
Juster is it 400ste boekprofyl op Sirkwy pleatst. In boekprofyl is in soarte fan digitale flaptekst mei links nei fierdere ynformaasje oer de titel. Dêrmei is it meastepart fan it Frysk literêr proaza fan 2000 en letter werom te finen op Sirkwy.
Ynhâld
De ynhâld fan Sirkwy is op te dielen yn rûchwei fjouwer skiften: artikels oer literêre ûnderwerpen; nijsartikels ynklusyf aginda-ynformaasje; de digitale bibleteek; reaksjes fan brûkers fan de site.
By de artikels binne de wichtichste ûnderdielen de kategoryen ‘biografyen’ en ‘boeken’.
De kategory ‘boeken’ binne de boekprofilen. Nêst dy 400 boekprofilen binne der ek goed 260 biografyske sketsen opnommen (Frysktalige).
Sa’t yn augustus ferline jier fernijd waard, rjochtet de redaksje fan Sirkwy him by it ynfieren fan de boektitels earst op oarspronklik Frysk literêr proaza foar lêzers fan 12 jier en âlder – net omdat oarsoartich wurk gjin belang hat, mar omdat je in grutte lape wurk yn ôfbeakene stikken ôfwurkje moatte. Dêrby giet it yn it foarste plak om wurk fan 2000 of letter. As it sa útkomt wurde wol oarsoartige titels opnommen, bygelyks de sân nominearre dichtbondels by de Gysbert Japicxpriis fan dit jier of titels fan foar 2000.
…
Lês fierder by Sirkwy