
Soms binne autobiografyske teksten te heftich om yn alle neakenens bleat te stellen oan publikaasje. Dan moat in skriuwer of dichter op syk nei in grutter ferhaal, nei de romte fan in universeel tema, om bêding te finen foar dat wat oars net te fernearen is. Foar de lêzer net, mar benammen net foar de dichter sels.
Sa hat Eppie Dam in oanrin fan 49 memmegedichten nedich om te kommen ta de lêste 7 gedichten fan it fyfde skift, dat de skrinende titel ‘As kearde him in haven tsjin de boat’ meikrige. Dat is in opfallende omkearing: as in haven gjin feiligens biedt, gjin matriarchale omearming mear is tsjin it ûnberekkenbere wetter, dan moat der wat goed mis wêze.
It is dyselde omkearing dy’t ik yn de titel fan de bondel en fan de lêste 7 fersen weromfyn: Mem sjoch boi. Yn 7 kear 7 fersen taast Eppie Dam de literatuer ôf, de byldzjende keunst, de bibel en it gewoane lytse libben, op syk nei memmen. Boi sjocht memmen, oeral, en hy besiket him kear op kear yn harren te ferpleatsen. Yn suver alle fersen toant er begryp foar wat memmen trochmeitsje moatte: de mem mei it deade bern, de frou dy’t gjin bern krije kin, de mem mei de postnatale depressy, de mem mei de burnout, de styfmem, de skoanmem, de mem dy’t swier is… De identifikaasje is bytiden sa sterk dat de dichter gearfalt mei de mem.
En dwers troch al dat begryp foar al dy memmen hinne skrynt it eigen gemis:
Alles wat toarst hat hunkert nei de bjist.
Mem, wêr bist.
Yn de lêste 7 gedichten wurde we gewaar wat we al witte koene út earder wurk fan Eppie Dam, mar nea earder skreau er it sa sterk, moedich en autentyk op. Hoe’t er dat doart? Dat lêze we ek.
‘Moat ik jo wekkerskodzje mei in rym?’
dichtet er yn ‘Spoeken fange’,
Jo ha noch noait in letter fan mij lêzen.
Op jo boekeplankje stean myn fersen
tusken Sissy’s en Oranjes yn.
Is dat ‘rym’ yn de earste 7 fersen fan it lêste skift noch feilich omearmjend, as in hoedzjende, noedzjende haven, dat feroaret yn de lêste 7, dy’t de titel fan de bondel drage.
It rymskema wurdt aabb, en dy beide letters, lûd en bylûd, binne like ûnberikber foar elkoar as dat de mem dat is foar boi. Harren relaasje is stykjen bleaun by de earste stammerjende tekens fan it alfabet.
De bân tusken mem en bern neame wy de meast ûnferbrekbere fan alle famyljebannen: ommers, de mem hâldt fan it bern – al docht er it noch sa mâl – en it bern is altyd op syk nei erkenning, nei befêstiging, nei sjoen wurde, it leafst troch mem.
Ek hjir is der wer sprake fan omkearing. Want nea kriget boi erkenning of befêstiging, nea wurdt er sjoen troch de mem, al docht er alle war om it net mâl te dwaan, al krimpt er bytiden ûnder har deune wetsjes fan skjin en kreas en netsjes. En dan de ferrassing; Oan de ein fan har libben is boi der wol foar syn mem, al docht sy it noch sa mâl.
Ik kam jo hier en fei jo mûle skjin.
Jo litte my der stil wat mei gewurde.
Ik fang de spoeken yn jo each behurde
en sjoch der net fan op dat ik it bin.
‘Spoeken fange’ hie it lêste gedicht fan de bondel wêze kinne. Yn dit lêste fers, dizze lêste rigel sit akseptaasje: it witten dat boi noait mear west hat as in yrritante spoek yn memme each. It is te pynlik om der wurden oan te jaan, mar we sjogge der net mear fan op.
Yn ‘It lêste wurd oer Jittikhôf’ lês ik:
Nei 57 jier gean ik myn wei,
mar noait it treurich paad wer fan erkenning…
Mem sjocht boi net, boi sjocht mem namste mear. Hoe’t soks mooglik is? Ik tink as stil protest. Om har kear op kear sjen te litten wat sy him leare moatten hie.
Yn ‘It Sompegat’ stiet de kearn fan alle omkearingen:
Wêrom moat ik jo leare, net oarsom,
wat leafde foarhie op behâld fan leagen?
Wa weakke wa de skellen fan ’e eagen:
dat myldens wûn wurdt mei de âlderdom?
Marga Claus
De Bres, Ljouwert, 10 septimber