Jelma Knol

Brieven oan ús mem

logo.ensafh

Brieven oan ús mem, is it lêste, autobiografyske boek fan Akky van der Veer. Se begjint it ferslach fan har jierren as fammensbern, yn in swier troch de oarloch tramtearre húshâlding, op de waarme, yntime toan dy’t de grutte kracht fan har skriuwerskip is. Meinimmend fertelt se oer har traumatisearre mem, grifformearde opfieding, de perioade dy’t se as tbc-pasjinte yn Sonnevanck trochbrocht en har houlik mei Henk Kuiper, de soan fan de bekende dûmny en KFFB-skriuwer.
Akky van der Veer wol har ferstoarne mem yn brieffoarm útlizze wêrom’t sy en Henk ôfskie namen fan al dy grifformearde wissichheden en se wol wat oerbringe fan har ûngerêstens oer wat der yn de wrâld fan no te rêden is: de stjerrende natoer, de privacy en frijheid fan de minske dy’t troch it digitale tydrek ferdwûn is.
Se fertelt oer de konflikten oer it leauwe mei de famylje fan Henk. Dat smyt hjir en dêr moaie dialogen op. Henk twifele al ier oan de dogma’s fan it grifformeardedom en wie net benaud om syn heit op kategisaasje mei syn twifels te konfrontearjen.
In sitaat út side 89:

Henk: As de ierde, neffens Genesis, noch mar sa’n 6000 jier bestiet, wêr komme de dinosauriërs dan wei?

In moaie fraach is dat. It antwurd is ek net mis:

Syn heit: Ja, dat wit ik net hear.

Twifel is it begjin fan alle wiisheid. It liket my ta dat net allinne Henk Kuiper, mar úteinlik ek syn heit in protte fêstichheden losliet.

Nei side 32 feroaret Brieven oan ús mem fan karakter, sawol ynhâldlik as stylistysk. Dat begjint by it P.S. ûnder oan de side:

“P.S. Soe Jack Kooistra witte wat der nei de oarloch mei Hitler en de nazys bard is? Dat it allegear hiel oars gien is as wat yn ús skiednisboeken stiet? Hieltyd mear histoarisy sette bygelyks in grut fraachteken by de selsmoard fan Hitler op 30 april 1945 yn de Führerbunker. Guon binne fan miening dat de Russen en de Amerikanen yn it geheim in ‘deal’ mei Hitler sletten hawwe, om sadwaande profitearje te kinnen fan de wittenskiplike kennis en de rakettechnology fan de nazys. Alle nazy-kopstikken fan betsjutting soene nei de oarloch yn Argentinië asyl krigen hawwe, ûnder oaren Wernher von Braun, Joseph Mengele en Adolph Eichmann. Hitler sels soe mei in UFO ophelle wêze troch de ferneamde testpiloate Hanna Reitsch en nei Argentinië ta brocht, omdat er drige de hiele wrâld te ferneatigjen mei in atoombom. Hitler soe pas yn 1965 ferstoarn wêze. Hy wie doe 76 jier.”

Eins binne it nei side 32 (op in inkelde útsûndering nei) gjin ‘brieven oan ús mem’ mear. De persoanlike styl ferdwynt en makket plak foar opstelachtige opsommingen fan stúdzjes en teoryen fan oaren. Ik haw it P.S. yntegraal sitearre omdat it dúdlik makket hoe’t de skriuwster yn de rêst fan har boek oannimlike saken – bg. Argentinië as taflechtsoarde foar nazys – trochinoar griemt mei ûnsin lykas de UFO-rêding fan Adolf Hitler. It boek wurdt fan side 32 oant de ein op side 237 in griemmank fan ferhalen oer heldersjenden dy’t lang lyn al foarsein hawwe hoe’t de wrâld nei de barrebysjes gean soe, úttreksels út soms serieuze stúdzjes mei histoaryske bibelkrityk, komplotteoryen oer machtige superelites dy’t op de wrâldmacht útbinne en al ús dwaan en litten digitaal kontrolearje. Jawis, Big Brother is watching ús. Sterker noch: de werklikheid is gauris gekker as watfoar esoateryske komplotteory ek. George Orwell, Anthony Burgess en Kurt Vonnegut hiene fan dizze stoffe mooglik in moai en oangripend boek meitsje kind. Yn literêr opsicht hat Akky van der Veer har hân lykwols oerspile.

brievenmem

Brieven oan ús mem, troch Akky van der Veer; Utjouwerij Elikser, Ljouwert 2013; ISBN 978 90 8954 539 8

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *