Geart Tigchelaar

Jou it oan de âld-papierboer

logo.ensafh

Jo krije it kadoboek Djipte! De skiednis fan in doarp fan Atte Jongstra dizze pear wiken as jo in Frysk boek keapje. Ik bin plat foar de ferkeap fan Fryske boeken, dus ik sil jo dat net ôfriede. Mar jo kinne dat better nei 13 oktober dwaan, wannear’t ‘De moanne fan it Fryske boek’ ôfrûn is.
Hartstikkene aardich sa’n kadoboek en it soe moai wêze as dat de ferkeap fan Fryske boeken stimulearje soe. Alle jierren kreaze boeken yn oarspronklik Frysk. Dit jier in oersetting. Anne Tjerk Popkema hat de oersetting fersoarge. Dan sit it mei it Frysk wol goed, hy is dé oersetter op dit stuit – of is dat dochs Klaas Bruinsma? – Dus dêr gean ik fierders net op yn. Fierders ek net op it feit wêrom yn ’e goedichheid in oersetting? Allyksa is it Aksjeboek foar bern in oersetting.
Op de sosjale media haw ik al oanjûn dat ik net sa botte te sprekken wie oer it boek. Ik soe yn earste ynstânsje al it boek besprekke foar Ensafh en hie sadwaande faaks as ien fan de earsten foar it Boekefeest it boek al lêzen.
No is it sa dat ik it boek weromjûn hie oan ’e redaksje om’t ik neat mei it boek wurde koe en it boppedat net botte nijsgjirrich fûn. Lykwols wurd ik út ferskate hoeken oantrune om der al wat oer te skriuwen. Dat doch ik by dizze, mar hâld it koart. En njonken alle lofprizingen dy’t der west haw, sjoch dêrfoar op Facebook ‘Besprekstek’ wurdt it tiid foar in oar lûd.
It is it safolste boek fan in man op leeftyd dy’t weromsjocht nei syn doarp dêr’t er weikaam is en sa syn eigen ferline ûndersykje wol. Hiene wy dy ek net yn it Nederlânsk fan Kees van Kooten? Ferbetterje my as ik it mis haw, hear. Yn alle gefallen binne der genôch sokke boeken, wat makket Atte Jongstra syntes no sa bysûnder? Hy mei dan fantasy en wurklikheid trochinoar helle hawwe, mar dat is ek net botte nij. Hy hat dan in gatmany, oftewol in obsesje foar gatten. As jongkeardeltsje hat er dat al skipe. Ja, menear koe hiel betiid al fan alles en noch wat. Tusken de rigels troch kriget men dan ek it idee dat de skriuwer it wakker troffen hat mei himsels. Ja, dat sil grif fiksje wêze, mar dochs. En nota bene by wize fan ynlieding ek noch neame dat troch de jierren hinne jins brein jin wolris ferrifelet.
Is der okkerdeis ek net in boek útkommen dy’t dat as efterlizzende gedachte hat? Is dat net in orizjineel Frysk boek? En hat dy oant no ta ek net goede kritiken hân? Hea, hie dat wat west as kadoboek?
Wolle jo dan dochs graach in boek keapje om mei Djipte! fergees mei de trein te kinnen, keapje dan dát boek mar. Ik pleitsje derfoar dat op 29 septimber elke âld-papierboer op de Fryske stasjons stean giet. Komme de minsken werom, kin it fuort by it âld papier.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *