
Nijjiersdei seach ik op Canvas [Belgyske stjoerder] in optreden fan Hans Liberg, dy’t in grut diel fan syn performance bestege oan fize ferskes [priapeeën], sa as Vrouw Haverkamp en Er was een vogeltje, ensfh. At wy froeger mei in klupke jonges op strjitte swalken, dan raasden wy faak sokke teksten. Hoog in de bergen wie ek populêr, en oars wol dy tango: De nacht was lang de rok was kort, de broek werd van haar reet gesjord, ik lei haar op een molensteen en ging er drie keer overheen. De hiele seal balte dit mei Liberg mei.
Ik tocht, hea, wat typysk, ik ken al dy skreau- en skel-teksten, mar der is der net ien yn it Frysk by. Dat is foute boel, fansels. Jo moatte ek roppe, raze en sjokkearje kinne yn jo eigen taal.
It giet hjir om in stikje jongereinkultuer dêr’t ek folwoeksenen har noch wolris/graach oan bekweadzje. Der binne anonime ferzen, sa as Om acht uur zou het feest beginnen, de gasten kwamen spiernaakt binnen... Mar ek dichterlike ferzen, sa as fan A. Roland Holst:
Ik zag professor Van Moerkerken
meer dan een uur op een hoer werken
‘t was een oud lijk weliswaar,
maar toch kwam hij klaar
je kon het aan de vlek op de vloer merken.
Myn fragen:
Binne der ‘smoarge’ lietsjes yn it Frysk?
Binne der Fryske dichters dy’t priapeeën skreaun hawwe en wêr binne dy te finen?
Freonlike groet,
Reaksjes graach nei:
Willem Winters
Beethovenstrjitte 51
8916 GE Ljouwert
Hoi Willem,
Ik wit net oft it is watst bedoelst, mar der is in liet fan Briquebeck?? dêr’t de sjongeres fan graach wol dat in strjitmakker mei syn rubber hammer op har bleate fel slacht.
Anne