Eppie Dam

Wêr moat it hinne mei in fers?

logo.ensafh

foar Jacobus

Der giet in bus fan Sondel nei Aldsyl,
in giele gondel troch de tiid, dy âlde grize,
mei runen op ’e sydkant en fersen foar elk rút,
de letterfeinten laitsjend, it fammelaach
yn ’t blide, rydt de Nacht Express dat út.

Ergens moat de reis begjinne – sjoch oars
nei in gedicht: ‘in fers is net witte en draai
hokfoar nûmer, mar tink net nei, en draai, en draai’,
en ryd, en ryd, mei losse hannen en de eagen ticht
kinst mei nimmen oan ’t roer noch oeral hinne.

It wie Inne dy’t yn Nijemardum, doe’t de sinne
read bij ’t tintdak fan ’e toer delglied, blynfarrend
dêr de nachtbus út it weinhok ried, en mei in lus
as ombocht troch de gaasten, Ella en Jacobus
oan board stappe liet fan wat no in Q-liner wie.

Wêr moat it hinne mei in fers, in dichter dy’t fan Balk
oer Burgum reizget, fan Wytmarsum nei Winaam
en oer Boarn werom, inkeld mar om wyn te krijen
yn ’e seilen fan de bus – as hie er sels noch net
fernaam: oer wetterwegen giet it nei De Pomp.

It moat net gekker dat in lytse prins piloat, en de
dûbeldekker, niis noch boat, ek al loftskip wurdt.
– Mar it giet om ’t iepenbrekken fan de himel: samar
hat de radar al wer huzen fûn, klappe wjukken del
om grûn te finen yn Reduzum, Holwert, Húns.

Der rydt, fart of sweeft wat, klonk wat, lit ús
sizze tusken Sondel en Aldsyl, mei gjin finger
oan te wizen de singeliere slinger fan dit wûnder
arkje sûnder fêst profyl – of wie it laitsjen gnizen,
sónk wat, en sochten dronken wurden om ’t lêste?

*

Mei ‘Aldsyl’ wurdt net Aldebiltsyl bedoeld, mar it tropke huzen benoarden Kollum, de útbuorren dêr’t Eppie Dam fan syn 6e oant 16e wenne. De oanhelle rigels yn ’e twadde strofe komme út it gedicht ‘Twangbefel’ fan Abe de Vries, publisearre yn In waarm wek altyd (Ljouwert, 2004).

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *