Hidde Boersma

‘Dat moat in oar ék witte’ (Fraachpetear mei Anne Feddema)

logo.ensafh

Hidde Boersma op besite by de mei de Gysbert Japicx-priis lauwere dichter Anne Feddema

Dizze dei…

Dizze dei gean ik mei in
Oaljefant yn ’e porsleinkas
We dûnsje en trilje fleurich
Oer blauich sjineeske Ming
En Delftsk – û.o. in toebackpot –
Ierdewurk

Wat ha wy in wille
Alles giet oan barrels
Jûchhei diggeldei dizze dei!

Doe kaam de plysje etsetera…
Wy moasten mei nei it buro
Lokkich is de oaljefant fan Jumbo
En kin’ wy de kommende tiid noflik puzzelje

(Ut: Reidhintsje op ’e Styx, side 35)

anne-feddema-schilderij3

Skilder, skriuwer, muzikant en libbensgenieter Anne Feddema hat de Gysbert Japicxpriis (GJP) krigen foar syn dichtbondel Reidhintsje op ’e Styx. ‘As oft my mei in grutte bliksemskicht dat wurd dwers troch de bealch gien is!’ sei Anne oer dizze eare foar de kamera fan Omrop Knilles. De dagen dêrnei siet Anne fan ’e skrik te bekommen op de Ljouwerter terrassen. En no moat er dêr wer fan bekomme.

‘Ik ha even besocht in bohémien te wêzen, mar úteinlik leit my dat net,’ fertelt Anne by him thús oan ’e kokenstafel, ‘it kin my net skele om bekend te stean as in enfant terrible, mar om no as in poète maudit [ferdomde dichter] troch de tiid te gean is tefolle fan it goeie!’
‘No moat ik my sa stadichoan mar gedrage as in priiswinner: kreas yn ’t pak. Net tefolle op terrassen omhingje. Net samar mei allegearre minsken dûnsje.’

Boerekoal

As de doar fan it hûs fan Anne Feddema iepengiet, stiet der in lyts deftich hûntsje op ’e doarmatte. It stiet fuort each yn each mei de lytse swarte terriër fan Klaas Lageweg, dy’t foar dit fraachpetear in portret fan Anne makke hat.
‘Klaas woe ek even mei,’ sis ik.
‘No, wolkom,’ seit Anne, ‘kom deryn.’
Yn ’e hûs kringelet ús de rook fan koal yn siedend wetter ta de noastergatten yn.
‘Blomkoal,’ sis ik.
‘Nee,’ seit Anne, ‘boerekoal!’

Anne is de kok yn huze-Feddema. ‘Al goed tweintich jier sied ik it iten,’ fertelt er, ‘ik wurkje thús en ha dat wol oan tiid. Myn frou Inge hâldt net fan itensieden. Ja, even fluch mei in pakje.’ Op it gasstel steane twa grutte pannen: ien mei jirpels en ien mei boerekoal. Wylst er noch wat trochgiet mei itensieden sitte Klaas en ik oan ’e kokenstafel mei in kopke tee en in stik koeke.
‘Sietse de Vries fan ’e Ljouwerter Krante wie hjir fan ’e moarn ek al. De tillefoan giet hieltyd. It is wat,’ seit Anne – wylst er blokjes fetspek yn in panne falle lit – oer alle drokte dy’t de priis tewei bringt, ‘mar it is allegearre posityf. Lju hawwe my hiele leuke persoanlike kaartsjes en mails stjoerd. Dat docht my hiel goed.’


Ierappeltsjepompompompompompom
Pompompompompompompompomp!

(Ut: ‘Kokentsje fan Kleekantate’, Reidhintsje op ’e Styx, side 50)

Boeken en doeken

As it folsleine miel safier hinne is dat it letter allinne noch mar even opwaarme hoecht te wurden, giet Anne ús foar de treppens op nei syn atelier – hûntsjes mei. En dêr sjogge we ús de eagen út: boeken, cd’s, kwasten, tuben, doeken. De hiele fliering fan de twa byinoar lutsen arbeiderswenten is Anne syn domein. It sjocht der tige oarderlik út. Anne fertelt dat de boel koartlyn oprêden is, dat er alle boeken útselektearre hat. Steapels boeken steane klear foar de lommert.
Ien wand is foar twatredde betimmere mei in wandkast mei foar alle ferskillende formaten skildersdoeken en doekjes in apart fak. Op ’e grûn steane de beskildere doekjes yn treintsjes mei de rêch nei ús ta. Ien grutte hurdboard-plaat lit ús ien fan Anne syn lêste wurken sjen út ’e searje ‘de kuiertochten fan Tsjaikovski’. Yn in wiidsk lânskip rint in hearskip ûnder driigjend opboljende wolkens.
‘Sjoch,’ seit Anne en hy lit ús in hânfol beskildere bierfiltsjes sjen, ‘je kinne ek gewoan op filtsjes skilderje.’ Ek dêrop de kuierder yn lân en waar.

Rjochts yn ’e hoeke stean in piano en fiif gitaren yn ’e stander. Lâns de wand hûnderten cd’s.
‘Dit is allegearre klassyk,’ seit Anne, ‘ik ha wol in steapeltsje popmuzyk, mar klassyk daget my mear út.’
Lâns alle oare wanden kasten fol mei boeken: literatuer fan oer de wrâld, filosofy, skiednis.
‘Dat is allegearre poëzy,’ wiist Anne in pear kasten oan, ‘der is safolle; safolle te boartsjen foar de geast!’
Yn it âlde sliepkeammerke fan ien fan Anne syn dochters, tusken har puberspreuken op doar en muorre, steane de keunstboeken yn kategoryen: de Dútse ekspresjonisten, de Belgyske keunsters, oer skildertechniken, arsjitektuer, byldzjende keunst.
‘En de porno?’ freget Klaas.
‘Jaaa, dat moat hjir ek wol stean,’ seit Anne en hy hellet in beskaafd boek oer de skiednis fan de pornografyske keunst foar it ljocht.

In dadaïst?

Yntusken begjint de Swarte Blaffer te roppen nei baas Klaas dat er syn nocht hat dêr te stean by dy jeuzeljende mannen op dy kâlde solder. ‘Ik lit jimme allinne,’ seit Klaas, en no kinne wy dan oan tafel sitten gean om te praten oer priis en poëzy.
‘Der siet ien man yn de sjuery, Pieter de Groot, dy’t my wol geunstich gesind is, dy’t wat op hat mei myn wurk,’ oertinkt Anne de kar om him te earen mei de priis. ‘Ik fyn it opfallend dat se net keazen hawwe foar it wurk fan bygelyks Albertina Soepboer.’
Neffens it parseberjocht dat de Provinsje útgean liet oer de takenning fan de Gysbert Japicx-priis nimt Anne Feddema in unyk plak yn binnen de Fryske literatuer. Syn grutte ferbyldingskrêft wurdt priizge; hy skildert mei wurden, en mei de tema’s dêr’t er foar kiest rikt er oer de Fryske grinzen. Foar in neiere útlis is it wachtsjen op it sjueryrapport.

It dichtwurk fan Anne Feddema wurdt wol pleatst yn de tradysje fan it dadaïsme, de anty-streaming yn ’e keunst dy’t gjin streaming wêze wol. ‘Mar dat binne fan dy deadoggers,’ fynt Anne, ‘de tradysje wêryn’t ik skriuw is net persee it dadaïsme.’
En al soe it sa wêze, dan is it noch net sa. Nimmen skriuwt yn ’e tradysje fan dada. De ‘dadaïstyske’ paradox wol ha dat ‘wa’t dada is, is tsjin dada’.
‘It is ûnmooglik om dyn eigen poëzy te pleatsen,’ seit Anne, ‘dat murk Sietse de Vries ek wol doe’t er hjir wie. Hy besocht dat wol, mar dan soe it sa wêze datst in standertskiednis fan dyn eigen poëzy hast.’

Dada is tsjin alles, driuwt mei alles de spot. Dat docht Anne ek yn it gedicht ‘De âlde hannen fan Stravinsky’. Alles yn dat fers stiet yn it spot-ljocht.

De âlde hannen fan Stravinsky

De âlde hannen fan Stravinsky
Kamen fleurich tripkjend
Ut it ‘Katholieke fotoarchief de Spaarnestad’
Hja woene der wolris tuskenút
Se namen de trein rjochting Amsterdam
Yn dy stêd wie in soad te rêden
Hja seagen har fingers út
Oant in Amerikaansk âld wiif, spikergek
Mei in hûd as fan in rezyn
Mar each foar detail rôp:
There the hands of Igor Stravinsky
The composer, a famous man
Skrokken skrillen ús hannen tebek
En waarden tebrizele troch
In foarbykommende tram!

(Ut: Reidhintsje op ’e Styx, side 54)

Nammen

Mar om no te sizzen dat er mei it stimpel dada kategoarysk teplak is? Nee. En moat dat dan? Nee.
Behalve spot sprekt út Anne syn wurk just ek grutte bewûndering foar de keunst. Yn syn gedichten tilt it op fan de nammen út ’e kulturele skiednis: Morfeus, Bach, Liszt, Dostojevsky, Reve, Christopher Walken, Don Quichot, Judas, Dali, Gaudi, Picasso, Mozart, Pier Boorsma, Kristus, Paul Klee, Frankenstein, God, de Dea, Pan, Gorki, …
‘Babs Gezelle Meerburg skreau ris dat se al dy ferwizings mar neat fûn,’ fertelt Anne, ‘mar as ik besykje yn it binnenste te kommen fan immen oars, dan is dat noch altyd myn wei! En de gedichten dêr’t ik nammen fan keunstners yn brûk binne lytse toanielstikjes mei in begjin, in midden en in ein. Dy steane op harsels.’
‘Ik brûk dy nammen ek as in oanrikkemedaasje. Ik wol in gefoel dat in keunstwurk by my opropt diele! Dat moat in oar ék witte!’, leit er út en glimket dan, ‘dus eins is it gewoan in soarte fan messiaanske goedens fan my.’

It bytsje wiisdom dat de wrâld besit,
is deryn brocht troch gekken. (Mirabeau)

Begraffenis fan Hölderlin

Dyn krûdige fergeastlike wynsels
As wurden waaie yn ’e beam
Lêste wurden fan in gek
Ik libje net
Bin net dea
Ik dream!

(Ut: Reidhintsje op ’e Styx, side 39)

Anne syn struien mei nammen út ’e kulturele skiednis hoecht ús dus net ôf te skrikken. It binne tips om ris fierder te sjen as ús noas oant no ta lang is. Mar boppedat steane de fersen op harsels. Dêryn bart genôch.
Yn Anne syn gedichten is der altyd in spanningsbôge tusken mankelikens of weemoed en in soarte fan groteske humor. It dichtsjen is foar Anne in ferwurkjen fan dea, leafde en nonsens: de dea fan syn heit, de leafde foar syn frou, of de famkes fan it pankoekskip.

De fankes fan it pankoekskip

Wat bin’ jim jong
Ik wol no net witte
Dat jim hjoedhûdige strakkens
Yn âldwiif Baba Jaga
Fellen en bellen feroarje sil
Jou my nó jim
Hurd diamanten herten
Dêr’t ik nea yn wenje mei
Ik moat oerlibje
Weagjend op jim
Sêfte bestellingstimmen

(Ut: Reidhintsje op ‘e Styx, side 16)

Spek en pantoffels

As we noch mar kwalik oan ’e praat binne oer de dichterij komme Anne syn frou Inge en dochter Femke de hûs yn. Inge smyt Anne fleurich in sjaal en mûtse fan ’e Zeeman ta. Ut in oare tas komt in droege woarst, en Femke smyt in pear kuiersokken op ’e tafel. Inge en Anne sille moarn fiifentweintich kilometer kuierje. ‘En dan moatte je goede sokken oan hawwe!’ En Inge skoot ek noch in boek oer de tafel, Herinneringen aan Rusland fan Egbert Engberts. ‘Dêr hast it al, al wer in boek,’ seit Anne, ‘sa giet dat mar troch!’

Femke giet de doar wer út en Anne set de stamppot-boerekoal mei woarst en de spekjes op ’e tafel. En ik sko it notysjeblok oan ’e kant.
‘Do hast wol wat mei spek!’ sis ik. (Yn trije fersen yn Reidhintsje op ’e Styx, side 17, 23 en 57 komt spek foar).
‘Ja,’ laket Anne, ‘ik fyn spek wol in moaie útfining. We hawwe hjir yn ’e koken wolris in stik spek oan in toutsje hân. Dêr snijde ik dan in stik fanôf.’
‘Miskien wol ’k eins wol boer wêze,’ mompelet er der efteroan.

As we oan it neigesetsje – yoghurt mei ranja en in heale pjisk – ta binne, stel ik foar dat we it petear der no fierder mar by litte. It is sa stadichoan jûntiid, en al hawwe we it noch mar kwalik oer poëzy hân, it moat ek net te gek wurde!
‘Bêst,’ fynt ek Anne.

Nei de kofje stap ik op.
De hiele tiid wiene my Anne syn pantoffels al opfallen. Se sjogge der nochal nij út, seker sa bûtendoar op it tegelpaadsje.
‘Dat binne net …’
‘Nee, dat binne net dy pantoffels fan it omslach fan ’e Moanne,’ begrypt Anne wat ik bedoel, ‘dy sitte hjiryn!’
Hy stapt op ’e grize kontener ta en hâldt it deksel omheech. Dêr lizze se, de ferneamde pantoffels, boppe op de jiskepûden. Farsk weismiten.
Hie ’k se meinimme moatten?

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *