
Juster haw ik in brûkt diaprojektorke – kocht fia ynternet – út Noardwâlde ophelle. De oanbieder sei it ding mar in hiel inkelde kear brûkt te hawwen. ‘Hy sit noch yn de doaze. Ek alwer in jier leit der yn ’e kast sa’n apparaatsje dêr’tst de dia’s mei op de hurde skiif sette kinst. Mar ja, da’s is likegoed in ferrekt sinnich wurkje.’
No ja, ik koe der wol ynkomme, by my leit ’t it der net folle oars foar. Dat ik kies foar in maklike oplossing: ik keapje syn projektor, mei in monitor, dan kinst it ding op tafel sette en rats-rats de saak der troch huffe. It is wol sa’n fyftjin jier ferlyn dat ik myn dia’s besjoen haw om’t de projektor stikken wie. Dus no thús daliks in pear sliden fan souder helle. It apparaat docht it.
Och hear, ien fan de earste reizen nei Frankryk, fytse yn Normandje.
Ik wit it noch, ik seach my de eagen út ’e kop. Al dy âlde tsjerken, fan rûge stien, prachtich moaie konstruksjes, meast – op ’e doarpen -romaanske foarmen. It is mar goed dat ik doe noch gjin digitaal tastel hie, dan wie ik der hielendal yn wei rekke. Doe wie fotografearje noch in djoere hobby. Dochs, ik koe it net litte en fotografearje âlde tsjerken, âlde doarren, âlde wenten, âlde stiennen treppen. Sûnder ein.
Doe’t wy letter ris yn Bretanje kamen koe ik it net litte en meitsje wol in tachtich foto’s fan de stiennen fan Carnac. Ea hie ik op tillevyzje sjoen hoe’t Pierre Janssen dêr mids de linys fan rjochtopsteande stiennen stie. Hy kloppe der mei de hân op en preuvele ien en oar oer de stiennen, de minsken, harren bedoeling ensfh. Mar dat gyng by my lâns. Sûnt wist ik dat ik dêr in kear hinne moast. No’t ik dêr wie, krigen de linys mei hûnderten, tûzenen stiennen my yn ’e besnijing, myn finger woe net fan ’e sluter. Seach ik dêr Pierre Janssen? Dêr fierderop?
Fakânsjedia’s haw ik wolris sjen litten oan famylje en freonen, mar dy fan de stiennen fan Carnac dêr wie de besite gau op útsjoen en dan begûnen se der trochhinne te praten. Moarn helje ik se fan ’e souder ôf en sil ik se hiel stadich oan my foarby lûke litte.