
Auck Peanstra kenne wy benammen fan de printeboeken, lykas de Tomke-searje, mar Peanstra hat har ferline simmer ris goed talein op de jongerein. Har nije ferhalebondel foar de leeftiid fan likernôch 11 oant 14 jier draacht de titel De boel op stelten. De bondel bestiet út achttjin losse ferhalen oer ferskillende bern dy’t bymekoar op de basisskoalle yn groep 8 sitte. Elts ferhaal is skreaun út in oar perspektyf wei en jonges krije likefaak as famkes in haadrol.
De opset fan de ferhalebondel docht tinken oan dy fan it boek De oerwinnings fan Tido Houtsma fan Tys Wadman. De kar foar koarte ferhalen is taktysk om’t koarte stikjes minder in berop dogge op konsentraasje en geduld. Se passe yn it drokke deistich libben fan jongerein. De koarte stikken binne ek geskikt foar gebrûk op skoalle. Yn de regel binne de ferhalen skreaun oer in ûnderwerp dêr’t in probleem mei is. De ein wurket nei in oplossing ta en sa rinne de ferhalen frijwol allegear goed ôf. Wol wurdt by guon ferhalen in probleem sketst dat op in wat ûnwerklike manier oplost wurdt. It koart hâlden fan de ferhalen giet dan op kosten fan de ôfwurking. Dat is bygelyks it gefal by it ferhaal ‘Ofspraakje’. Hiske wurdt pleage op skoalle mei bryfkes en oer Hyves, dêr’t se sels net op sit. ‘Kollega-nerd’ Bram is ek slachtoffer. Oan de ein komt de oplossing:
As je pest wurde moatte je mei bewiis komme. (…) En dan giet se dermei nei juf. Se hat har nocht fan dit gedoch. Aksje ûndernimme, dat hat se ek ris yn in boek fan Carry Slee lêzen.
Moarn!
It idee is dat it pesten oer is sadree’t de juf derfan wit. Dat is wat in optimistyske foarstelling fan saken en bern witte ek dat it faak sa net wurket. In orizjinelere oplossing en in ekstra side foar de útwurking hie it ferhaal as gehiel sterker makke. De ferwizing nei it populêre boek Spijt fan Carry Slee is wol wer leuk, om’t it herkenning opropt by de lêzers. Troch gebrûk fan oare literatuer is dochs yn in pear wurden in hiele sfear oproppen. De rol fan nije media op ynternet is moai ynboud yn de ferhalen, sa krijt Hyves hjir in wichtige rol. It is in gefaarlike kar om sa’n trendgefoelich elemint yn de ferhalen te ferwurkjen want Hyves is alwer op syn retoer. Likegoed is it moai dat de literatuer mei de tiid meigiet en dat de setting oanslút by de eigen wrâld.
De tematyk slút naadleas oan by populêre Nederlânsktalige searjes as Hoe overleef ik… fan Francien Oomen, ferhalen fan Caja Cazemier en oare probleemboeken. De ferhalen geane oer wat jongerein yn de besnijing hâldt. Dat binne gebrûklike saken as peste, pakes en beppes, kattekwea en hûsdieren, mar nij binne de foar de Fryske literatuer wat minder foarkommende, mar wichtige tema’s lykas omgean mei handikapten, geweld en seksualiteit. In foarbyld komt út it ferhaal ‘Sekssites’.
‘Hee Kevin, moatst ris sjen wat ik fûn haw’, flústeret Durk.
‘Hjir op ynternet, bleate wiven!’
‘Hèn?’ seit Kevin en bûcht him nei Durk syn skerm. ‘Fet! Wêr hast dy wei!’
Durk sjocht eefkes nei de juf, flústeret dan it ynternetadres nei Kevin.
No kin men jin ôffreegje oft in tema as sekssites winsklik is foar bern út groep 8. Itselde jildt foar geweldpleging en stellerij. Soe dat se net op ferkearde ideeën bringe? Ik tink dat it wol in slachje tafalt. Der is yn de Nederlânske jeugdliteratuer ek in soad oer skreaun, dus it sil bern yn alle gefallen net fernuverje. Yn de ferhalen bliuwe de beskriuwings binnen de belibbingswrâld fan bern. Bûten dat einiget in ferhaal altyd sa dat de bern op it goede paad weromkomme of dat der maatregels nommen wurde tsjin net winske gedrach. Der sit yn alle ferhalen wol in stikje dêr’t in bern fan leare kin en dat derfoar soarget dat ien wol twa kear tinkt foar’t hy of sy streken úthellet. It is in moaie mjuks fan spanning en ûndogenens mei realiteit en gedrachsnoarmen. Sa wurdt der ek warskôge foar pedofilen troch in spannend ferhaal dat mar krekt goed ôfrint.
In hiel sterk punt yn de ferhalen is humor. Der kin in soad lake wurde by it lêzen fan de ferhalen. Aparte situaasjes, grappige dialogen en ferrassende draaien sitte yn de measte ferhalen. Sa ek yn it ferhaal ‘Dy ferhipte kat’, dêr’t Silke beppe yn beskuldiget fan ôfskiten.
‘Stjonke?’, seit beppe rekke. ‘Seidesto dat it hjir stjonkt?’
Ik meitsje my klear foar in bestraffend ferhaal. Mar beppe har reaksje is in oaren as dy’t ik ferwachte hie. Ta myn fernuvering sjit se oerein en toffelet nei de stoel dêr’t har Siamees noflik leit te sliepen. Se pakt it bist pardoes by kop en kont en kreupelet dermei nei de túndoar. ‘Hat dy ferhipte kat fansels wer ôfskiten! Dat lapt er my no altyd as der besite is, dat stomme bist!’
De pakes en beppes yn de ferhalen komme der net sa posityf út. Se stjonke, binne demint, seure oer kwaaltsjes en de bern hawwe der net sa’n soad mei op. Der is sels in pake dy’t seksboekjes ûnder syn stoel bewarre hat. De âlderen kinne ferrassend út de hoeke komme om’t se júst net yn in beskermhoekje weitroppe wurde as leaf en kwetsber, mar fan de oare kant beljochte wurde. Dy oare kant is foar guon faaks like realistysk en boppedat grappich.
De ferhalen steane allegear los faninoar, mar guon personaazjes komme faker werom om’t it hieltyd oer bern út deselde groep 8 giet. Harren karakter bliuwt wol gelyk; sa is Tamara in liederfiguer dy’t ferkearde dingen docht yn beide ferhalen dêr’t se foarkomt. By twa ferhalen wurdt in ik-perspektyf brûkt, ien kear is dat foar in jonge en de oare kear foar in famke. Dat is nei alle gedachten mei sin sa dien om sawol in frouljuspublyk as in manljuspublyk oan te sprekken. Dy ik-personaazjes binne net perfoarst de wichtichste bern yn de klasse, der is eins net ien echte haadpersoan. Foar de oare sechstjin ferhalen wurdt in fertelling út de tredde persoan wei brûkt.
De taal is oer it gehiel tagonklik en maklik lêsber, in inkeld ynfrekwint wurd as ‘kefert’ springt derút en kin in hobbel opleverje by it lêzen om’t it faker as ien kear brûkt wurdt. Der sit wol in tekeninkje by fan in slúf, mar de fraach is oft de lêzer fuort trochhat dat it op dat wurd slacht. Dat bringt my by de tekeningen. Op de foarkant stiet in tekening dy’t by it ferhaal ‘De moaiste billen’ heart. De ynkleuring is dien mei in kombinaasje fan fotomateriaal. Sa hat de trui in echt wollen patroantsje en is it hier fan de famkes ynkleure mei echt hier. De ûnderbroek is mei sin sloardich ynkleure mei in stik krante. Koartwei in fersoarge en útnoegjende foarkant. De binnenkant fan it boek is útfierd yn swartwyt, allinnich de ynkleuring mei stikjes krante komt werom yn de binnenkant. De yllustraasjes hawwe in sketserige styl. By elts ferhaal sitte ien, twa as trije sketsen, yn de marzje of tusken de alinea’s, ôfhinklik fan it oantal siden dat it ferhaal ynnimt. Plaatsjes yn C-boeken en heger binne net sa gongber, mar wol in goede set om’t bern noch hieltyd in yllustrearre boek oantreklik fine.
In minpuntsje is dat der in pear tikflaters steanbleaun binne yn de druk. Dûbele spaasjes wolle ek noch wol foarkomme, wylst men dy der mei ien druk op de knop úthelje kind hie. Dy lytse muoite hie it mear as wurdich west, mar dat nimt net wei dat it in moaie bydrage is binnen de jeugdliteratuer, dêr’t noch hieltyd ferlet fan is. Moai is dat der foar sawol famkes as jonges wat by sit troch it brede ferskaat oan ûnderwerpen, al sil it kaft mei twa famkes foarop mear in frouljuspublyk lûke. It boek komt de fraach fan de doelgroep temjitte: flotte, spannende ferhalen dy’t koart en lêsber genôch binne om jûns foar it op bêd gean efkes te lêzen.
Auck Peanstra
De boel op stelten
Afûk-útjouwerij
Priis: € 12,50