
It aksjeboek foar bern is fan’t jier in oersetting en wol fan de populêre Caja Cazemier. Cazemier hat tsientallen titels op har namme stean. Har boek Vamp is yn 2008 bekroand troch de jonge sjuery. It gloednije jeugdboek Foarstelling is fuort nei de Nederlânske titel Echt spel ferskynd, oerset troch Ans Wallinga. It boek is werkenber as ien fan Cazemier troch de probleemtema’s dy’t mei in soad ynlibbing en spanning útwurke binne, mar noch mear troch it oansprekkende hardcover kaft. It giet oer de fyftjinjierrige Roos dy’t krekt te hearren krijt dat har âlden útinoar geane en de sechstjinjierrige Joppe dy’t it dreech hat mei it fertriet om syn ferstoarne mem. De twa moetsje mekoar op de jeugdteaterskoalle dêr’t se mei in groep oefenje foar de produksje ‘De foarstelling fan dyn libben’. Fuortendaliks falle se foar mekoar, mar der sitte harren in oantal saken yn it paad. Joppe is net hielendal earlik oer wa’t er is en oer syn famylje. Hy ferberget wat. Dat is lykwols net alles, Lana, in famke dat ek meispilet yn it toanielstik, hat ek in eachje op Joppe en dringt har mei súkses oan him op.
It toanielstik komt foar sawol Roos as Joppe op it foarste plak, se hawwe beide in goede reden om harren yn de produksje fêst te biten. Yntusken wrakselje de twa haadpersoanen mei harren swierrichheden thús en mei de gefoelens dy’t se hawwe. Om en om is der in haadstik út Roos wei en út Joppe wei skreaun sa’t de lêzer fan beide persoanen mear wit as dat se fan inoar witte. Dat soarget foar in spanning en lit it ûnbegrip en de frustraasje fan de haadpersoanen goed út de ferve komme. Mei Roos begjint it boek en mei Joppe einiget it. Troch it toanielspyljen leare se harrensels en inoar kennen en komme harren problemen foar it ljocht. Roos en Joppe spylje in sêne as steltsje en it liket allegear hiel oertsjûgend, mar it is fansels allegear spile. Om’t de haadpersoanen mekoar opsykje en yn it toanielstik ek oandacht is foar de problemen, komt alles yn ien stik by mekoar. It toanielstik is it wichtichste motyf yn it boek en is op in goed trochtochte wize útwurke as spegel foar de werklikheid. Dy spegel komt ek noch letterlik werom.
Der komme spanningen yn de groep as Joppe it útmakket mei Lana en ferfolgens ferkearing krijt mei Roos. Dy relaasje ferbrekt Joppe ek wer en dêr hat er syn redenen foar. De foarstelling krijt no foar beide in dûbele lading. Roos hat ynienen dûbele soargen. Net allinnich moat se mei har lulke broer en fertrietlike suske in goede omgongsregeling treffe, no hat se der ek leafdesfertriet by en wit se net by wa fan har âlden se har aai kwyt kin om’t dy op mekoar ôfjouwe. Foar Joppe is syn beppe in útkomst. Har hûs tsjinnet as in flechtplak as er net by syn heit wêze wol, dy’t in nije freondin hat.
Op de efterkant fan it boek binne ek beide karakters apart yntrodusearre. Dy koarte beskriuwing skept ferwachtings dy’t diels wiermakke wurde.
As Roos (15) te hearren krijt dat har âlden skiede sille, stoart har libben as in kaartehûs yn. Ynienen bestiet har libben út fragen en ûnwissichheid. Wêr en by wa moat se wenje? En wat moat se mei de lilkens fan har heit en it fertriet fan har mem oan?
Joppe (16) wennet by syn heit. Of wennet er by syn beppe? Hat er no wol of net in styfmem? Alle kearen fertelt er wer wat oars, dus eins fertelt er neat oer himsels. Welk geheim draacht er by him?
Joppe makket in ûntwikkeling troch dy’t mei syn traumaferwurking te krijen hat. Lang om let fynt de lêzer ferklearrings foar syn nuvere gedrach en wurdt it personaazje in hieltyd sympatiker. Krekt oer de helte fan it boek, as it allegear goed liket ôf te rinnen, sit der in ûnferwachte draai oan it ferhaal wêrtroch Joppe syn ferwurven sympaty wer ferliest. Joppe is koartsein in nijsgjirrich personaazje en de ferwachtings dy’t op de efterkant skoepen wurde, binne wiermakke. Foar Roos is dat mar foar in diel sa. De skieding docht mentaal in soad mei Roos en de ferhúzing fan har mem is byldzjend beskreaun. Op de efterkant wurdt de lilkens fan de heit en it fertriet fan de mem neamd. De heit is lykwols net sa bot lulk, mar earder ferslein en de mem hat net sa’n soad fertriet, mar is mear in fingerwizer. Roos hat in lichte foarkar foar har heit boppe har mem en faaks komme dêrom dy gefoelens der net sa dramatysk út. Benammen de lulkens fan de heit hie mear útwurking ha mocht neffens de oankundiging.
Der sitte, lykas wy fan Cazemier wend binne, ek wer in oantal pittige sênes yn it boek. Yn it toanielstik wurdt in feest spile dêr’t oan de ein alle fammen yn de bh steane en de manlju ek healneaken binne. Bûten it toaniel om is der in foarspulsêne mei Joppe en Lana en in seksuele dream fan Roos oer Joppe. It liket wol in formule dy’t yn al har boeken herhelle wurdt, mar los fan oft dat sa is, wurket it om de emoasjes en spanningen ekstra krêft by te setten. Wurden en dieden rymje mei mekoar en dat makket de hiele tastân leauwensweardich.
Der hinget dochs noch in fraach yn de loft dy’t men jin hieltyd stelt. Hie it aksjeboek foar bern net likegoed troch in oarspronklik Fryske skriuwer skreaun wurde kind? Foar in kear is it neffens my hielendal net ferkeard om ris in oersetting ta aksjeboek te meitsjen, as de kwaliteit mar foaropstiet. Ik tink dat Caja Cazemier in goede kar west hat en dat de mearwearde fan in oarspronklik Frysk boek net opwaget tsjin de foardielen fan dizze oersetting. Ynhâldlik en úterlik is it in oantreklik boek foar de jeugd en bûten dat kin de publisiteit om Cazemier hinne helpe om de jeugd ek echt oan it lêzen te krijen. De provinsje hat der noch in skepke boppe-op dien troch de oplage te ferheegjen en oan alle brêgeklassers in eksemplaar út te dielen. Koart sein is fan’t jier alles út de kast lutsen om bern oan it lêzen te krijen yn it Frysk en dêr giet it om. It soe wolris moai wêze as in boekferkeaper melde kin dat in Frysk boek útferkocht is. Dat sjoch ik mei dit boek wol barren. En no’t de skriuwster sels Frysk leard hat, is der in mooglikheid dat wy oer in skoft ek oarspronklik Fryske Cazemiers ferskinen sjogge. Fol ferwachting wachtsje ik ôf.
Caja Cazemier, Foarstelling, Ploegsma Amsterdam. € 14,95 (o/m 14 oktober €4,95)