Daam de Vries

Mislik sekreet

logo.ensafh

Hjoed sille wy it oer Swarte Pyt ha. It is op ’t lêst gjin dieredei, gjin dei fan de siktaresse en ek noch gjin advintstiid of karnaval. Oars wol allegearre saken dy’t gâns omtinken freegje al helje se it net by de Swarte Pyt fan hjoeddedei.

Guon fine dat it út wêze moat mei dy Swarte Piteboel mei’t it persoantsjes binne dy’t slim diskriminearjend en rassistysk gedrach en tinkwizen hannen en fuotten jouwe. It soe aardich wêze dat der ris wittenskiplik ûndersyk dien waard nei hokker byld sokken by swartsjes hawwe en as dat byld dan ja ofte nee ek ôfwykt fan dat wat se hawwe fan bern dy’t harren op kreamkes op braderyen mei lichemsfrjemde kleuren begrieme litte en as koe it net op mei linteboel en oare rarichheden yn it hier befrissele as mislearre yndiaantsjes foar it ljocht komme.

It komt my sa foar dat it byld fan de lêsten net al te negatyf wêze sil, benammen net as it om harren eigen bern giet. Hoe’t se oan it nuvere byld fan swartsjes komme bliuwt foar my wat in riedsel. Datoangeande is der lykwols hope mei’t dat byld noch net sa mâle lang lyn rigoreus in oplawibes krigen hat yn it bidboek fan de no al ferneamde kulturele haadstêd Fryslân dy’t der allinnich al kwa oerflakte gâns útpykt.

It is alderkostlikst dat de lju mei noed oer diskriminaasje harren bern no ferkundigje kinne dat dy ierdappelsekken dy’t de swartsjes by harren hawwe net bedoeld binne om bern yn mei te nimmen, mar poëzij. Dat is tagelyk de reden wêrom’t Sinterklaas sa aldermachtichste goed dichtsje kin en dy tige weardefolle bydragen sa graach foarlêzen heart en as wiere hoeder alle knoffeligens dêrby oersljochtet. As beleanning nimt er dêr presintsjes foar mei en dy swartsjes – se wurde almar leaver en fleuriger om’t se in bjusterbaarlik soad wille op de útlânske bradery hân hawwe – wolle dy keet wol efkes sjouwe.

Se hiene oars ek altyd in foech biezem by har mar ek foar har binne de sekundêre arbeidsbetingsten der troch de jierren hinne net better op wurden. Dêr is net sa goed in ferklearring foar te jaan om’t it langer te uzes net tastien is soks mei gewoane wurden te beneamen. It is begrutlik om te sjen dat se as amputearre ambachtslju troch it libben moatte en de grouwélige smoargens dy’t de lju dy’t it jild yn de hannen baarnt efterlitte net mear behimmelje kinne sa’t dat altyd wizânsje wie.

Nee, it gedrach fan dy Piten dy’t har wurk sa goed mooglik besykje te dwaan en der dêrom in deimannich as swartsje útsjen wolle meitsje ik my hielendal gjin soargen oer. Se foldogge ek o sa aardich oan it byld dat ik fan swartsjes krigen haw by de earste pear moanne yn de kunde kommen fan sa’n fjirtich jier lyn. It binne de alderaardichste en noflikste lju dy’t jo tsjinkomme kinne.

Der is al wat oars dêr’t ik oer yn noed sit. Dy âld kwibus mei dy sniewite moannen dy’t jo nearne oars op de wrâld tsjinkomme wurdt sa njonkelytsen in mislik stik fretten. Hy ferrekt planút om de taal fan syn eigen freonen te praten en yn stee dêrfan docht er krekt as moat er hoastje en begjint er yn dat nepburd om te flybkjen. De smoarge turk.

It wurdt heech tiid dat de Feriene Naasjes dat sekreet ris op it matsje roppe. En it hynder ek. Dat stapt der mar wat as in wytkalke Fries by om. Soks rekket jo yn ieren en sinen.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *