
Sinteklaas hoegde dit jier net lang nei te tinken
Oer moaie kado’s om de Ensafh-lêzers te skinken.
In boek fansels, da’s altiten goed,
Wier Piterbaas, ha mar gjin noed!
Yn’t Frysk en oer Fryslân wurdt in hiel soad skreaun,
Foar elk is der wol wat, ’t is net oerdreaun;
Oer sport en oer iten, foar jong en foar âld,
Oer oarloch en leafde, en de foarbije wrâld,
Heldedichten of mearkes foar bern,
It hâldt echt net op, moatst mar ris sjen!
Sint winsket elkenien in soad lêswille ta,
En hopet dat jim oar jier noch mear nije boeken ha!
Poëzij
Harke Bremer & Jarich Hoekstra
Leffert – In heldedicht yn tolve sangen
Bornmeer, De Gordyk 2013
ISBN 97890 5615 3052 (144 siden)
Ferkeappriis € 15,00
Begjin 8ste ieu. Redbad is noch kening fan Fryslân. Mar sil it Fryske keninkryk it hâlde tsjin de oanboazjende driging fan de Franken? It andert op dy fraach leit yn ‘e hannen fan ien man. Dit breed opsette epos ferhellet hoe’t er him nettsjinsteande de hendikeps dy’t er by de berte meikrige hat, ûntjout ta in held. Foar de frou fan syn libben bejout er him yn lijen en gefaar. Troch alderhanne tsjinstuiten fine de twa jonge minsken mei help fan har freonen in paad nei it lok.
Josse de Haan
Reade bus yn in magysk lânskip / Rode bus in een magische landschap / Red bus in a magical landscape
Uitgeverij Perio, Ljouwert 2013
Ferkeappriis € 7,50
In de bus verkoopt de conductrice de kaartjes Tot zover is er niets aan de hand, maar dan blijken er vogels in haar borsten te wonen. Zo krijgt de tekst een erotische lading, die onder meer versterkt wordt door het aanroepen van Anna Blume, die zonderlinge ‘Dulcinea’ van Kurt Schwitters: ‘Anna Blume du bist von vorne wie von hinten.’ [of was het andersom?] Verderop in de tekst roept De Haan nog Nana van Emile Zola en Niki de St.Phalle aan. Een bus in een landschap heeft al gauw romantische trekken, zeker als daarin een conductrice in uniform en netkousen haar werk doet. Busgedichten zijn, in tegenstelling tot trein-, fiets- en autogedichten, zeldzaam. Afsluitdijk van Vasalis is er een. Ook vanwege dit aspect is Reade Bus/Rode Bus/Red Bus een bijzondere bundel. De bundel wordt in het Fries, Nederlands en Engels [in één omslag met drie katernen] geleverd.
Jacobus Quiryn Smink
Adams Apel
Hispel, Wiuwert 2013
ISBN 97890 7451 6143
Jacobus Quiryn Smink debutearre yn 1983 mei de bondel Apàrte fersen. Sûnt ferskynden fan him noch 7 bondels, de lêste dêrfan yn 2009 ûnder de titel Sondelfal, mei as haadtema de ferwurking fan syn oantinkens oan syn bernetiid yn Sondel yn Gaasterlân. Foar dy bondel hat Smink dit jier (2013) de Gysbert Japicx-priis takend krigen, de twajierlikse literatuerpriis fan de provinsje Fryslân. Ta gelegenheid dêrfan is Adams Apel útbrocht, in bondel mei gedichten oer miskien wol it wichtichste tema fan Smink: syn leafdes, syn famkes, syn froulju en hoe’t it foar Orfeus altyd wer ôfrint:
Yn in omsjoch
Ferlear har
Se hieten allegear
Gelyk
…
Gun har it feest fan de ûnderwrâld
Wat ferlern giet
Yn in omsjoch
Sjoch der net nei om
Proaza
Manuela Köster
Tantalus II – learjild
Elikser, Ljouwert 2013
ISBN 97890 8954 5916 (416 siden)
Ferkeappriis € 19,50
De gloarjetiid fan It Kartel is foarby. De meiwurkers fan de misdiedorganisaasje binne oppakt. De lieders, de bruorren Safout en Sabaan, binne dea. Fayda Eldamaty, dochter fan Safout, sit yn ’e sel. De dei fan har rjochtsaak brekt oan en it is de polysjeman Zahi Khayat, har âld-kollega en eardere frijer, dy’t har nei de rjochtbank begeliedt. Hy draacht in grutte wrok tsjin har yn him omdat se syn broer Maher ombringe litten hat. Is dit de ein fan Fayda’s frije libben? Hoe komt it mei it bern dat hja ferwachtet?
Yn dit spannende ferfolch op Tantalus nimt Manuela Köster de lêzer mei yn in wrâld fan misdied, yntriizje, macht en leafde. Har flotte styl mei soepele dialogen lêst noflik en hâldt de oandacht oan de ferrassende ein ta beet.
Jan Sleumer (red.)
Schrijvers op streek
Uitgeverij Kleine Uil, Grins sept. 2013
ISBN 97894 9106 5651 (208 siden)
Ferkeappriis € 16,50
Twintig schrijvers verspreid over het hele land die publiceren in hun streektaal vragen om een verhaal en dat verhaal afdrukken met een vertaling ernaast. De literatuur blijft dan niet beperkt tot een bepaalde regio, maar wordt toegankelijk voor iedereen. Dat is het even simpele als krachtige idee dat ten grondslag ligt aan het boek Schrijvers op streek.
Samensteller Jan Sleumer vroeg 20 schrijvers een verhaal in te leveren. De vertaling wordt simultaan aan de oertekst afgedrukt. Daarnaast maakte fotografe Iris Réthy bij elk verhaal een indringend portret van de auteur. Zo ontstaat een boeiend mozaïek in woord en beeld van de literatuur in diverse streektalen.
Met bijdragen van: Jetske Bilker, Herman Finkers, Godelieve van Gemen-Bruijnen, Ate Grypstra, J.K. Harms, Frans van der Heijde, Derk Jan ten Hoopen, Melle Hijlkema, Marga Kool, Lukas Koops, Michel de Koning, Gerrit Kraa, Henk Krosenbrink, Anne van der Meiden, G. Rapaille, Engel Reinhoudt, Koba Schlemmer, Ina Slot, Cor Swanenberg, Johan Veenstra. Met een voorwoord van Marc van Oostendorp.
H.G. Wells (oerset troch Geart fan der Mear)
De Tiidmasine
Elikser, Ljouwert 2013
ISBN 97890 8954 5688 (113 siden)
Ferkeappriis € 13,50 – e-book € 7,50
Herbert George Wells (1866-1946) wie in bysûnder produktyf skriuwer, en is hjoed-de-dei foaral bekend as de ‘heit fan de science fiction’, tegearre mei Jules Verne. Mar hij skreau yn folle mear sjenres, yn romans oer syn eigen tiid, of spyljend yn it ferline, romans mei in polityk boadskip (hij wie sosjalist), en ek in koarte skiednis fan de wrâld, eartiids in grut ferkeapsukses. Hjoed is er lykwols foaral noch bekend fanwege de science-fictionferhalen The War of the Worlds (oer in ynvaazje fan Mars), The Time Machine (1895), The Invisible Man, en The Island of Doctor Moreau.
De koarte roman, of miskien earder novelle, De Tiidmasine spilet yn it jier achthûndertentwatûzensânhûndertenien (802701) nei Kristus. De fierder net bij namme neamde ‘Tiidreizger’ komt telâne yn wat earst in loailekkerlân en paradys op ierde liket, in wrâld sûnder sykten en tekoart. Mar súntsjesoan iepenbieret him in oare wierheid …
Non-fiksje
Ton van den Berg
Kinderen van de oorlog – Verhalen uit Sneek en Zuidwest Friesland
Uitgeverij Louise, Grou 2013
Ferkeappriis € 20,00 (152 siden, taal NL)
Kinderen van de oorlog bevat persoonlijke herinneringen aan de Tweede Wereldoorlog in Sneek en Zuidwest Friesland. De kern van dit boek bestaat uit dertien korte en drie lange getuigenissen van direct betrokkenen. In woord en beeld wordt een persoonlijke inkijk gegeven van het leven van een kind tijdens de oorlog. De vele foto’s komen meest uit persoonlijke archieven, waardoor de verhalen nog dichterbij komen. De getuigenissen worden in perspectief geplaatst met een historische beschouwing over ingrijpende oorlogsgebeurtenissen in Sneek en Zuidwest Friesland, geschreven door historica Meike Jongejan. Het voorwoord is geschreven door oud-burgemeester Bernhard van Haersma Buma, zoon van de in de oorlog in een concentratiekamp omgekomen burgemeester Sybrand Marinus van Haersma Buma.
Douwe Draaisma (oerset troch Goasse Brouwer)
It heimweefabryk –Geheugen, tiid & âlderdom
Frysk en Frij, Ljouwert 2013
ISBN 97890 8566 0316 (172 siden)
Ferkeappriis € 15,00
Wiisheid komt mei de jierren. Mar ferjitachtigens giet har foar. En dêrom dogge wy der alles oan om skerp te bliuwen, fan harsengymnastyk oant fitaminepreparaat. Mar hat soks sin? Douwe Draaisma nimt it op foar it âlde ûnthâld. Mei each foar it lytse, stelt er klisjees oer it brein yn ’e kiif en fertelt er in oar ferhaal oer de dingen dy’t foarby gean. Oer it geheugen dat net te gripen is, de merk fan it grutte ferjitten en oer heimwee nei in wrâld dy’t allinne noch yn oantinkens bestiet. Mar ek oer de nychheid dat je ynienen fan alles samar wer te binnen sjit, lykas by it reminisinsje-effekt dat makket dat herinneringen oan ’e jongereintiid faak mei nije krêft weromkomme. It heimweefabryk makket dúdlik dat de tiid net allinne wat docht mei ús ûnthâld, ús ûnthâld docht ek wat mei de tiid.
Jaap de Jong
Seehavens en havenstêden – Fan Shanghai en Rotterdam nei Harns
Wijdemeer, Ljouwert 2013
ISBN 97890 8207 3850 (192 siden)
Ferkeappriis € 25,00
It boek Seehavens en havenstêden fan Jaap de Jong giet oer de skiednis fan havens en havenstêden yn it algemien, mar om it byld konkreet te meitsjen giet de skriuwer yn it lêste part fan it boek djipper yn op trije bekende havenstêden – Shanghai, Rotterdam en Harns. Dêrby komme sawol de skiednis fan de stêd as fan de haven oan bod. Yn de trije stêden binne alle eleminten fan in havenstêd werom te finen en tagelyk fertsjintwurdigje se wat geografyske lizzing en kultuer oanbelanget in breed ferskaat. Spesjale oandacht kriget de skiednis fan de haven fan Harns, dy’t beskreaun wurdt fan it iere ûntstean as hannelsbuorskip yn de midsieuwen oant en mei de moderne tiid mei it plan foar terminals foar cruise-skippen.
Jaap de Jong is seekaptein en hat al ferskate maritime publikaasjes op syn namme. Syn lêst ferskynde boek hannele oer it seerjocht.
Albert van Keimpema
Heerenveen in de aanval – portretten van 25 topschutters in het pompeblêdenshirt
Uitgeverij Louise, Grou nov. 2013
Ferkeappriis € 17,50 (256 siden, taal NL)
Heerenveen in de aanval beschrijft de roemrijke spitsenhistorie van Heerenveen. In dit boek zijn portretten opgetekend van de 25 beste en meest productieve midvoors. In woord, maar ook met veel uniek beeld. Heerenveen heeft een neus voor talentvolle aanvallers. Vroeger kwamen die uit de eigen regio, later uit het hele land en sinds de jaren negentig ook uit Midden- en Noord-Europa. De provincieclub dankt een groot deel van het succes aan de topschutters.
Met portretten van: Henny Jonkman, Abe Lenstra, Marten Brandsma, Germ Hofma, Cees Groot, Sikke Venema, Thomas Haan, Kees Kist, Johan Toonstra, Eddy Bosman, Jan de Jonge, Rodion Camataru, Erik Tammer, Erik Regtop, Jon Dahl Tomasson, Ruud van Nistelrooy, Anthony Lurling, Marcus Allbäck, Georgios Samaras, Gerald Sibon, Klaas-Jan Huntelaar, Afonso Alves, Miralem Sulejmani, Bas Dost en Alfred Finnbogason.
Jakob T. Vellenga & Harry J. Vellenga
Fyn en grou – een leven in de politiek
Wijdemeer, Ljouwert 2013
ISBN 978 90 820 73 836 (160 siden)
Ferkeappriis € 22,50 (taal NL)
Politicus en bestuurder Jakob Tiede Vellenga (1920 – 2012) dankte zijn bekendheid vooral aan zijn wethouderschap in Leeuwarden, maar was ook lid van Provinciale Staten en de Tweede Kamer. Daarnaast had hij ook nog allerlei andere functies, zoals predikant, ambtenaar van de burgerlijke stand en journalist. Hij werkte samen met zoon Harry aan deze memoires tot aan zijn dood op 20 september 2012. Het manuscript was toen grotendeels voltooid.
Het levensverhaal van Vellenga biedt inzicht in de gang van zaken rond belangwekkende historische gebeurtenissen zoals de oprichting van de PvdA, het aantreden van het kabinet-Den Uyl, Kneppelfreed en de verwoestende stedenbouwkundige plannen in Leeuwarden in de zeventiger jaren (die in belangrijke mate door zijn toedoen op het nippertje werden voorkomen). Het geeft ook een beeld van een man uit een streng gelovig eenvoudig milieu met veel kwaliteiten op allerlei terreinen, die veel van zijn ambities waar heeft kunnen maken en tot aan het eind van zijn leven maatschappelijk betrokken bleef. Maar ook van iemand die de teleurstellingen die hij op zijn pad was tegengekomen, uiteindelijk met het nodige zelfinzicht kon relativeren.
Mirjam Velter & Ytsje Hoekstra
Friese Liefde – Koken met streekproducten
Bornmeer, De Gordyk 2013
ISBN 97890 5615 2222 (160 siden)
Ferkeappriis € 15,00 (taal NL)
Versgevangen harder, handgeraapte wadoesters, schapenfêta, duindoorn, bokbier of paarse boerenkool. Ingrediënten, vergaard uit de natuur of biologisch geteeld op het Friese land. De beste koks van Friesland toveren hiermee in lente, zomer, herfst en winter 60 nieuwe gerechten op tafel. Voor nieuwsgierige thuiskoks en kookfanaten. Telers en makers vertellen tussen de recepten door hun verhaal. Liefdesverhalen over het land, bierbrouwen, sappig zachtfruit, karakters van koeien en stieren, de energie van wortel of pompoen. Geheel herziene 3de druk.
Berne- & Jongereinboeken
Ferskate auteurs
It grutte foarlêsboek
Afûk, Ljouwert 2013
ISBN 97890 6273 9660 (118 siden)
Ferkeappriis € 19,50
It grutte foarlêsboek mei de moaiste ferhalen, ferskes, gedichtsjes oer fan alles en noch wat: in knyn dy’t de hik hat, wetterpokken, Tomke, en noch folle mear. Foar âlders dy’t graach foarlêze, mar ek foar pakes en beppes, juffen en masters, mar foaral foar de bern sels! Mei 54 oarspronklike bydragen (ferhalen, ferskes en gedichtsjes) fan 23 skriuwers en 22 yllustratoaren.
Myn Moaiste Mearkes
Afûk, Ljouwert 2013
ISBN 97890 6273 9493
Ferkeappriis € 17,50
Myn Moaste Mearkes is in prachtich dik mearkeboek dat net yn de boekekast ûntbrekke mei. It boek is geskikt foar bern fan 4 jier ôf. It hat in protte moaie platen dy’t goed yn ferhâlding binne mei de tekst. Doch dit boek mar iepen. Dan komst yn in betoverjend keninkryk, mei grutske keizers, prachtige prinsessen, magyske bisten en feeën dy’t dy helpe wolle… Dizze spesjale samling fan ferhalen bestiet út tsien bekende mearkes fan de Bruorren Grimm, Hans Christian Andersen en oaren.
Jelle Bangma
Kampioenen fan FC Top
Afûk, Ljouwert 2013
ISBN 97890 6273 9639 (74 siden)
Ferkeappriis € 12,50
Kampioenen fan FC Top giet oer de fuotballer David, dy’t spilet by it grutte FC TOP. It giet oer Kendra, dy’t ek gek is fan fuotbaljen en graach spylje wol, mar har heit sjocht dat hielendal net sitten. Kendra wurdt it freondintsje fan David. Dy hat it net maklik by de club, want der loere mear spilers op syn plak yn it alvetal. Sa is Matthijs syn grutste konkurrint en dy spilet hielendal gjin earlik spul. David nimt him op in ferrassende wize te pakken, mar wat binne de gefolgen? Kendra set troch en jout har stikem op foar de fuotbaldagen by FC TOP, mar hat sy genôch fuotbaltalint?
Kampioenen fan FC Top is it ferfolch op Skoare by FC TOP, dat yn 2008 keazen is as moaiste Frysktalich berneboek fan it jier.
Leen van Durme
Mo & Miro – sokjes oan
Afûk, Ljouwert 2013
ISBN 97890 6273 9462
Ferkeappriis € 11,95
It mûske Mo en it fûgeltsje Miro binne bêste maatsjes. Fan ‘e moarn falt der snie en se wolle tegearre bûten boartsje. Mar Mo is krekt wekker en hat de piama noch oan. Miro helpt Mo, sadat se gau nei bûten kinne. In boartlik en fleurich boekje oer klean oanlûke, mei leuke útklapsiden. Foar pjutten fan 18 moanne ôf, mei in tema út it deistich libben fan bern.
Eric Hill
Stip kin al telle – in flapboek
Afûk, Ljouwert 2013
ISBN 9890 6273 9547
Ferkeappriis € 11,99
Stip kin telle fan 1 oant 10!
Wat kin er op ‘e pleats allegear telle?
Hy makket mei syn heit in rûntsje oer it hiem
en komt allegear bisten tsjin. Hoefolle?
En wat sit der achter de flapkes?
Harm de Jonge (oerset troch Jant van der Weg)
Jonas en de fiskjes fan Kees Poan
Hoogland & Van Klaveren, Hoorn 2013
ISBN 97890 8967 1493
Ferkeappriis € 14,95
Jonas sit foar it rút en sjocht nei bûten. Hy ferfeelt him. Der is neat bysûnders op ’e grêft te sjen. Gjin inkelde auto dy’t it wetter yn rydt, net in boatsje dat sinkt. Sels net in âld wyfke dat stroffelet en rêden wurde moat. Op it dak oan de oare kant sitte twa seefûgels te slûgjen. Boppe alle huzen is de loft griis. As der neat te rêden is, tinkt Jonas, dan moat ik sels mar wat betinke. Hy set syn sinnebril op en ynienen liket de wrâld der hiel oars út te sjen. Der driuwt in oranje learske fan de keningin troch de grêft. En even fierderop in krante sa grut as in flierkleed, mei dêrop de keningin sels!
In fantastysk ferhaal oer in jonkje en de krêft fan syn ferbylding.
Karina Schaapman
IT MÛZEHÛS – SAM & JULIA EN IT SIRKUS
Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2013
ISBN 97890 3300 4346
Ferkeappriis € 16,95
Julia en har mem geane yn de grutte fakânsje mei it sirkus mei. Julia skriuwt yn brieven oan Sam hoe spannend dat wol net is. Se fertelt ek oer har nije freonen Enrico de Clown en Sylvana it trapezefamke. Sam skriuwt har lange brieven werom, want thús yn it Mûzehûs makket er ek wer in soad mei. Sam & Julia en it sirkus is basearre op in wier barde skiednis. Karina Schaapman reizge yn har bernetiid écht mei it sirkus mei. Dêr kinne de measte bern allinne mar fan dreame. Foar dit boek boude Karina ûnder mear de sirkustinte en de wenweinen út har bernetiid nei, mei krekt safolle wûnderbaarlike details as yn har eardere boeken. De sirkusposters, foto’s en brieven út har persoanlik argyf binne yn in lyts formaat werom te finen yn dit boek.
En fierder…
Tijdens zijn ‘rondje draven’ is Gerben Opmaat bij toeval getuige van een poging tot verkrachting, die door een ultieme zelfverdedigingsactie catastrofaal afloopt. Zijn pogingen om het slachtoffer te beschermen tegen het ‘juridisch apparaat’ blijken averechts te werken: tot zijn verbijstering wordt hij de volgende dag gearresteerd, verdacht van moord. Het slachtoffer, Sanne Visser, blijkt hem te hebben aangegeven. Het is dus een kwestie van zijn verhaal tegen het hare, waarbij de politie zijn lezing ongeloofwaardig acht.
Tijdens de voorlopige detentie blijft Gerben bij zijn aanvankelijke besluit om de onschuld van de vrouw tot leidraad voor zijn handelen te maken, zonder daarbij zelf tot een bekentenis te komen. Dit blijkt een dramatische uitwerking te hebben, zowel op haar als op Gerbens echtgenote en zijn beide kinderen. De Dwaling is een roman over recht en waarheid, schuld en aansprakelijkheid, illusie en werkelijkheid en over onvoorziene gevolgen van weloverwogen besluiten.
Arbeiderspers ISBN: 9789029586337 € 17,50