Ferdinand de Jong

Tsja…

logo.ensafh

Ik ha it útsjoch op in langwerpich stik papier. ‘DRACHTEN/Smallingerland’ stiet der boppe. In eintsje fierderop: ‘Parkeren bij een parkeerautomaat met kaarten terwijl parkeertijd is verstreken.Totaal € 56,10. Eindtijd kaartje was 14 uur:00. Betaald € 0,40. Beginnend bestuurder: Nee.’

Wy skriuwe freed 11 oktober, it is hjerst. Moarn is de tradisjonele boekemerk yn Drachten. Se ferwachtsje de hiele dei reinich waar. Dat treft min, de heale simmer en neisimmer koe it net op mei de sinne, mar krekt op de lêste aktiviteit yn de Moanne… O nee. Der is moarn noch in barren, yn Boalsert. Dêrom bin ik hjir. Rin mei in beamer en in laptop ûnder de earm oer de mei in ferskaat oan kleuren fluorre merk yn Drachten, rjochting kafee Marktzicht. Doch wat om de boekferkeap en de folslein mislearre kombinaasje fan in boekemerk en in priisútrikking in ludike draai te jaan. Omdat ik yn prinsipe in posityf minske bin.
Dus binne de kastlein en ik dwaande om in skerm op te setten dêr’t in dei letter streekrjocht de priisútrikking op te sjen wêze sil. As alle techniken wurkje, teminsten. Soks duorret altyd langer as dat jo plenne, mar ik ha dizze freed de tiid oan mysels. It is net drok yn Drachten, yn de fierte sjoch ik myn auto stean en freegje de kroechbaas oft it ek nedich is om efkes de parkeartiid te ferlingen. ‘Soe ik mar dwaan,’ seit er.

Te let.

Mei in dûbel gefoel kom ik sneontemoarn de kroech wer yn. In net neier te neamen Fryske sjonger, syn oarehelte en noch wat omsittend laach drinke kofje, lêze de krante en it is der gesellich. De beamer en de laptop sko ik tsjin de piano oan, (oft dy noch wurket wit ik net en ha der ek noch nea nei frege) omdat it no noch mar healwei alven is en de priis pas geandewei de middei útrikt wurde sil. Nei wat kofje en in praatsje ferpleats ik my nei de boekemerk. Oant dat momint noch gjin drip wetter hân. Tsjin de middei begjint it te reinen, mar dat duorret net de hiele dei. It is net drok, mar sa as alle jierren kinne jo efkes byprate mei kollega’s en útjouwers.

Tsjin twaen gean ik nei it kafee en set de boel klear. Oan de oare kant fan de sabeare tried giet alles ek goed, dus ha wy ferbining. Wy wurde sels noch efkes neamd, de Drachtsters. Wy dûnsje de polonêze, rinne foar de kamera del om sjen te litten hoe drok it yn de kroech is en swaaie tropyske bylden en reklamekaartsjes foar de lins. Alles foar de ludike, goede, Fryske saak.

En dêr krije jo dan € 56,10 bekeuring foar. ‘Beginnend bestuurder: Nee.’ Dat wie it iennichste dat doogde. Yndie, al 25 jier skeafrij sjauffeur. Dichter wurde, soe dat wat wêze?

Ein.

 

2 reaksjes op “Tsja…

  1. Ja it bart soms, hiel soms dat dichtsjen lukratyf is. As ik de Gysbert bard ha wol ik dêr twa boetes fan betelje: dy fan Ferdinand de Jong op 12 oktober en dy fan Pier Boorsma op 10 septimber. Twa bodders foar de Fryske saak. Stjoer jim banknûmers mar nei jelteq@yahoo.com. Yn it gefal fan Sondelfal haw ik der likernôch in heal gedicht foar skreaun, dat it moat diskear lije kinne. Dêr’t de rest bedarret bliuwt in grut geheim. Ik ferwachtsje gjin nije boetes mear.

    Is tekene, Jacobus

  2. Jacobus,

    Lokwinske mei de Gysbert. Ik wie der net by, mar dat hoecht gjin neiere útlis. Tige tank foar it oanbod om de boete te beteljen, mar dat soe myn eare tenei wêze. Dat jild is foar dy, gean der mar fan op reis of keapje der wat moais foar. It is jo gund.

    Mei groetnis,

    Ferdinand.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *