Gerbrich de Jong

In Fryske Carry Slee?

logo.ensafh

 

 

De titel fan it nije boek fan berneboekeskriuwster Hanneke de Jong stiet yn leafst trije kleuren op it omslach drukt, op in felblauwe achtergrûn. Fierders stiet it kaft fol mei bûnt opmakke cupcakes. De lêzer komt fuort yn ’e feeststimming as er dit boek sjocht. Mar wa’t begjint te lêzen, fernimt al rillegau dat it boek oer mear giet as allinnich mar om feest.

Haadpersoan is Marike de Walle, in famke fan in jier as fjirtjin. De rest fan de húshâlding De Walle bestiet út heit, mem en broerke Peter. Mem wurdt meikoarten fjirtich jier en it idee ûntstiet om dat mei in ferrassingsfeest te fieren. Marike biedt oan om it te organisearjen en hat dêr trettjin dagen de tiid foar. Sy moat hurd oan ’e slach, want in feest organisearje is in grutte put wurk.

Hielendal omdat Marike njonken dat feest noch oare dingen oan ’e holle hat, sa as skoalsaken en ferkearing. It slimste is har broerke Peter, dy’t drok en dwers is en geregeld mei heit en mem yn ’e klinsj leit. Fragelisten en petearen mei ‘de psych’ wize út wêr’t dat fan komt: Peter hat ADHD. Dy diagnoaze wurdt al oan it begjin fan it boek steld, mar de sitewaasje wurdt der foar Marike net oars fan. Dêr komt noch by dat sy bang is dat sy miskien sels ek ADHD hat.

Mei ADHD hat Hanneke de Jong in aktueel ûnderwerp by de kop. Sy lit sjen hoe yngewikkeld oft it is om te libjen mei ien dy’t ADHD hat. De Jong hat it boek skreaun op fersyk fan de ortopedagooch fan it Piter Jelles. Dat giet faker sa mei boeken oer in aktueel probleem: se wurde skreaun omdat der in ferlet bestiet oan in boek dat it probleem op in respektfolle en ynformatyf korrekte manier ûnder de oandacht bringt. Hanneke de Jong wit wêr’t sy it oer hat: sy hat sels ADHD en har bern ek.

Realistyske berneliteratuer dêr’t in probleem yn behannele wurdt, freget om in sterke protagonist. Marike de Walle wit op in rasjonele en kreative manier om te gean mei de problemen dy’t sy tsjinkomt. Fierders is sy is folwoeksen foar har leeftyd. Sy siedt iten, docht húshâldlike putsjes, doart har mûle iepen te lûken tsjin in ûnrjochtfeardige dosint oer en fiert pedagogyske petearen mei har broerke. In bern dat hjir en dêr de rol fan de heit of mem oer liket te nimmen (parentifikaasje) is typearjend foar realistyske jeugdromans. Likegoed wurdt dúdlik dat it Marike, al hoe flink oft sy ek is, ek wolris te folle wurdt. Sûnder de wize rie fan heit en mem en dosint Mulder kin se net. En foar it slagjen fan it feest is se ôfhinklik fan oaren.

It boek docht kwa skriuwstyl en kwa hanling tinken oan de boeken fan Carry Slee. Carry Slee is bekend en populêr om har jongereinboeken dy’t aktuele problemen behannelje. Dy boeken binne it produkt fan in fêst rychje yngrediïnten: in haadpersoan mei in probleem, in goede freon dy’t soarget dat de haadpersoan wer perspektyf sjocht, in leafde, in ferfelende dosint en in leuke dosint. Al dy yngrediïnten binne werom te finen yn Hanneke de Jong har boek. Lykas de boeken fan Carry Slee lit dit boek him maklik lêze en leit de klam op de hanling.

Ferskil mei Carry Slee is dat Hanneke de Jong har boek net presintearret as in probleemboek. Hoewol’t ADHD in wichtich tema is yn it boek, hat De Jong der foar keazen om de klam te lizzen op it feest dat organisearre wurde moat (sjoch ek de titel en it omslach). Tûk betocht, want fia sa’n feest kin in hiele soad puberproblematyk behannele wurde. It naderjende feest jout it boek boppedat in sekere spanning mei, dy’t nei de ein fan it boek ta hieltyd grutter wurdt. Soe it Marike slagje om der in súksesfol feest fan te meitsjen…?

It feest as reade line soarget der foar dat it fleurige de oerhân hat yn dit boek. Marike kin goed mei har âlders opsjitte en ek mei har lestige broerke stiet sy op goede foet. By de organisaasje fan it feest kin Marike rekkenje op de stipe en de help fan de minsken om har hinne. At sy earne mei sit, kin se altyd telâne by har freondinne Nadia. En tsjinoer de mislearre ferkearing mei Remco stiet in mooglik nije relaasje mei Chris, de broer fan Nadia, dy eins folle leuker is as Remco… Mei oare wurden: foar alle problemen is in oplossing en dat jout de lêzer in noflik en optein gefoel.

It ferhaal fan Marike en de organisaasje fan it feest liket my foar jongerein in oanrieder. It is in tagonklik boek oer in aktueel tema, dat him ôfspilet yn in foar jongerein werkenbere wrâld. Nettsjinsteande de serieuze ûnderwerpen dy’t oan bod komme, makket it bûntkleure kaft himsels wier: Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen is in fleurich boek.

fpb-trettjin_web-small

Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen
Hanneke de Jong
Friese Pers Boekerij, Ljouwert, 2013
ISBN: 9033004046
Ferkeappriis: € 12,50

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *