
Eastermar fiert dit jier 100 jier Dam Jaarsma. De spesjale stichting dy’t oprjochte is wol it kultuerhistoarysk en wittenskiplik belang fan it wurk fan Dam Jaarsma ûnder de oandacht bringe fan in breed publyk. Dam Jaarsma fan Eastermar hat yn syn libben sa’n 17.000 folksferhalen út De Wâlden sammele en opskreaun.
Yn de âldjiersnacht waard it plein It Breed yn it sintrum fan it doarp al omdoopt ta it Dam Jaarsmaplein. En foar it hiele jier binne der tal fan aktiviteiten yn it Eastermar.
Letter dit jier ferskynt it boek ‘Mearkes út de wâlden’, in kar út de meast nijsgjirrige mearkes dy’t Jaarsma sammele en opskreaun hat. Ek hat Jaarsma fan it doarp Eastermar in eigen Facebookpagina en Twitteraccount krigen.
Boarne: Omrop Fryslân