Europeeske literatuerpriis

logo.ensafh

Der moat in Europeeske priis komme foar literatuur yn minderheidstalen. Dêr pleitet foarsitter Goffe Jensma fan de advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis foar. Dizze priis foar Fryske skriuwers wurdt om de twa jier útrikt. Mar in priis op heger nivo is der net foar literatuur yn minderheidstalen.

In Europeeske priis soe neffens Jensma in grutte stimulâns wêze foar it skriuwen yn dizze talen. Boppedat soe de kâns op oersettings fan Fryske boeken yn oare talen bot fergrutsje.

Neffens Jensma soe de priis ek wurkgelegenheid opsmite kinne. Sa moat de priis bekend makke wurde en binne der oersetters nedich.

Boarne: Omrop Fryslân

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *