
Dêr lei er dan, sa kreas as in krúsbei. Sierlik waar en krekt gjin winter mear. In lyts wek hiene se foar him makke en dêr it mei plestik beklaaide souke mei in bollepystebêd yn lein te driuwen.
Hoe’t er hjir sa kommen wie, wie net rjocht dúdlik. It wie yn alle gefallen helder dat syn mem him net hâlde kinnen hie. Fansels hiene jo hjoeddedei wol fan dy ynleverpunten foar bern mar de kâns wie grut dat jo dêr op kamera fêstlein waarden. Hy hold him mar wat fêst oan it byld dat er yn in sûpkeet berne wie en dat se dêr yn ’e mande ornearre hiene dat dit de bêste oplossing wie om’t der yn dizze oarder noch in beskate foarm fan út it sicht reitsjen mar net weiwurden mooglik wie.
It teiwaar sette troch en it duorre net lang of hy dreaf oer it wetter yn it nije lân. Nuvere terpen hiene se hjir boud, jo koene der net op wenje mar der allinnich mei oars wol útwrydsk reau oerhinne en der benammen mei feestarken ûnder troch.
Ynienen seach er in man dy’t jongkatten fersûpte. It like him wol in aardige man ta en it miste him net dat hy him ek seach mar faaks woe er net wêze dat er dêr op dat stuit wie. Botte tsjil fûn er it net. In moedstastân dy’t yn in koart setsje tiid faker opspile. Sa waard er justjes letter in kloft opslûpen jongfeinten gewaar dy’t mei einepiken oan it heinebaljen wiene. Syn boatsje skodde.
Frjemd folk wie dat, it tou kaam har út de earen en se hiene amper klean oan, dat soks koe op termyn noait goed komme mei dy teare wite feltsjes. No ja, sels mar witte. In soad each foar wat der om harren hinne barde hiene se net. Nachts joegen de wat âldere bleke eksimplaren in leven as in oardiel op as se del fytsten. Oaren kamen yn klibers auto’s, dat wie noch helte slimmer. It wie net oars as hiene sokken folsleine bands op de efterbank te sitten.
Nei ferrin fan tiid hiene in pear aardige jonges dy’t sieten te fiskjen him út it wetter helle en hy wie by har thús bedarre. Dy jonges wiene better klear op de sinne, dat seach er daliks wol en se pasten ek better op harsels al oerdreaune se dat wat mei dikke winterjassen, mûtsen en moffen. Lytse húskes hie dat slach folk dy’t deun tsjininoar oan stiene, hûnderten op in pear pûnsmiet mei mar ien brijsiedplak. En in nijmoadrich bjinstap dêr’t se net allinnich it guod himmelen mar harsels ek skrobben. Gauris kamen der lju mei aktetassen del en dy hiene besocht him te ferdútsen wêr’t er bedarre wie en wêr’t se him hinne hawwe woene. Dat wie skrikken.
Blykte er yn in lân berne te wêzen dêr’t it wizânsje wie de tomkes te learen nea iten yn de eigen taal klear te meitsjen. Fernuvere merkbiet er dat de yana yu’s wol besochten de taal fan de tomkes te praten mar dat se troch dy bleeksketen útlake waarden as se in geit in skiep neamden. Dêroerhinne konstatearre er dat ymportearre tomkes dy’t ek al gjin doel oer de sinne hiene nea besochten nei te gean wêr’t se no krekt keard wiene mar dat kaam fansels ek om’t de heiten en memmen fan de hieme tomkes in taaltsje werom praten dat troch sa goed as nimmen nei te kommen wie en dêr’t se har sels de bek by brieken. By praat-mar-poep hiene se dy taal ta noarm ferheven wat se as in kultureel feest beskôgen dat syn hichtepunt oer fjouwer jier krije soe, sa hie er begrepen.
De kommunikaasje hie yn dit lân – dat oars as it stikje nijlân dêr’t er tahold frijwat âlde keunsthichten, gâns strewelleguod en in hiele nust wetterpartijen hie – in ûntjouwing trochmakke dy’t him net bot noaske. Se lieten it hjir foarkomme as soene aaipaden lêze en prate kinne mar dat wie, like him ta, allinnich mar om’t se dan sels neat hoegden te dwaan. Dat blikken geëamel wie net om oan te hearren en alhielendal net te ferstean.
De polityk wie al sa’n nuver gefal. Lju fan kwizekwânsje fan de lanlike nasjonale partij lieten it foarkomme o sa op smoken tsjin te wêzen mar wiene suver net út it smookhok wei te slaan en as hja dêr al út wiene dan ferfrieten se har as fegetariërs oan hompen fleis.
Man, man, wat wie dit in nuver lân.
Somtiden wie der noch in kromke te bespeuren fan wat hoekhâldend folk dat yn ’e rekken hie dat harren eigenheid nei de barrebysjes gie. Jo moasten der om tinke se net mei Jehova’s te ferlykjen al koene jo se der wol út om’t se meast kroaden by har hiene. Se praten freonlik en gewoan. Der wie him trochdien dat soks eartiids mei de bakkers en slachters ek sa wie.
Dat wiene lykwols útsûnderingen. Fansels woe er net misledigje mar it meastepart hie rûnom de poat tusken de doar. Faaks wie it better en earliker om te sizzen dat it linkse rakkers wiene dy’t se ûnder de rjochter earmtakke hawwe. Sawat as it ferkearde folk dat yn de skriften beskreaun wurden is.
Dy skriften moast er meikoarten mar ris goed bestudearje want it kaam him by it âlder wurden sa foar dat yn guon parten by it oersetten frijwat fan de grûntekst ôfwykt wurden wie. In saak dy’t er no lykwols net goed neigean koe.
Dochs moast dat hast wol sa wêze. Oars koe er mei gjin mooglikheid ferklearje dat de Nyl ynienen feroare wie yn in wetter dat net in soad fan in rivier wei hie mar mear like op in troch swarte slykwurkers útgroeven en mei keunstwurken opwoutere kanaal dêr’t se alle revenuen sels fan opstrutsen hiene.
Ja, hy soe dy grûnteksten ris goed besjen.
Mooglik soe er dan ek helder foar de geast krije wat no krekt de krupsje fan it biologysk fenomeen dat yn it lân dêr’t er no ferkearde ‘ús mem’ neamd waard winliken west hie. Op himsels al wûnderbaarlik: yn de measte lannen tsjutten se soks mei ‘myn mem’ oan en hiene se der bylden fan yn tsjerken. Hjir net: hjir setten se har rûnom by de dyk yn de meast wûnderbaarlike kleuren. Krekt sa’t se ek mei har sels diene.
Se moasten nuver yn dy skriften omslein hawwe, dêr wie er wis fan. It iennichste dat in grisseltsje fan de wierheid yn hie wie it ferhaal oer de babyloanyske spraakbetizing. Fierder doogde it foar gjin kwartsje sei syn gefoel.
Dat hy hie him hjoed opjûn foar in kursus Hebrieusk. Juster wie er mearderjierrich wurden dat dat koe sûnder oerlis. Fan ’e middei soe er by dy jonges dy’t him syn earste thús jûn hiene op besite. Hy woe witte hoe’t se dêr no omhúsmannen. As er it folk fine koe teminsten want it wie him wol dúdlik wurden dat se dêr yn dit lân like wreed mei omtôgen as mei ús mem. It aktetassefolk dêrfoaroer wie och sa honkfêst, dat as it nypte en wernypte soe er dyselde opspoare dy’t him delplakt hie dêr’t er no siet, syn aaipaad op keuveljen sette en de man sels yn de Blikfeart kiperje.