
It Europeesk Parlemint yn Straatsburch hat hjoed woansdei mei grutte mearderheid foar it rapport Alfonsi oer ‘bedrige talen’ stimd. 645 Europarlemintariërs stimden foar mear maatregels om lytsere talen as it Frysk, it Baskysk en it Korsikaansk te stypjen. Mar 26 fan de 700 Europarlemintariërs stimden tsjin. Yn de EU wurde neffens it rapport mei-inoar sa’n 46 bedrige talen sprutsen. Dy soene neffens it rapport mear stipe krije moatte op it mêd fan ûnder oaren ûnderwiis, media en digitale inisjativen.
Boarne: Omrop Fryslân