Willem Winters

Flatten

logo.ensafh

Ik sleep se al in fyftich jier mei. Flatten. Ik wit net wêr’t ik se opbergje moat, sadat ik se weromfine kin. De lêste tiid lizze se tusken de blanko sluven. Niiskrekt haw ik dat hoekje fan ’e kast opromme, fûn ik noch nijjierskaarten fan 1998. Ik kin soks min fuortsmite. Mar ik doch der ek neat mei. Hawar, dy slúf mei kaarten moat dan mar nei souder. Dy stiet al oant de harsus ta fol met boeken en dokuminten.

Mar no dy flatten. It wie yn de jierren dat ik sosjology studearre, mei as spesjaliteit medyske sosjology. Yn 1975 rûn ik staazje op Nieuw Toutenburg. Ik moast gewoan mei it ôfdielingspersoaniel opwurkje. Minsken út bêd helje, waskje, iten jaan, skjinmeitsje, ensafuorthinne. Op in dei fersile ik sa op de kreatieve terapy. In nochal pretinsjeuze beneaming, tocht ik. Ik socht in sit, kaam nêst in man te sitten dy’t him slim ynspande by it tekenjen. Hy hie twa steapels papier foar him. Fan de iene wiene de bledsjes noch ûnbeskreaun, de twadde bestie út tekeningen fan flatten, sa neamde er flats. Hy hie gjin tiid om mei my te praten, hy moast hurd fierder mei syn flatten. Alle dagen begûn er op ’e nij mei in hege steapel papierkes yn flatten om te toverjen. It haad fan de kreatieve terapy sei dat se probearre hie de âld man mei kleurpotleaden tekenje te litten, mar dy hie der gjin nocht oan en pakte syn swarte potleaden wer op, flat nei flat nei…

Hoefolle bouwlagen hawwe syn flats, ik oan it tellen; 10 flatten hiene mei har allen 317 lagen. De heechste flat hat 35 lagen. De leechste 25. Der sit dus wol in bytsje systeem yn, sjoen de snelheid fan tekenjen. Hy moat in soarte fan Mondriaan west hawwe, Pier and Ocean, hûnderten streekjes heaks opinoar. Of miskien hie er in oantrún lykas Hanne Darboven, dy’t hûnderten kearen bygelyks ein zwei drei ensafuorthinne op grutte stikken papier skriuwt. Werheljen fassinearet, de man fan de flatten hat my al in heale ieu yn ’e besnijing.

flatten

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *