Friduwih Riemersma

Lêze foar jins nocht

logo.ensafh

“Kinne wy no net gewoan lêze foar ús nocht?” frege in lêzer fan ús lêsrûnte.

Jawis, it kin sels net oars as mei nocht; by ús thús jildt foar lêzen de seksregel fan nea tsjin it sin. Dat haw ik net sein want it is in fatsoenlike lêsrûnte en boppedat wie it in retoaryske fraach, mar ik lies yn de deselde lêsrûnte en yn itselde boek wol foar myn nocht.

Sa ienfâldich as de politike gjalp reading for pleasure – in opmerklik ûn-Amerikaanske ferwizing nei pornografy – suggerearret, is lêze foar jins nocht dus net. Net allinnich bestiet der by it lêzen net in algemien nocht fersus gjin-nocht lykas by de belestingoanjefte. Ommers wat de lêzer nocht jout ferskilt gâns fan persoan ta persoan. Mar ek hinget de nocht fan mear ôf as fan de kar fan de boeken. Ek de frijemerktrend, dy’t software opsmiten hat foar in folslein persoanlike boekekar, rjochtet him wol op in ûnderskaat boeke-oanbod sadat elkenien lêze kin mei likefolle nocht, mar de kommersje bemuoit him net mei ferskillen yn favorite manieren fan lêzen.

Lêze is net in simpele feardigens dy’t jo leare yn de earste skoaljierren. Nei it dekodearjen fan teken nei lûd is der gjin automatysk begryp fan de wurden lykas yn sprutsen taal. De bedreaune lêzer makket him sa gau at er in tekst sjocht in mentale foarstelling fan de tekst, basearre op earder lêzen teksten, dy’t dan as ramt tsjinnet foar de ynterpretaasje fan de nije tekst. Dit makket it lêzen ta in komplekse hanneling en om betsjutting oan in tekst ûntliene te kinnen moatte jo genôch lêsûnderfining hawwe. Nei it ferlitten fan skoalle is dit net altyd it gefal, mei it gefaar dat needsaaklike skreaune ynformaasje oan ús foarby giet. Dêrom moatte wy lêze en dat dogge wy, is it idee, at wy der nocht oan hawwe. Minsken lêze faak wol graach non-fiksje om ynformaasje te krijen. Earder hie ik ús mem om foar my te lêzen (en ús heit om te skriuwen) mar op in stuit hold dat op, dus woe ik sels lêze as útdrukking fan myn wil ta macht en dat joech nocht.

Oars leit it mei it lêzen fan teksten dy’t net daliks nuttich en ynformatyf binne. Al is der in protte ûndersyk dien nei lêsgedrach, wêrom at minsken fiksje lêze witte wy net.

Fiksje lêze foar jins nocht komt in protte foar yn films, detektives, mystearje, fantasy en berneboeken. Kolonel Kurtz yn de film Apocalypse now lêst ûnder mear T. S. Eliot, Lisa Simpson lêst fan alles ynklusyf de grutte klassikers, en sawol Carlos Ruiz Zafón syn Daniel út It skaad fan de wyn as Klaus Baudelaire yn It minne begjin binne sljocht op lêzen. Ek yn literêre fiksje en poëzy lêze de figueren foar har nocht. Soms is dat yn de foarm fan in ramtferhaal dêr’t it personaazje syn ferhaal net fertelt mar lêst, sa as de prinses yn Jorge Luis Borges syn ramtferhaal De ûnstjerlike, dy’t in wûnderlik manuskript fynt. Of oars lêze protagonisten yn it kearnferhaal. Don Quichot, Elizabeth Bennet fan Grutskens en foaroardiel, Jevgeni Onegin, Poe syn detektive Dupin, Francie Nolan yn Betty Smith har roman In beam groeit yn Brooklyn, Humbert Humbert, John Irving syn Helen Holmes Garp en Roald Dahl syn Matilda Wormwood hâlde fan lêzen. Favorite boeken hawwe se meastal net; alle literatuer fine se moai.

In inkele kear jout it lêzen fan fiksje de literêre fiksjehelden samar nocht, lykas by Matilda dy’t fluch lêze koe en “se begûn natuerlikerwize te longerjen nei boeken.” Meastal komt de nocht om redenen dy’t net unyk binne foar de lêzende protagonisten, sa as treast sykje, bygelyks yn Poe syn De raven dêr’t de lêzer “besocht te lienen / fan syn boeken rêst fan lijen.” Untsnappe oan ellinde komt ek faak foar, soms letterlik, sa as yn Seth Grahame-Smith syn parody Grutskens en foaroardiel en zombies: “Wat moatte wy oars dwaan as binnen bliuwe en lêze oant op it lêst de remeedzje ûntdutsen is?” Wizer wurde wolle of yntelliginter lykje wurde in protte neamd. Juffer Bingley yn Grutskens en foaroardiel lêst om yndruk te meitsjen op in man: “Ik ferklearje dat der úteinlik gjin geniet is lykas lêze!” Klaus yn It minne begjin “hie tocht dat at jo genôch boeken lêze jo elk probleem oplosse kinne.” Dêrneist jout it ferrykjen fan jins wrâld nocht: “De boeken transportearren Matilda nei nije wrâlden en brochten har yn ‘e kunde mei fantastyske minsken mei opwinende libbens.” Ek fassinaasje mei grouwel, mystearje of it ferbeane jouwe nocht. H.P. Lovecraft syn weromkommende figuer Randolph Carter lêst “frjemde, seldsume boeken oer ferbeane saken.” Opmerklik is dat mar inkeldris nocht komt fan de ûnderfining fan skientme, sa as Jane Eyre “stoarre nei de heldere bledsiden fan Marmion.”

Der binne ferskillende manieren om in boek te lêzen, fan rûchwei lêze oant systematysk trochblêdzje en neisjen, fan stadich, leafst lûdop lêze en wer lêze oant fluch lêze, fan in boek klassifisearje of der dwers trochhinne sjen oant de bedoeling fan de skriuwers derút silje en fan it boek bekritisearje oant jin dertroch meinimme litte. At protagonisten lêze om har nocht dan lêze hja yn Grutskens en foaroardiel allinnich en stil – brieven en preken lêze hja wol lûdop foar. Matilda lêst “middeis yn it lege hûs”, Klaus “wie wûn om in bûslampe mei op bêd te nimmen en him ûnder de tekken te ferstopjen, lêzend oant er syn eagen net mear iepen hâlde koe”, mar oare kearen “krûpten se byinoar op it iennige bêd om oandachtich en lokkich te lêzen.” Jane Eyre hat Gullivers reizen “hieltyd wer ynsjoen mei útskroevenens” en se “friet de boeken op dy’t hja my lienden: dan wie it folslein befredigjend om jûns mei harren te bepraten wat ik oerdeis lêzen hie.” Matilda is “totaal absorbearre” yn Dickens, mar se is net ûnkritysk oer wat se lêst: “Ik tocht dat guon [boeken] net sa bêst wiene, sei Matilda, mar oaren wiene skoander.” De freondinnen fan Jane Eyre “bûgden beiden oer in boek, se seagen betochtsum oant hast strang (…) en twa grutte boeken, wêrnei’t se faak ferwiisden, fergeliken se skynber mei de lytsere boeken dy’t se yn harren hannen hiene, as minsken dy’t in wurdboek rieplachtsje om har te helpen by it oersetwurk.”

Tsjinoer dit studearjend lêzen foar jins nocht stiet in prachtich advys foar ús lêsrûnte, dat fan de bibliotekaresse oan Matilda: “En haw mar gjin noed oer de stikjes dy’tst net begripe kinst. Doch gjin muoite en lit de wurden om dy hinne spiele, as muzyk.”

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *