
Hy die syn jas
en frege kapstok har
te dragen.
Hoed sweefde fierder
oer ‘t grien tapyt en foel
yn sliep neist ivich moai in liif
dat har al deljûn hie en net mear
fan syn dreamen wist.
De oare deis
waard wekker. Hong sinne
efter grys it kleed.
Sweefde fierder wite hoed
oer ‘t grien tapyt op siik nei
wat ier opstien wie en efter
in feal gerdyn ferdwûn.
Fan deade dreamen makke.
De jas tsjin kjeld
útrêst fan de kapstok
droegen, rôp hoed.
Swalken rûn dampeal
op it leechlân ta. It grien
tapyt de hjerst út nei in
waarme winter.Wêr bleau
it skoft fan it moaie wiif fan snie.