Skermer

Foar it Frysk

logo.ensafh

Friezen moatte iepener wêze foar nijkommers en net-Frysktaligen oer wol Bert Looper fan Tresoar ha, se binne tefolle yn harsels keard. Ik lies it yn ’e Ljouwerter Krante fan sneon 26 septimber 2009. It stik gong oer syn taspraak dy’t er dy middeis hâlde soe by de jierlikse betinking op it Reaklif fan de Slach by Warns. Ut it krantestik begryp ik dat er wol dat minder de klam lein wurdt op ’e taal, it Frysk. Mar dat de Friezen net iepen wêze soene, kin him net oan har taalgebrûk lizze. As se Nederlânsk tsjin har praten hearre skeakelje se dêr ek daliks op oer. Friezen binne sa iepen as wat. En yn harsels keard? Hoe sa dat no wer? Wy helje dochs allegear minsken fan bûten yn en elk mei meidwaan. Huub Mous sil dat fan herten meistimme.
Yn watfoar Fryslân hâldt Bert Looper ta? Net yn it Fryslân dêr’t ik wenje.

Ik bin oars fan betinken dat men de betinking fan de Slach by Warns moai yn wêzen litte moat. It is in ritueel dêr’t neat ferkeards oer falt te sizzen. Wêrom sil men de minsken dy’t dêr komme har feest fergunne? En dat se besykje om hieltyd wer in sprekker oan te lûken dy’t de dei fan hjoed der by belûkt is prizensweardich.
Oars as Bert Looper sis ik, as immen dy’t it Frysk foarúthelpe wol, by de betinking fan Slach by Warns moat krekt de befoardering fan it Frysk sintraal stean. As de Warnsgongers en ik en withoefolle oaren net allegeduerigen foar it Frysk opkomme, wa sil dat dan al dwaan?

Wat my ferbjustere wie dat Abe de Vries yn in Te Gast yn de Ljouwerter Krante sa weirûn mei Bert Looper en Jehannes Kramer ôfmakke, dy’t doe’t him frege waard om in reaksje op Looper syn wurden út in oare wrâld winliken net mear die as beide fuotten op ’e grûn te hâlden en ôfwoegen te reagearjen.

It hat mei Friezen altyd al sa west. Se roppe ornaris it ûnheil oer harsels ôf troch inoar de koppen yn te slaan en foaral as ien seit, no even it ferstân derby, wurdt dy dûbel de kop ynslein.

Ik bin tige foar it Frysk. It is myn taal. Ik wol myn taal graach brûke, graach sa folle mooglik brûke en ik brûk him ek safolle mooglik as ik kin. Ik bin der dêrom ek flak foar en sil it altyd stypje dat safolle mooglik minsken it brûken fan dy taal útdrage. Yn it ferlingde dêrfan fyn ik fansels dat net-Frysktaligen it brûken fan it Frysk respektearje moatte. Ik kin it dan ek net lykfine mei Albert Hendriks fan it toeristeburo Frisland-Holland dy’t it net akseptearret as de Fryske kultuerdeputearre Jannewytske de Vries Frysk praat yn Fryslân, al binne der dan ien of twa Hollanners by dy’t it net ferstean. It giet derom wat it swierst waacht en dat is net de oanwêzichheid fan dy Hollanners. Dat is in realiteit dy’t Hendriks net erkenne wol.

Ik bin om withoefolle redenen foar it Frysk.

Ik bin fan ’e wike benammen foar it Frysk om’t der sa moai yn dichte wurdt. Op tongersdei wurdt 15 oktober de Gysbert Japicx-Priis 2009 útrikt oan de dichter Anne Feddema, fan hûs út in sprekker fan it Ljouwertersk, mar Frysktalich dichter wurden om’t Frysktalige poëzy dichters oanlûkt. Yn it Frysk wurdt in protte en knap dichte, de Fryske dichtkeunst tsjûget fan potinsje.
Dêrom: ik praat sels safolle mooglik Frysk en stypje en propagearje nei fermogen it brûken derfan om it bestean fan in libbene Fryske poëzy feilich te stellen.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *