
It kin in hiel gemiter mei nammeboel wêze, benammen as jo dêr amtners en politisy oer gear hawwe en dy brot yn administraasjes trochfierd wurde moat. Se litte it foarkomme as soe it yn 2013 noch in spul fan kaartebakken wêze en sokke kaartsjes reitsje ek in kear fol dat dan moatte der ynienen sa’n 70.000-80.000 kaartsjes oerskreaun wurde. En dêr komt noch by dat der likefolle paspoarten fernijd wurde moatte, soks kostet net allinnich in slompe jild mar ek natuer. Dan ha wy fansels de websiden ek noch. In bytsje gemeente hat wol 1.000 websiden dat dan moat it logo 1.000x fannijs by de ûntwerper weikomme dy’t it ding dus ek 1.000x op ’e nij ynkleurje moat.
Lês fierder by Daam