
Foar my op it buro lizze in pear A4-kes. Foar in skriuwer is dat net in útsûnderlike situaasje, mar dizzen lizze der al in hiel skoft. Deitekening is 11-12-2013. Meastal lit ik it guod net sa lang lizze, mar dizze papieren sit in ferhaal oan fêst. Wat is it gefal: Ik stean ynskreaun by de Keamer fan Keaphannel. As ZZP’er.
Dat is in kar, guon ferklearje jo foar gek, mar der is in lân fol gekken, as ik de sifers oer it oantal lytse selsstannigen leauwe mei. Oer it algemien is de relative frijheid dy’t je ha, by in soad kollega’s ien fan de driuwfearen om de baas de groetnis te dwaan, as er dat jo al net dien hie. Dus by guon is it ek út needsaak berne. Der sitte in oantal ferfelende kanten oan. De boekhâlders binne te djoer, de opbringsten hâlde by in soad ZZP’ers net oer, sjoen it tanimmende oantal dat by de Voedselbanken telâne komt.
As selsstannige meie jo ek op in pear lytse foardielen rekkenje. De disel fan British Petroleum is sa’n foarbyld. Ik krige oardel jier lyn in skriuwen dat ik, omdat ik ynskreaun stean by de KfK en dus in bedriuwke ha, rjocht ha koe op disel foar bedriuwsprizen. Dy binne wat leger. No, in pracht wie it. Ik gau de papieren ynkleurje en op de post. In wike letter hie ik myn BP-paske mei ynsletten de pinkoade al yn de bus. Sa lang as wy hjir wenje tenk ik al by de BP oan de Hegewei yn Drachten. Lekkere kofje ha se dêr, se kenne my en sjogge dus net frjemd mear op as ik njonken de disel ek benzine tenk. De earste kear dat dat barde, kaam der ien op my tafleanen, mar doe’t se seach dat ik de slange net yn it gat foar de disel hie, mar yn in jerrycan, wie dat helder. Ik tenk trije soarten. Ek mingde benzine. Foar de boskmeaners. Klear.
Mei myn BP-paske kin ik dat yn ien kear ôfrekkenje, it wurdt kreas fan myn rekken ôfskreaun en ik sparje ek noch FreeBees, wat wol in lytse ûndernimmer noch mear. Jo meie wol sizze dat ik in prima relaasje mei BP en syn personeel ha.
Oant…
Krekt. Dy brieven dy’t foar my lizze. De jildfrettende Europeeske regeltigers ha wer wat betocht. Op ien febrewaris oansteande sille alle automatyske oerskriuwings, dy’t, sa as yn dit gefal mei BP, prima wurkje, ferfongen wurde troch SEPA-oerskriuwings. It hie om my echt net hoegd, mar sa binne der wol mear dingen dy’t om my net nedich west hienen en ús dochs troch de strôt drukt binne. Dêr ha we it no net oer.
SEPA stiet foar Single Euro Payments Area, en dy klup hat as doel om alles makliker te meitsjen. No, wêrom lizze dy papieren hjir dan noch? Omdat it net maklik is om mei papieren in bank op de hichte te bringen fan in feroaring as dy bank gjin papieren oannimme wol en alles online regelje wol. Mar as je dat besykje, slagget dat net omdat de knoppen dy’t jo dêr foar ha moatte, net yn it skerm steane. Yn de ynstruksjefideo is it yn in pear minuten klear, mar net op de side fan de Rabobank. Mei as gefolch dat myn bloed alle kearen wer sûpe wurdt as ik dy papieren lizzen sjoch.
De bank, dêr’t ik al sa lang as ik in rekken ha, fan tocht dat it in fatsoenlike bank wie, mei fatsoenlike minsken, dy’t der net in rotsoai fan meitsje en never nea net mei foute praktiken lykas de Libor Rinte ‘ferdiel en hearskje’ spultsjes yn oanrekking komme soenen. Myn eigen Boereleenbank. De topper dy’t dêr ferantwurdlik foar wie stapte dus mei acht ton yn de bûse in doar fierder. En betanke mar wer, dom jild sparjend plebs, de groetnis. Wy binne net te pakken en geane moai troch mei dêr’t we mei dwaande binne, sukkels.
Dy bank. Myn bank. Ferdomme.
En dêrom lizze dy papieren hjir dus noch. Ik kin de moed net fine om de bank op de beljen en fatsoenlik te freegjen wêrom’t se wol myn jild brûke wolle, mar net in brief oannimme en lêze wolle, om dêrnei foar my in pear dingen te regeljen. Ik bin te bang foar in formele reaksje yn it Nederlânsk. Ien wêrtroch’t ik it frommis as de keardel dy’t dy klisjee útkoarret wol troch de telefoantried hinne lûke wol. Wylst dy ek mar stjoerd wurde, ik wit it wol. Mar dy keardel mei dy acht ton, dy… En de Europeeske regeltigers der op ta. Dêrtroch stiet myn geweldige ferhâlding mei British Petroleum en harren prima personeel ûnder swiere druk.