
Ik sit mei in dilemma. Soks is ferfelend. Jo wolle meastentiids nimmen tsjin de skinen traapje, yn dit gefal komt it Frysk eigene dêr nochris by. Ja, dan ha je it earne oer. Wat is it gefal, ik bin eigner fan in bûsdoek. Meardere, want in goede Fries is altyd ferkâlden. No falt dat bot ta, sûnt ik hast in jier lyn ophâlden bin fan smoken, ha ik noch mar ien kear in dei as wat snottere. De grutte ruften fol mei griene en giele substânsjes binne sûnt ik út de ploegetsjinst stapt bin al net mear oan de oarder. It kin dus noch wolris wat wurde mei myn sûnens. Eartiids kundige in freeslike hoastbui oan as heit wekker wie, no kom ik stikem de keuken yn. It hat allinnich mar foardielen, dat ophâlde fan smoken, útsein dat it in drama is. Mar dêr ha we it no net fierder oer.
Bûsdoek. Snotte. Dêr ha wy it oer. Want it moat ticht by mysels bliuwe, krige ik te hearren. No, tichter as dit komt it net. Djip út mysels wei mei krêft lichemsfloeistoffen yn in stik tekstyl blaze. Ticht genôch? Bûsdoeken binne der yn in ferskaat oan foarmen, ôfmjittings en mei allegearre ferskillende printsjes der op. Der binne minsken dy’t sizze dat it brûken fan in bûsdoek net goed wêze soe, omdat jo josels dan by eltse kear snuten opnij ynfektearje. Papieren bûsdoeken soenen better wêze. Om dan dochs mar efkes yn detail te treden, by myn wize fan snuten blaas ik dwers troch dy papieren flarden hinne. Ha ik fan pake. As dy snute en prûste moast, koenen se dat fjouwer hûzen fierderop hearre. Dus papieren bûsdoeken binne oan my net bestege. Boppedat, en echte bûsdoekbrûkers sille dat werkenne, wat is der no lekkerder as de earste kear folút yn in skjinne bûsdoek snute? Ien dy’t kreas strutsen is en yn fjouweren teard op in steapeltsje yn de kast leit. Praat my net fan dat papieren guod. Sitte ek noch yn plestik. Freeslik.
Goed. Myn foarkar is helder. Mar no komt it. Ik ha in bûsdoek dêr’t in tekst op stiet. Fan in ferneamd liet ek noch. Hoe dan fierder? Sjoch, hie it no in jankfodde fan André Hazes west, hie ik der gjin muoite mei hân om dy ris flink fol te jutterjen. Mar dit komt oan de woartels fan myn Fryske siel. It is nammentlik sa dat it folksliet der op printe stiet. Wat dogge jo dan? Stel: jo fiele in fikse ferkâldheid opkommen en je dogge in greep yn de kast. Sûnder der fierder nei te sjen stekke jo de bûsdoek yn de bûse en gean op ’en paad. Bygelyks nei de nijjierssit fan in Frysktalich literêr blêd. Ik neam mar in dwersstrjitte. It soe kinne, dy nijjierssitten binne meastentiids yn jannewaris, útrinnend nei febrewaris, dan moat it ek nedich wer dien wêze. Jo komme dêr oan, de noch skjinne bûsdoek feilich yn de bûse. Stel dat je dan ek noch wat sizze wolle of moatte en op it momint dat je plak naam ha efter it kateder fiele jo it oankommen. De net tsjin te hâlden drift om te prûsten. Jo tinke dat jo de kontrôle oer de situaasje ha, omdat jo thús al in skjinne bûsdoek yn de bûse treaun ha. Kreas strutsen, sa fan de steapel. Jo ha sels noch tiid om jo te ferûntskuldigjen, krije de hagelwite bûsdoek en teare him iepen. Op dat stuit kinne jo wol troch de grûn sakje. De tekst fan it Fryske folksliet stiet grut en skerp op de lape stof ôfprinte. Omdat jo efter in sprekstoel steane en it altyd aardich liket as der ien ûnferwacht prûste moat, ha jo de folsleine oandacht. Alle mei farifokus brillen optuge oanwêzigen sjogge daliks mei grutte letters ‘Frysk folksliet’ boppe de tekst stean.
Dat is dus it dilemma. Brûke jo sa’n bûsdoek, of litte jo him foar de ivichheid skjin yn de kast lizze? Wolle jo de tekst fan ús folksliet mei griene en giele snotte besmotskje, of is dat in brêge te fier? Yn it ramt fan it op in ferantwurde wize brûken fan in oars oerstallich gebrûksfoarwerp ha ik dêr lang oer neitocht. Guod dat je ha moatte je brûke. Oars leit it der mar te lizzen. In bûsdoek mei it folksliet der op moat ek in bestimming ha. Kultureel besjoen ha ik der wat op fûn. En sa is de sirkel rûn. Ik meitsje mei soarch de snaren en de halzen fan myn gitaren skjin mei dy iene bûsdoek. Dat bysûndere eksimplaar. Dat stikje Frysk erfguod. Dy ikoan fan snottebellen dy’t ik dêr net yn blaze wol.