Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Anne Feddema

Dit nûmer stiet yn it teken fan Anne Feddema. Hy krijt dizze wike, tongersdei 15 oktober op it stedhûs yn Boalsert, de Gysbert Japicx-priis 2009 útrukt foar syn dichtbondel

Reidhintsje op ’e styx út 2005. De Gysbert Japicx-priis is de wichtichste priis binnen de Fryske literatuer en de priis wurdt om ’e twa jier útrikt, de iene kear foar proaza, de oare kear foar poëzy, sas dit jier.

Anne Feddema hat foar dizze ôflevering in nij gedicht ôfstien, ‘Dea lâns de dyk 1’, de delslach fan in reis nei Ruslân: ‘It wie de dea op skreagen’.

Yn de rige fraachpetearen dy’t Hidde Boersma foar ensafh makket is it dizze kear fansels Anne Feddema dêr’t er by op besite west hat: ‘No moat ik my sa stadichoan mar gedrage as in priiswinner: kreas yn ’t pak. Net tefolle op terrassen omhingje. Net samar mei allegearre minsken dûnsje.’

Fierders

Koos van der Sloot

Yn dizze ôflevering debutearret Koos van der Sloot mei twa gedichten. It binne twa gedichten út in rige ‘aaigedichten’. Fan jongsôf oan hat er al in ‘aaifassinaasje’. Ek as byldzjend keunstner is it ‘aai’ syn tema. Hy makket aai-assemblaazjes: fitrinekastkes mei echte aaien en aaidoaskes, dêr’t er klokken, chipplaten, planken, spikers ensfh. as materiaal by brûkt. It aai is foar Koos van der Sloot in metafoar foar de keunst en dêrnêst in byld foar libben en fruchtberheid, mar ek foar gewisse, siel ensfh. Fan

20 novimber ôf is dat byldzjende wurk te sjen yn it Frysk Natuermuseum yn Ljouwert. Titel fan ’e útstalling: Bal Masqué.
Yn 2005 wie er winner fan it streektaalfestival organisearre troch Noord-Nederlands Orkest, mei de tekst ‘Klaver Fjouwer’. Hy skriuwt ek lietteksten, sa as foar Douwe van der Werff (Diggelfjoer).

Jouke Hylkema
Fansels, it koe net útbliuwe, Jouke Hylkema, krige de opdracht om nei Iran ta om …: ‘No ja, tsjin dy kin ik it der eins ek wol oer hawwe… ik moat foar in opdrachtjouwer twa ûntfierde bern werom sjen te krijen nei Amsterdam.’

Skermer
Hy toant him ‘Foar it Frysk’.

Willem Winters
Willem Winters, hat each foar teksten, wêr dan ek op, dizze kear op trelers: ‘Foar ús rydt in Blue Water! Mar earst mei in foto fan ’e sydkant kin ik myn stikje oer de typografy op trelers & oplizzers dien meitsje.’

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *