Friduwih Riemersma

Wat myn boeken oer my sizze

logo.ensafh

Der soe in protte besite komme, minsken dy’t hjir lang net west hienen en oaren dy’t hjir foar it earst kamen. De bern setten op myn ynstruksje in rige stuollen mei de rêch nei de boekekast. Krekt neidat se it resultaat seagen fregen se wêrom: “Meie se de boeken net sjen?” “Miskien better fan net,” sei ik. Minsken tinke faak dat ien syn boekekast wat oer syn of har persoanlikheid seit. Oan plankeferbettering haw ik noait wat dien. Mar ik wol net dat myn freonen yn noed sitte oer my. Net sa lang lyn wie kunde mei my de keuken yn rûn en wylst ik tee sette hie er de boekeplanken yn de keuken besjoen. Neidat er stil syn kopke leechdronken hie frege er: “Binne jo in anargist?” It duorre lang foardat er wer ris op besite kaam.

Net om oer boeken te praten mar just omdat boeken wat oer ien syn karakter sizze soenen, freegje social media en foaral datingsites om in list moaiste boeken. Der binne safolle boeken yn de wrâld dat foar entûsjaste lêzers it meitsjen fan in shortlist in ûnmooglike opjefte is. Mar it fakje foar de moaiste boeken dan mar iepen litte soe likefolle oer ien sizze kinne. In betochtsume neurolooch út Eugene miende dat wy wat dielden omdat hy lykas ik it fakje leech hie. Earder stie der wol in boektitel, sei er, mar dat wie gjin sukses. Ik frege my ôf wat de betsjutting wie fan sukses op OKCupid, miskien boektitels as ‘How to escape hordes of adorers – advanced’. Mar hy lei út dat se him hikkelen as in morbide provokateur. Want Amerikanen binne gjin lêzers; se werkenden wierskynlik de boektitel net en mienden dat it oer syn aard gie. Syn moaiste boek wie Tadeusz Borowski’s This Way for the Gas, Ladies and Gentlemen.

De neurolooch en ik dielden yndie wat: in belêzenheid yn kampproaza. It efterhûs fûnen wy beide net sa nijsgjirrich – de net-sensurearre ferzje wie der noch net – en it berneboek Kening Matt de Earste fan Janusz Korczak, feitlik pre-holocaustliteratuer, just wol. Mar seit dizze tsjustere boekekategory wat oer it karakter fan de lêzer en wat dan? “Minsken sykje nei tekens,” sei de neurolooch. Sa wie him op de eftergrûn fan myn OKC-profylfoto neist myn rjochtereach de felgiele titel opfallen fan Tolands bestseller Hitler. Dat wurdt maklik misferstien, ik waard in bytsje kjel. Net allinne wêr en wêrfoar, mar ek wat de tekens binne en sels oft der tekens binne wie my net dúdlik. Litte wy oannimme dat in kolleksje fan boeken yndie tekens befettet, sadat de boekekast de persoanlikheid tsjutte kin. Mar hoe sit it at ien syn boeken kocht hat om yndruk te meitsjen, at de kolleksje net allinnich út eigen kar bestiet mar ek út kado’s dy’t gjin treffer binne, at der dûbele boeken binne, de moaiste boeken by it bêd lizze of it fantasy-sjenre op de planke fan de bern stiet? Of boeken binne fuort út myn boekekast, sa as De ivige boarne fan Ayn Rand, net omdat ik my net ynjaan woe mei it ultrakapitalisme mar krekt omdat ik it boek tige goed ferkeapje koe, of ûnbedoeld fuort at der in bern op besite west hat. Nei “Ik kin dyn rychje Houellebecqs wol efkes liene, no?” koe ik samar in stik minder reaksjonêr fûn wurde.

Soe boppedat, at ik sels it inisjatyf nim en ik lien myn boeken út, de kolleksje fan útliende boeken net folle mear oer my sizze as de boeken dy’t efterbliuwe? Want is it net sa dat favorite boeken mear oan oaren meijûn wurde omdat lêzers graach har ûnderfiningen diele? It is yntuityf oannimlik, dus litte wy hjir fanút gean, dat wat nei de persoanlikheid ferwiist net bygelyks de kleur fan it omslach is – al is it opmerklik dat myn nonfiksje folle reader is as myn fiksje – mar de tematyk yn de boeken. Myn útliende boeken omfetsje de tema’s obsesje, jaloerskens en ûnferskillichheid yn In leafde fan Swann, symboalen dy’t har betsjutting ferlieze en gjin doel mear treffe yn Carl Phillips syn gedichtebondel De keatling, geniale fernimstigens en earlikens yn it koarte ferhaal Art of the Steal fan Joshuah Bearman, de polityk fan ûnderdrukke en ferjitte fan it ferline yn Javier Cercas’ Soldaten fan Salamis en trochtrape wêze en jin net oanpasse yn Skuld en boete dat ús mem al sa lang lient dat it feitlik gjin lienen mear is. It probleem is dat dizze tema’s nei neat ferwize, of it moat al in spjalte persoanlikheid wêze, omdat se sa ferskille. Ek it ferline is gjin mienskiplik tema want hast alle literatuer spilet yn it ferline, ommers elk barren, ek it fiktive, giet foarôf oan it ferslach derfan.

Oan de oare kant soe, omdat de ynfloed fan it tafal lytser wurdt yn in grutte samling, hurder bewiis foar in beskate karaktertrek fûn wurde kinne yn myn kast fol net-útliende boeken. Ien fan de belangrykste redenen om in boek te keapjen blykt lykwols om te witten wêr’t alle drokte om makke wurdt en derby te hearen. Drokte wurdt makke om alle boeken, likefolle wat it tema is. Sa kaam ik net fierder. Gelokkich stie hjir koartlyn in studint humanistyk foar myn boekekast. Se konstatearre dat de measte skriuwers yn myn boekekast dea binne. “Wat betsjut dat,” frege ik. “Neat,” seit se “it wurdt net perfoarst ferklearre troch in foarkar foar masterwurken, mar foar in grut part trochdat skriuwers stjerlik binne.” Foarsichtich frege ik, want ik woe har net op in spoar sette, wat myn boeken betsjutte foar myn persoanlikheid. In protte joadske ûnderwerpen en twadde wrâldkriich, seach se, in yntellektuele, highbrow, feministyske, ûnkonvinsjonele boekekar, oja en Frysk-lêzend. Dat it lêste har opfoel op myn soadtalige planken wie opfallend, mar ik woe earst de tsjuttingkwestje oplosse. Se sei: “Ik tink dat net hókker boeken at ien besit wat betsjut foar syn persoanlikheid, mar it feit dát ien boeken hat.” Oer wat dat dan presys betsjut wie se koart: “Datsto fan lêzen hâldst.”

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *