISBN 97890 6273 9608 (48 siden)
Ferkeappriis € 12,50
De leafde is in himelfjoer
it lôget op, it bettert oer
‘t oerfalt dy ienris, ier of let,
hast gjin ferwar, do kearst it net.
Proaza
Marga Claus
Kompleten
Afûk, Ljouwert 2013
ISBN 97890 6273 9585
Ferkeappriis € 17,50 (presintaasje 12 septimber yn Sint Nyk)
Yn it midden fan de tweintichste ieu is der yn de Braziliaanske leprakoloanje Santa Isabel sprake fan wûnderlike Mariaferskiningen, fleskes miswyn dy’t oerrinne en genêzingen fan slim sike minsken. De nuchtere Boalserter pater Rogatus Hoogma besiket dat mystearje te befetsjen, mar Rome wol der gjin sprekken fan lije. Anno 2010 lûkt in Fryske skriuwster har acht dagen werom yn in Benediktijner kleaster om de histoaryske brieven oer de melaatsken by Belo Horizonte te lêzen. Se wit net dat dy brieven oer sykte en genêzing én har ferbliuw yn it kleaster benammen wat oer har eigen takomst fertelle.
Eric Hoekstra
Lofts! Rjochts! Lofts! Rjochts!
Elikser, Ljouwert augustus 2013
ISBN 97890 8954 5596 (121 siden)
Ferkeappriis € 12,50
Lofts rjochts lofts rjochts! Sa marsjearret it leger en sa marsjearret de polityk. En dy hiene yn Afghanistan fan alles mei-inoar te krijen. Yn dit nijste aventoer fan Desiderius komt de ûnderste stien boppe as ús held ronsele wurdt en yn it Nederlânske leger yn Afghanistan bedarret. Hy wurdt finzen nommen troch de Taliban en belibbet in protte eksoatyske aventoeren. Mar ein goed al goed. Warskôging: yn dizze skelmeroman komt ek in sekssêne foar, dus inkeld foar 18 jier en âlder.
Tineke de Jager-van der Zee
Kiloknaller
KFFB, Dokkum 2013
ISBN 97890 7491 8961
Ferkeappriis € 16,00 (by de printer)
Akkelyn is in frou fan fiifentritich jier, dy’t in probleem hat, dêr’t se har hiele libben al mei omwrakselet. Der is noch ien oplossing, tinkt se. Se reizget ôf nei it bûtenlân. Dêr hat se it earst tige dreech, mar letter liket it mei har de goede kant op te gean. Akkelyn hat der alle betrouwen yn, dat se nei ferrin fan tiid as in oar minske wer thúskomme sil. Dan bart der eat dat har libben in hiele oare kant opstjoere sil en har striid om te libjen wurdt in striid om te oerlibjen.
Klaas Rusticus
De brimstige ingel
Hispel, Wiuwert 2013
Ferkeappriis € 15,-
Ferhalebondel oer de jeugd fan de skriuwer yn Snits en oer wat er meimakke hat as filmregisseur oan frjemde kimen, benammen yn eardere Eastbloklannen en ek op oare tochten. Rusticus skriuwt feitlik, mar tagelyk ek byldzjend en poëtysk oer situaasjes en stimmingen, dy’t út harsels de lêzer gauris wat fernuverje sille. Skreaun yn koarte rigels tekst om de lêzer makliker ta de wrâld fan de skriuwer trochkringe te litten, al liket dy wrâld bytiden ek ryklik fantastysk.
Hilda Talsma
It Geloksbern
Elikser, Ljouwert septimber 2013
ISBN papier 97890 8954 5381 (219 siden) – ferkeappriis € 18,50
ISBN e-book 97890 8954 5657 – ferkeappriis € 8,50
Mei dit tredde diel oer Elske, Ronny en Betty slút Hilda Talsma dizze searje op in tige meinimmende wize ôf. Har flotte en humoristyske styl en de fanselssprekkende natuerlikens fan de haadpersoanen sprekke in breed publyk oan. In spannend boek, dêr’t in protte yn bart. Earder skreau Hilda Talsma De twadde hûd, wêryn’t Ronny en Elske inoar nei jierren wer treffe. Yn Flammen stiet har houliksfeest sintraal. En yn dit tredde diel komme de ferskillende linen byinoar.
Willem Verf
Bûtenman & Bûtenfrou
Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2013
ISBN 97890 3300 4063 (160 siden)
Ferkeappriis € 13,95
Einte Jongsma feroaret fan in freonlike, ûnskuldige jongeman yn in goed fertsjinjende drugsdealer yn ‘e noardlike Fryske Wâlden. Derfoar moat er hast twa jier sitte. Hy makket in plan om nei syn frijlitting regaad te meitsjen. Dat plan fiert er út en dan reizget er nei Istanbûl: hy wol Fryslân achter him litte. Yn Istanbûl ontmoetet er Emine, in bysûndere jonge mem. Oer en wer fiele hja in grutte oantrekkingskrêft foar inoar.
Ale S. van Zandbergen
Littenser Merke
Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2013
ISBN papier 97890 3300 4223 (405 siden) – ferkeappriis € 17,50
ISBN e-book 97890 3300 3639 (e-pub) – ferkeappriis € 14,00
Yn de Fryske greidhoeke longeret Eeuwkje, in jonge dûmnysfrou, nei in bern. Wêrom is har man, dûmny Laurman, net by steat om har djipste winsk te ferfoljen? Alles stiet yn bloei, ek Eeuwkje, mar it duorret ferskuorrend lang foar de ferlossing komt.
Mear as in ieu letter libbet it slachtersoantsje Liuwe Bosgra yn itselde doarp, mar wol yn in hiele oare tiid. Superyntelligint en ek wat autistysk stiet er yn de wrâld.
Ale S. van Zandbergen hat in ferskuorrend moaie debútroman skreaun oer twa haadpersoanen dy’t hiel fier fan inoar of lykje te stean. In wrâld fol skientme en heimsinnige spegelingen.
Non-fiksje
Annelys de Vet & Roelof Koster (red.)
Subjectieve Atlas van Fryslân | Subjective Atlas of Fryslân
Afûk – Keunstwurk – Academie voor Popcultuur
ISBN 97890 6273 9578 (192 siden)
Ferkeappriis € 14,50
In de Subjectieve Atlas van Fryslân beantwoordt een bevlogen groep Friese ontwerpers en kunstenaars vragen als “wat betekent het om in Fryslân te wonen?” en “wat kenmerkt het dagelijks leven?”. Van zelfredzaamheid tot zorg, van boerderijen tot hoogbouw en van oranjekoeken tot beeldende kunst. Het resultaat is een collectie beelden, kaarten en foto’s die wellicht de huidige ziel van Fryslân ontsluiert. Soms op ontroerende wijze, op andere momenten de harde realiteit spiegelend of sporen trekkend langs de horizon, dwars door de huishoudens heen. Deze atlas is daarmee een poëtische vorm van antropologie geworden die de actuele identiteit van Fryslân bevraagt, voorbij de nostalgie en clichés.
Klaas Dijkstra
Killers – Topschutters van het Friese amateurvoetbal
Uitgeverij Louise, Grou 2013
Ferkeappriis € 17,50 (248 siden)
Het boek Killers is een ode aan de aanvaller. Met mooie, openhartige verhalen opgetekend door Klaas Dijkstra; zonder opsmuk, zonder dedain geschreven. In dit boek is geen plaats voor Marco van Basten en Johan Cruijff; dit boek behoort toe aan Dicky Schievink, Tinus Vermaning en Corrie Bakker. Zij zijn de ware topschutters en superspitsen van het Friese amateurvoetbal.
Josse de Haan
Frozen moonlight yn myn hannen
Elikser, Ljouwert septimber 2013
ISBN 97890 8954 5374 (300 siden)
Ferkeappriis € 24,50
Dit boek befettet wurk fan de lêste fiif jier, meast yn it Frysk, mar ek yn it Nederlânsk en yn it Ingelsk: resinsjes, literatuerkritiken, polemiken, skôgingen, poëzy, anarkys (fisuele poëzy), analyzes en essays, primêre en sekundêre literatuer.
Guon stikken binne earder ferskynd, û.o. yn literêre tydskriften, oaren binne nij. It boek befettet in nijsgjirrich stikje literatuerhistoarje en jout in oersjoch fan alle ferskillende soarten literatuer dy’t Josse de Haan beoefenet. It jout dêrmei in goed byld fan dy ferskillende literêre sjenres en lit sjen wat hy mei literatuer dwaan kin.
Aly van der Mark
De lêste Hikke
Friese Pers Boekerij, Ljouwert septimber 2013
ISBN 97890 3300 4131 (96 siden)
Ferkeappriis € 10,- (ferskynt 17 septimber)
Bern nei de âlden of nei pake of beppe ferneame wurdt sa stadichoan seldsum. Yn dit twatalige (Frysk en Nederlânsk) boek oer Fryske foarnammen dy’t útstjerre, fertelt Aly van der Mark hokker âlde Frysk foarnammen ferdwine, en hokfoar bysûndere nammen âlden fan no útkieze foar har bern. Ek komt se mei boeiende libbensferhalen oer minsken mei âlde nammen. Tsien jier lang sammele Aly van der Mark, bekend fan Omrop Fryslân, Fryske rou-advertinsjes mei âlde nammen dy’t har ynspirearren ta dit moai fersoarge boek.
Akky van der Veer
Brieven oan ús mem
Elikser, Ljouwert july 2013
ISBN 97890 8954 5398 (244 siden)
Ferkeappriis € 17,50 – e-book € 8,50
Nei it ferstjerren fan har mem fielde Akky van der Veer it ferlet om brieven oan har mem te skriuwen, sa oprjocht mooglik, sûnder franje. Troch it skriuwen fan dizze brieven – tusken 12 desimber 2010 en 15 juny 2012 – is se har stikje by bytsje bewust wurden fan de djippere betsjutting fan har libben en it minslik libben yn it algemien.
Jan van Zijverden
Ferhaleboek – ferhaal fan Fryslân
Bornmeer, De Gordyk septimber 2013
ISBN 97890 5615 3021
Ferkeappriis € 15,00
Utjefte ta gelegenheid fan de iepening fan it Frysk Museum. Oan de hân fan mear as hûndert ferhalen ûntdekke jo hoe’t Fryslân troch minsken makke is, wat Frysk is en wat miskien wol hielendal net. Ferskynt yn in Nederlânske en in Fryske edysje.
Topstukken uit het Fries Museum
Bornmeer, De Gordyk septimber 2013
ISBN 97890 5615 3038 (192 siden).
Ferkeappriis € 15,00
Utjefte ta gelegenheid fan de iepening fan it Frysk Museum. Yn Topstukken uit het Fries Museum fertelle ferskillende kenners har ferhaal by 55 topstikken.
Berne- & Jongereinboeken
Ferskate skriuwers – red. Jacques Vriens – oers. Anne Popkema
De avonturen van Auke – De aventoeren fan Auke
Afûk, Ljouwert septimber 2013
ISBN 97890 6273 9615
Ferkeappriis € 4,95
Auke is trijefâldich Nederlânsk reedriderskampioen allround en wûn mei in nij wrâldrecord de 5 kilometer tidens de Olympiske Winterwpullen fan Turijn. Auke hat no noch mar íén winsk: it riden fan de tocht der tochten. Mar wat gjinien wit: Auke hat in geheim. Slagget it him de Alverstêdetocht uit te riden? Tolve basisskoallen skreaunen dit boek yn estafette tegearre mei berneboekeskriuwer Jacques Vriens, ta gelegenheid fan de Week van de Alfabetisering.
Jelle Bangma
Kampioenen fan FC Top
Afûk, Ljouwert 2013
ISBN 97890 6273 9639
Ferkeappriis € 10,90
Roald Dahl – oerset troch Jan Schotanus
Lytse Daan de Wrâldkampioen
Wijdemeer, Ljouwert septimber 2013
ISBN 97890 8207 3843 (160 siden)
Ferkeappriis € 15,90 (ferskynt 13 septimber)
Dit ferhaal giet oer in heit en syn soan, hoe goed se it mei-inoar hawwe en oer it geweldige plan dat se betinke om de gemiene, glûperige, grutsprakerige menear Victor Hazze flink geweken te nimmen. Oersetter Jan Schotanus hat hiel wat berneboeken skreaun of fertaald yn it Frysk. It earste wie In swalker op ’e kust (1983), it lêste oant no ta is in boek yn de Traveliers-rige: Fûgelfrij yn de canyon (2011). Fan Roald Dahl ferskynden Jappy en it sûkeladefabryk en Jappy en de grutte glêzen lift.
Rients Gratama & Carla van der Heijde
Pien en har spin/Pien en haar spin/Pien en heur spinne
Friese Pers Boekerij, Ljouwert juny 2013
ISBN 97890 3300 2731 (48 siden)
Ferkeappriis € 10,00
Pien en har spin is wer in prachtich printeboek foar bern fan fjouwer jier en âlder. Dit kear giet it oer it famke Pien dat in bysûnder en hiel leaf bistke yn har keamer hat. Rients Gratama skreau it ferhaal en Carla van der Heijde makke de tekeningen. Dat diene se ek foar Hein en syn hin. De teksten binne trijetalich: Nederlânsk, Grunnings en Frysk.
Hanneke de Jong
Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen
Friese Pers Boekerij, Ljouwert augustus 2013
ISBN 97890 3300 4049 (168 siden)
Ferkeappriis € 12,50
Marike, de haadpersoan út de nijste jongereinroman fan Hanneke de Jong hat har hannen fol oan skoalle (VMBO), har wat lestige broerke, har ferkearing mei Remco, har freondinne Nadia en de fjirtichste jierdei fan har mem. Se hat oan it begjin fan it boek noch 13 dagen om stikem in spetterjend feest te organisearjen foar har mem sûnder dat dy der wat fan fernimt. In humoristysk, fleurich én serieus boek foar alle jonge lêzers fan 12 jier ôf. En harren âlden!
Auck Peanstra
De boel op stelten
Afûk, Ljouwert juny 2013
ISBN 97890 6273 9554 (128 siden)
Ferkeappriis € 12,50
In bondel humoristyske ferhalen foar en oer bern yn de boppebou. Mei aktuele tema’s as pesten, stalke, bernepostsegels ferkeapje en sekssites, mar ek oer aventoeren mei sjitterij, stellen, grapkes mei de kompjûter en anty-helden.
Harkboeken
Tr. Riemersma – foarlêzen troch Durk Hibma
De Reade Bwarre
Audiofrysk, Easterwierrum 2013
ISBN 97894 6038 0877 (2 mp3-cd’s) € 20,-
ISBN 97894 6038 0822 (20 audio-cd’s) € 39,-
De Reade Bwarre wurdt algemien sjoen as it hichtepunt yn it wurk fan Trinus Riemersma. Hy krige der yn 1995 de Gysbert Japicxpriis foar.
En fierder…
Bornmeer – Nijntje praat sûnt ein augustus ek Maastrichts, Sieuwsk, en Twents. Earder brocht útjouwerij Bornmeer de boekjes oer it wrâldferneamde knyntsje fan Dick Bruna al yn it Frysk, Latyn, Gryksk en Brabânsk. ‘Wy wolle de rige noch fierder útbouwe’, fertelt útjouwer Steven Sterk.
Elikser – op kommende wei binne in nije oersetting fan Geart van der Mear fan H.G. Wells’ De tiidmasine en de twadde roman fan Manuela Köster, Learjild.
Muzyk – Wilco Berga, Dagen dûnsje foarby/Dagen dansen voorbij – De cd is de opfolger fan ‘Sjonger en Dichter’ út 1998. Ek no wer binne de teksten fan Wilco Berga. Ditkear bringt er alle teksten sels, mei prachtige begelieding fan ferskate Fryske muzikanten. Dagen dûnsje foarby is foarsjoen fan in twatalich tekstboekje (Frysk/Nederlânsk) en kostet €15,-.
Presintaasje – Nei oanlieding fan it ferskinen fan In kop as in almenak bringe Bennie Huisman en Elske Schotanus in literêr programma mei lietsjes fan Bennie en ferhalen út it boek; sneontemiddei 14 septimber yn de Rotondetsjerke fan Terbant, fan 14.30 ôf. Mear ynfo: https://www.facebook.com/inkopasinalmenak.
De Fryske Skriuwerskalinder 2014 hat as tema Folksferhalen, mar der is ek materiaal passend by de tiid fan it jier. Neist fersen, ferhalen en byldmateriaal yn it Frysk, Biltsk en it Stellingwerfsk, is der omtinken foar Dam Jaarsma, yn 2014 is it 100 jier lyn dat de ferneamde samler fan folksferhalen út de Noardlike Wâlden op de wrâld kaam, fan him binne ek in pear teltsjes opnommen. Mei wykoersjoch, feesten en bysûndere data.
By oankeap fan Fryske boeken € 5,00 – los en nei 13 oktober € 7,50.