Jelle Zwart

Fjouwer pylders

logo.ensafh

Jûn komt
oer sinne.
As gjin ljocht
mear skynt,
hâldt fêst
doch net út.

Bewarje ‘t skimerskynsel
fan wat net is.
Weagje ‘t tjuster
as it ljocht
dat gjin is,
doch net út.

Nip de râne
rânerûn de nacht.
Priuw ‘t as âlde jenever
ten earsten hieltyd.
Rin de râne rûn
en wachtsje op.

Nim dan slok.
Net troch drinken
dochs te nippen
oan it tsjuster,
wêryn dyn hope,
dyn neuksel
ferburgen lei.

Om’t fjouwer pylders
fan sjippestien, moarns
myld te wachtsjen stean.
Weagje.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *