
Rink van der Veldepriis 2014: Kânshawwers
De fiif nominearre boeken foar de Rink van der Veldepriis 2014 binne yn alfabetyske folchoarder fan auteur
Leo Popma – As gong dêr in oar
Freddy Scheltema – De keet fan Annawâld
Sipke de Schiffart – Wat it is om bang te wêzen
Steven Sterk – De midden en de beide einen
Ale S. van Zandbergen – Littenser merke
De nominaasjes binne hjoed bekendmakke troch de gemeente Drachten/Smellingerlân.
De ‘Rinkpriis’ is in twajierlikse priis foar literêr wurk út Fryslân yn it Frysk of yn ien fan de Fryske streektalen, ‘yn de geast fan Rink van der Velde’, sa ferstien dat dêrmei bedoeld wurde de literêre genres dy’t Rink van der Velde beoefene.
De sjuery bestiet dizze kear út Tryntsje van der Steege, Tessa Blaauw en Forina van der Zee. De priisútrikking is op woansdei 19 febrewaris de middeis om fjouwer oere yn it gemeentehûs fan Drachten. Dan sil de winner bekendmakke wurde.
Boarne: sirkwy.nl