
Jaap Krol (1970) is sterk, o sa sterk, yn it beskriuwen en yn it trochgrûnjen fan alledeiske minsken yn alledeiske dingen. Dat hat er mear as sjen litten yn de bondel Nûmers, en dat fierder útwurke yn it relaas oer Henk Faber en Mofro yn de roman M/F (2006). Dy gewoane minsken wurde delset yn alledeiske situaasjes, mar ûnderhûdsk spilet der him hiel wat mear ôf as oan de oerflakte dúdlik wurdt. Mei syn nije ferhalebondel, It fûgelgebed, hat er syn eardere wurkwize mear rafinearre en perfeksjonearre. De kop moat der echt by, it is gjin boekje om foar it sliepen efkes oer te eidzjen. Dan docht men it boek tekoart, mar sekers de skriuwer.
Elk ferhaal is mei soarch en belied konstruearre. Almeast wurdt de lêzer yn medias res it ferhaal yngoaid. Stadichjesoan wurdt dúdlik út hokfoar perspektyf wei it skreaun is; is de persoan in man of frou, of is it krekt in bern? Dan komt al gau de fraach nei boppen hokfoar relaasje oft de haadpersoan fan it oanbelangjende ferhaal hat mei de oare figueren yn it ferhaal. Want dat is in grut karakteristyk fan de ferhalen fan Krol, de ûnderlinge bannen tusken de personaazjes. Dêr leit faak in grutte wriuwing, de relaasjes binne perfoarst net sûnder slach of stjit, mar júst it tsjinoerstelde. Dat docht bliken út útspraken as: ‘Syn bêste maat wie ek syn bêste eks, mar dêr hiene se it nei dy tiid net mear oer hân.’ (s. 9). en: ‘Fan alle ûngemakken yn it libben wie antwurd jaan op in net-foarsjoene fraach dochs it dreechste.’ (s. 104).
De styl is ymplisyt, mar tagelyk wurdt der in soad sein. ‘Op in dei wie mem thúskommen mei in nije heit.’ (s. 35). Sa’n sin lit net in soad te rieden oer, as ynliedende sin is er bearesterk, men sit fuort yn it ferhaal en wit fuort wat der oan de hân is. ‘Om’t er dus nij wie, wie er fuort frjemd.’ De toan is set, it útbouwen kin mar begjinne.
Boppeneamd ferhaal dat de titel ‘Het gebeurde in het Westen’ hat is skreaun út it perspektyf fan in jonkje wei dat in nije heit krige hat. Hy is wakker oan it boartsjen mei syn autokes. Syn âldere broer is nei boppen stjoerd, dy’t him dêrnei ropt om te kommen. Lykwols doart er net, want ‘de nije heit hie lilk west op syn broer’ (s. 36). Blykber is de nije heit gauris lilk sa wurdt de lêzer geandewei dúdlik. Nei de fraach oft er nei boppen mei dy’t ûntkennend beäntwurde wurdt, is er der efkes ôf: ‘Om’t er net goed wist wat er dwaan moast, kaam er by de flat in buorman tsjin.’ (s. 37). De flat is de boekekast en de buorman is in silverwite Golf (mei in achterklep dy’t iepen koe). It is tagelyk oandwaanlik om te lêzen hoe lyts oft Krol dat boartsjen beskriuwt, mar oan de oare kant jout it in ûngemaklik gefoel, om’t der wat mei de nije heit is dat er syn taflecht fynt yn it boartsjen. Dêrom moat er efkes tanke, lykwols: ‘It tankstasjon wie mar in earmlingte fier.’ (s. 38). Sa leit Krol op elk wurd gewicht, want ha jo earder in ‘mar’ lêzen mei safolle lading.
Dêr’t it eardere wurk, benammen Nûmers (ek in ferhalebondel) goed nei te kommen is, ferfalt It fûgelgebed yn wat te graach kryptysk wêze wollen. Benammen de einen meitsje it yn ’e measte ferhalen dreger as nedich is. Dat is eins spitich, mei’t de ferhalen sa sterk binne. Sa wurdt it ferhaal ‘It fiksearbad’ ôfrûne mei it ûntwikkeljen fan de foto. Mar it wurdt lang net dúdlik wa’t op de foto stiet, dat bliuwt yn in soad dize hingjen. Men kin op ’t lêst jin nocht krije fan einen dy’t net rjocht te trochgrûnjen binne en dan is de kâns grut dat men ôfheakket. Krol hat de grinzen opsocht en is dêrmei út en troch in stapke te fier gien.
Dat nimt net wei dat oan de fjouwerentweintich ferhalen dy’t de bondel ryk is der nettsjinsteande it betiden wat té kryptyske ein der in wrâld te genietsjen falt, sa’t koart it neamde ferhaal sjen lit. Nim dêr de tiid foar, nim dêr de muoite foar en jo wurde beleane mei in soad literêr genot! Meitsje dêrmei sels út oft Jaap Krol in grins te fier gien is.
Jaap Krol
It fûgelgebed
Bornmeer, De Gordyk 2013
ISBN: 978-90-5615-292-5
Ferkeappriis: € 15,-