
Troch allerhanne tûkelteammen koe ik no krekt te set oer it album Der’t ik weg kom fan Hein Jaap Hilarides, mei fjouwer oarmans en alve Biltsktalige nûmers fan himsels. De skiif waard al opnommen yn 2011 en kaam ferline jier út.
Frysktalige bands, Biltske roots
Hein Jaap Hilarides (Sint Jabik 1969) is al sûnt 1986 warber yn ’e Biltske en Fryske muzykscene. Yn it begjin fan ’e njoggentiger jierren krijt er in plak as toetsenist yn ’e Frysktalige groep Wiegels Wjukkelmasine. Mei dy achtmansformaasje spilet er ek bûten de provinsje Fryslân en berikt er sels de heale finale fan ’e Grote Prijs van Nederland! Hilarides is te hearren op ’e twa cd’s fan Wiegels Wjukkelmasine, nammentlik de titelleaze debút-skiif út 1991 en op Etalaazjepop (1993). Mei de ôfslanke fuortsetting fan WWM, De Wjukkels, makke er neitiid noch it album Lêst fan de lust (1996).
It moat om 1993 hinne west hawwe, dat Hilarides him bewust waard fan syn Biltske roots. Oan ’e krektneamde cd Etalaazjepop hat er dan, ûnder de titel ‘Sêg it mar’, al in ‘Biltsk’ nûmer bydroegen. Dat is noch in ynstrumintaal stik. Op ’e selde skiif manifestearret er him lykwols ek foar ’t earst as tekstskriuwer, yn it Frysktalige nûmer ‘Ienrjochtingsdyk’. Tweintich jier letter stiet datselde stik no as ‘Eenrichtingsdyk’ op Der’t ik weg kom. Yn ’e tuskentiid is moai de ‘ûntjouwing’ te sjen fan Hein Jaap Hilarides as skriuwer fan Biltsktalich lietrepertoire: oan Lêst fan de lust fan De Wjukkels droech er yn 1996 fjouwer Biltske nûmers by; op syn debút-solo-cd (al docht drummer Hendrik Elings dêr prominint op mei) Taai as Bildtse klaai (2003) hawwe alle fyftjin nûmers in Biltske titel (dêr sitte ek frijwat ynstrumintale ûnder) en op Slingerhaan (2005) fan ’e Rebound Boogie Bent, dêr’t Hilarides skepper en skriuwer fan wie, en Klaine kerktocht (2007) is te hearren, dat er definityf keazen hat foar it Biltsk as taal foar syn eigen lieten en titels fan syn komposysjes.
Eigen wurk en oersettings
Krekt as op Taai as Bildtse klaai binne op Der’t ik weg kom fyftjin nûmers te hearren. Lykas sein, binne alve dêrfan binne alhielendal fan tekst en muzyk foarsjoen troch Hein Jaap Hilarides sels. It iepeningsnûmer, ‘Brechy’, is in oersetting troch Hilarides fan ‘Richtsje fan ’t Amelân’, oarspronklik fan S.H. Hylkema; ‘De kop d’r foor’ hat in tekst fan Thys Polstra en stie ek al op Taai as Bildtse klaai; ‘De Noordse balk’ is op ’en nij in oersetting troch Hilarides, diskear fan in tekst fan ’e Fryske folksskriuwer Waling Dykstra, dy’t ek de muzyk op syn namme hat, en ‘Hêstaven’ hat wurden fan J.D. Krottje.
Luchtich, foar in part
It is spitich, dat by Der’t ik weg kom gjin boekje mei de lietteksten sit. Soks hie de wearde fan it album, dat troch in soad lju dochs yn ’e kategory ‘Dialektmuzyk’ ûnderbrocht wurde sil, te’n goede kommen. No kinne de teksten net ‘meilêzen’ wurde en moat de ynteressearre harker it, krekt as de skriuwer fan dit artikel, dwaan mei allinne Hein Jaap Hilarides syn fokalen.
As men de cd op sa’n wize ôfharket, docht bliken dat op Dêr’t ik weg kom, alhielendal yn ’e trant fan dy titel, yndied frijwat oades brocht wurde oan it ‘plakky’ grûn dêr’t Hilarides fan ôfkomstich is. Foarbylden fan nûmers dêr’t it Bilt yn alle (ek fergiene) gloarje yn besongen wurdt, binne: ‘De kop d’r foor’, ‘Kike op ’e dyk’, it titelnûmer ‘Der’t ik weg kom’ (in lofsang op syn bertedoarp Sint Jabik) en ‘Hêstaven’. Fierder hat Hilarides it foaral oer luchtige saken as ‘Dobber’jen op en yn it wetter, ‘Wat d’r niet in sit, komt d’r niet út’, ‘Sprot’ (‘is ok lekkere fis at d’r gyn hering is’ en dy sin makket dan de ‘ynhâld’ fan it hiele nûmer út, dat dêrtroch, yn kombinaasje mei it oansteklike wyske, in echte meisjonger wurdt, B.O.), in ‘Húsfeest’ yn Hallum (mei de Rebound Boogie Bent as hûsorkest!), de ‘Blues in ’e bús’ en ‘’t Komt soa’t ’t komt (en âns maar niet)’. Op grûn fan dy seis titels soe men fan tinken hawwe kinne, dat it tekstynhâldlik allegear net wakker djip sylt yn Hein Jaap Hilarides syn nûmers op Dêr’t ik weg kom. Dat is lykwols mar foar in part it gefal! De cd jout mei respektivelik ‘Brechy’, ‘De kop d’r foor’, ‘De Noordse balk’, ‘Eenrichtingsdyk’, ‘Soa feer’ en ‘Hêstaven’ op syn minst likefolle nûmers, dêr’t út bliken docht, dat Hilarides wier wol each hat foar ynhâldlike ferdjipping yn lietteksten!
In snúfke jazz
Grif méi troch syn al jierrenlang warber wêzen yn ’e muzyk, hat Hein Jaap Hilarides ek in goed each op ’e kwaliteit fan ’e ûnderskate muzikanten yn Fryslân. Op sa’n wize koed er de folgjende ‘toppers’ freegje om him by te stean ûnder it opnimmen fan Der’t ik weg kom: Hans Wijnbergen (saksen), Rik Meijer (gitaar, dobro), Oeds Bouwsma (kontrabas) en Hendrik Elings (drums). Mei de lêstneamde, dy’t ek slachwurker is yn ’e Ljouwerter band The Hangouts, dêr’t earder dit jier de cd Stones yn it Frysk fan útkaam, mei allegear Fryske teksten fan Hein Jaap Hilarides, wurket de Biltske sjonger-lietsjesskriuwer al hiel lang op.
It oparbeidzjen fan Hein Jaap Hilarides en ‘syn’ fjouwer krektneamde muzikanten hat in sound oplevere, dy’t faaks it bêste te omskriuwen is as in mix fan boogie, blues en country, mei in snúfke jazz. Gewoan: rjocht-op-en-del en altyd transparant en helder as glês, sa’t syn fokalen dat ek binne. Sûnder ek mar in swym fan nijsgjirrich- of dreech-doggerij! Yn dat stik slút de muzyk dus hiel goed oan by de, oer ’t generaal, ‘noftere’ lietteksten fan Der’t ik weg kom.
Oarspronklik en werkenber
Sa’t út it foargeande bliken dien hat, is Hein Jaap Hilarides in warber man. Hy hat al in hiele skiednis yn ’e Fryske/Biltske (pop)muzyk efter him en njonkelytsen in oarspronklik en tige werkenber eigen ‘lûd’ kreëarre. Dat lûd is op syn jongste album Dêr’t ik weg kom ta folle waaksdom kommen! Op it Bilt kinne se mar eare ynlizze mei in artyst as Hein Jaap Hilarides.
Hein Jaap Hilarides: Der’t ik weg kom (cd): Rebound Mezyk: Sint Jabik 2011 [2012] (www.heinjaaphilarides.nl).