Willem Winters

PSP

logo.ensafh

Bespotlike lju fansels, dy PSP-ers yndertiid. Hoe krigen se it yn ’e kop dat de wrâld sûnder wapens kinne soe [‘Ontwapenend!’], dat it leger wol ôftanke wurde koe [‘Maak het leger leger’], dat yn alle minsken wol in driuw nei frede oanwêzich is, dat dy driuw allinne mar wekker makke wurde moat: ‘Als het oorlog is, maar niemand gaat er heen…’

Wy hiene it fan ‘e wike noch oer de partijen en de programma’s. It begryp passifisme komst net mear tsjin, it is begroeven, goed djip. Dat komt út himsels net wer boppe, lit stean dat it opbloeit; freegje de âldere minsken mar ris wat passifisme is en se meitsje in gebeart fan eat oer de knibbel te brekken. Just, ja krekt, it brutsen gewearke as symboal foar harren doel. Mei harren âldfrinzige gewearen koe it Nederlânske leger de Dútsers net tsjinhâlde, lit stean mei brutsen gewearen! En dochs, wy leauden der yn, yn De Mins, mar ek fan dat leauwe is net folle oer.

psp-poster

Hoe sit dat eins, kin men yn Nederlân noch offisjeel passifist wêze? Eartiids koest lid wurde fan ’e PSP, dêr wie net folle keunst oan. Doe wie der ek noch tsjinstplicht, as passifist koesto [moastesto] tsjinstwegerje. In psychiater en in spesjale kommisje leinen dy wol efkes op it harspit om nei te gean oft dyn beswieren wol djip genôch gongen. Mar dat is allegear foarby. Dat realisearrest dy ast yn ’e krante lêst dat Bram van der Lek ferstoarn is; 82 waard er. Yn de 70-er jierren siet er foar de PSP yn ’e Twadde Keamer. Dat wienen ek de jierren dat wy mei letterlik in hantsjefol in PSP-ofdieling yn de gemeente Kollumerlân oprjochten. Mear as fiif leden en mear as fiif stimmen ha wy nea krigen. Wy kamen yn aksje tsjin de plende oefenterreinen yn ’e Lauwersmar en it smoarge fabrykje fan Kollum Chemie. ‘Giftig, welnee,’ sei de direkteur, ‘ik durf er wel een hap van te nemen!’ Moai dat er it net die.

Net dat wy tochten dat by Kollum de Fiktoarje begjinne soe, mar… wy diene wat, wat prinsipieels alteast.
En dan moat der ek nog earne in stokâlde Van der Spek wêze, op ‘e doele rekke troch strideraasje yn en tussen partijkes.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *