Willem Winters

Herr Merz

logo.ensafh

Herr Merz is de titel fan in biografysk stripferhaal fan Lars Fiske oer keunstner Kurt Schwitters en syn wurk. Yn de parse wurdt dizze strip bejubele: in masterwurk, in keunstwurk, in masterlike fertelling, spektakulêr, ensafuorthinne. It mei allegear wier wêze, ik stjitte dochs op in pear probleemkes.

Bekend is dat Schwitters him oanslute woe by de Berliner Dadaïsten, mar dy wiene nochal polityk links, wylst Schwitters him net mei de polityk bemuoide. Dan net, sei er en begûn syn eigen Dada: Merz, dat komt fan Kommerzbank. Hy makke fan rotsoai dy’t er op strjitte fûn prachtige kollaazjes. Yn ien dêrfan siet in snipel papier mei ‘MERZ’ ferwurke.
Ek fan rommel makke er fan 1923 ôf yn syn hûs in, wat hy neamde, Merzbau of Merz-saule. Dat bousel naam in pear keamers yn beslach. It kaam nea ree, want Schwitters moast flechtsje foar de nazi’s, dy hiene syn keunst ta ‘entartet’ ferklearre. Hy kaam yn Noarwegen terjochte, de famylje hie dêr in fakânsjewenning. Letter flechte er nei Ingelân. It is in tryst ferhaal, mar dat komt yn ’e strip net bot ta utering.

Doe’t ik Herr Merz út hie frege ik my ôf wat dizze stripfoarm fan Schwitters’ libben tafoeget oan de kennis dy’t al yn in grut ferskaat oan boeken oer him te finen is.
Yn it foarste plak is der gjin sprake fan tafoegingen, mar fan omisjes: bygelyks de skriuwster Til Brugman komt net yn it ferhaal foar, wylst sy Schwitters’ saken yn Nederlân behertige. Boppedat wie sy de partner fan de ferneamde Dadaïste Hannah Höch. Fia har kaam se yn ’e kunde mei alle Dadaïsten fan namme. Brugman skreau klankgedichten, romans, berneboeken en grotesken.

De Dada-fjildtocht troch Nederlân [1923, ek al in jubileum] wurdt nochal koart ôfdien, wylst it ien fan de bekendere Dada-manifestaasjes wie. Dada-Drachten wurdt net neamd. Yn Drachten kaam op 13 april 1923 in ein oan ’e tocht en tagelyk in ein oan Dada as beweging mei it optreden fan Kurt Schwitters. Der is in moai steapeltsje boeken en katalogi wijd oan dit barren. Ferskate Dada-útstallingen setten Drachten op ’e kulturele kaart. Drachten ûndergie in metamorfoaze en waard ‘Dr888’! [Nei oanlieding fan Schwitters’ gedicht: ‘Wij w88888888’.] It ferhaal fan de Dada-skuonmakkers, de bruorren Rinsema, is sa stadichoan goed dokumintearre. Dus: wêrom net yn de strip opnaam.

Noch ien opmerking: it hilaryske fan de optredens fan Schwitters is net goed werom te finen yn dizze strip. Wêrom net in folle grutter part fan de Urlautsonate opnaam ynstee fan de no hjir en dêr struide sitaten.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *